Springe nei ynhâld

Denali

Ut Wikipedy
Denali
  berch
De Denali wjerspegele yn in marke.
De Denali wjerspegele yn in marke.
Denali (Alaska)
Denali
Lokaasje fan 'e Denali yn Alaska.
geografy
oare namme Mount McKinley
lân Feriene Steaten
steat Alaska
regio Binnenlân fan Alaska
berchtme Alaskaberchtme
koördinaten 63°04′10″ N 151°00′27″ W
sifers
hichte b. seenivo 6.190 m
relative hichte 5.500 m
oar
soarte berch rotsmassyf
stiensoarte granyt
1e beklimming 1913
1e beklimmer Walter Harper

De Denali (Ingelske útspr.: [dɪˈnɑːli], likernôch: "din-naa-ly"), oant 2015 (ek) bekend as de Mount McKinley, is in berch yn 'e Amerikaanske steat Alaska dy't mei in hichte fan 6.190 m de heechste berch fan Noard-Amearika is. De Denali heart ta it Alaskaberchtme, dat ûnderdiel útmakket fan it Pasifysk Kustberchtme. It is de op twa nei meast isolearre berch fan 'e wrâld, nei de Mount Everest yn 'e Himalaya en de Aconcagua yn 'e Andes. De Denali is in rotsmassyf fan granyt, dat leit yn it dernei ferneamde Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali. Ynsafier bekend waard yn 1903 foar it earst besocht de berch te beklimmen, wêrnei't yn 1913 de earste súksesfolle betwinging fan 'e Denali plakfûn. Fan in ekspedysje fan fjouwer man berikte Walter Harper doe as earste de top.

De namme 'Denali' (eins stavere as Diinaalii) is al sûnt minskewitten de namme fan 'e berch yn 'e Noardatapasyske taal fan 'e Kojûkon-Yndianen, dy't de omkriten bewenje. Dy namme betsjut safolle as "hege berch". Yn 'e tiid dat Alaska as Russysk-Amearika in koloanje fan it Russyske Ryk foarme, waard de berch offisjeel Bolsjaja Gora neamd, dat deselde betsjutting hie, fan bolsjaja (Russysk foar "grut") en gora (Russysk foar "berch"). Doe't Alaska it Amerikaanske Distrikt Alaska foarme, waard de berch oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren Densmore's Mountain ("Densmore's Berch") neamd, nei de goudsiker Frank Densmore, de earste blanke dy't de foet fan 'e Denali berikte.

De Denali út it westen wei besjoen.

Yn 1896 ferneamde in oare goudsiker, William A. Dickey, de berch nei William McKinley, dy't doe in kandidaat foar it presidintskip fan 'e Feriene Steaten wie en yn 1897 ek wier-wier presidint waard. It regear fan 'e Feriene Steaten erkende de namme Mount McKinley formeel op 26 febrewaris 1917, doe't presidint Woodrow Wilson de Wet op it Nasjonaal Park Mount McKinley ûndertekene. Dêrby spile grif mei dat McKinley ûnder syn presidintskip yn 1901 fermoarde wie.

Yn 1975 feroare de Alaska Board of Geographic Names de namme fan 'e berch yn Denali, mar in fersyk fan it Steatskongres fan Alaska oan it federale regear om itselde te dwaan, waard tsjinkeard troch Ralph Regula, in Amerikaansk Kongreslid út Ohio yn waans kiesdistrikt Canton lei, it berteplak fan McKinley. Op 28 augustus 2015 waard omneaming fan 'e Mount McKinley ta de Denali op federaal nivo úteinlings dochs trochfierd troch Sally Jewell, de minister fan Binnenlânske Saken ûnder presidint Barack Obama. De nammeferoaring waard yn Alaska mei ynstimming ûntfongen, mar late ta in protte krityk út Ohio.

De Denali is geologysk sjoen in pjuts fan granyt dy't omheech staat is troch de tektonyske druk fan 'e subduksje fan 'e Pasifyske plaat ûnder de Noardamerikaanske plaat. It sedimintêr materiaal om 'e berch hinne is neitiid fuorthelle troch in miljoenen jierren duorjend proses fan eroazje. De Denali leit op 'e saneamde ring fan fjoer, in seismysk aktive rûnte om 'e Stille Oseaan hinne.

De Denali leit yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Alaska, op 'e grins fan 'e regio's Súdlik Sintraal Alaska yn it suden en it Binnenlân fan Alaska yn it noarden. It is de heechste berch fan it Alaskaberchtme, dat de noardwestlikste útrinner fan it Pasifysk Kustberchtme foarmet. De Denali leit binnen de grinzen fan en dominearret it dernei ferneamde Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali.

De Denali hat in hichte (boppe seenivo) fan 6.190 m, sa is op 2 septimber 2015 fêststeld troch de United States Geological Survey. (Foartiid waard útgien fan in hichte fan 6.194 m, sa't fêststeld wie yn 1952.) Mei dy hichte is it de heechste berch fan Alaska, de Feriene Steaten en hiel Noard-Amearika. As men lykwols útgiet fan totale hichte (it diel fan in berch ûnder it see-oerflak meirekkene) is de Mauna Kea yn Hawaï, mei in totale hichte fan 10.200 m (wêrfan 4.205 m boppe seenivo), de heechste berch fan 'e Feriene Steaten. De Denali is ek de noardlikste berch yn 'e wrâld mei in hichte fan mear as 6.000 m. As men de Denali fan foet oant top mjit, is er 5.500 m heech; dêrmei is it de grutste berch dy't folslein boppe seenivo leit.

De Denali út it easten wei besjoen, mei op 'e foargrûn de Denali National Park Road.

De Denali hat twa ûnderskate berchtoppen (Ingelsk: summits) De South Summit is de heechste, wylst de North Summit oant 5.934 m boppe seenivo rikt. Soms wurdt de North Summit as in aparte berch beskôge, mar yn 'e regel net. De North Summit wurdt ek mar selden beklommen. De Denali is de boarne fan fiif grutte gletsjers: de Petersgletsjer oan 'e noardwestlike kant; de Muldrowgletsjer oan 'e noardeastlike kant; de Traleikagletsjer oan 'e eastkant; de Ruthgletsjer oan 'e súdeastlike kant; en de Kahiltnagletsjer oan 'e súdwestlike kant. Mei in lingte fan 71 km is de Kahiltnagletsjer de langste gletsjer fan it Alaskaberchtme.

De Kojûkon, in Yndiaansk folk fan Atapaskyske oarsprong, libbet fan âlds op 'e fangen fan 'e Denali, dy't se beskôgje as in hillige berch. De earste blanke dy't de berch seach, wie (ynsafier bekend) de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver, dy't op 6 maaie 1794 by it ferkennen fan 'e Knik-earm fan 'e Cook Inlet yn syn lochboek it sjen fan "kolossale bergen omfierrens" (d.w.s. yn it noarden) optekene. De Russyske ûntdekkingsreizger Lavrenty Zagoskin, dy't yn 1843 en 1844 de rin fan 'e rivieren de Tanana en de Kuskokwim ferkende, wie nei alle gedachten de earste Jeropeaan dy't de Denali út it noarden wei waarnom.

De top fan 'e Denali bewale yn wolkens.

William A. Dickey, in goudsiker út Seattle dy't oarspronklik út Nij-Hampshire kaam, wie de earste dy't, yn in krante-artikel fan 24 jannewaris 1897 yn 'e New York Sun, fêststelde dat de Denali sûnder mis de heechste berch fan Noard-Amearika wêze moast. (Foartiid hie men tocht dat dat de Mount Logan yn it Yukonterritoarium fan Kanada wêze moast.) De foet fan 'e Denali waard yn 'e simmer 1902 foar it earst yn kaart brocht troch Alfred Hulse Brooks, in lid fan in ekspedysje dy't útstjoerd wie troch de United States Geographical Survey. Brooks klom op oant him it paad op likernôch 2.300 m heech tichtset waard troch in muorre fan iis. Letter publisearre er yn it tydskrift National Geographic, tegearre mei in oar lid fan 'e ekspedysje, in D.L. Raeburn, in Plan for Climbing Mt McKinley.

Dat artikel krige in protte oandacht, en binne in jier sette in ekspedysje fan berchbeklimmers ôf nei de Denali. Oan it begjin fan 'e simmer fan 1903 besocht rjochter James Wickersham mei fjouwer oaren de berch út it noardwesten wei de beklimmen. Harren besykjen rûn lykwols dea op in fertikale rotswand, de saneamde Wickersham Wall, dy't omreden fan it gefaar foar lawines úteinlik pas yn 1963 foar it earst betwongen wurde soe. Yn 1906 makke de bekende ûntdekkingsreizger Frederick Cook bekend dat er de top fan 'e Denali berikt hie. Dy bewearing waard troch in protte lju leaud, mar troch oaren fan it begjin ôf oan mei erchtinkendheid bejegene. Letter waard bewiisd dat Cook it ferhaal út 'e tomme sûgd hie, wêrby't yn 1951 krúsjaal bewiis levere waard troch Bradford Washburn.

Hudson Stuck en Harry Karstens, de lieders fan 'e ekspedysje fan 1913.

Yn 1910 wisten fjouwer Alaskanen út 'e neite fan 'e Denali (Tom Lloyd, Peter Anderson, Billy Taylor en Charles McGonagall), dy't fierders hielendal gjin ûnderfining mei berchbeklimmen hiene, de (legere) North Summit te berikken. Harren bewearings waarden yn 't earstoan net leaud, mar om't se seine in spjirrehoutene stôk fan 4,2 m lang op 'e North Summit pleatst te hawwen, dy't dêr letter yndie oantroffen waard troch oare berchbeklimmers, moatte se wol deeglik de wierheid sprutsen hawwe. Yn 1912 berikte de Parker-Browne-ekspedysje hàst de top fan 'e South Summit, mar moast 61 meter ûnder de top omkeare fanwegen minder wurdend waar. De deis nei harren weromkear oan 'e foet fan 'e berch waard de gletsjer dy't se beklommen hiene, ferwoastge troch in ierdbeving fan 7,4 op 'e skaal fan Richter.

Uteinlik waard de South Summit, en dêrmei de Denali, foar it earst beklommen op 7 juny 1913, troch Hudson Stuck, Harry Karstens, Walter Harper en Robert Tatum. Harper wie de earste dy't de top berikte. Foar harren beklimming makke it fjouwertal gebrûk fan 'e rûte oer de Muldrowgletsjer, dy't ek tsjintwurdich noch faak folge wurdt. It wie Stuck dy't mei in fierrekiker befêstige dat der in lange spjirrehoutene stôk op 'e North Summit oanbrocht wie. Dy stôk is lykwols letter nea mear sjoen, sadat der altyd in beskate twifel oer de beklimming fan 'e North Summit yn 1910 bestean bleau. Hjoed oan 'e dei wurdt der lykwols algemien fan útgien dat Stuck, dy't gjin reden hie om te ligen, de wierheid spriek.

Yn 2003 wiene krapoan hûndert berchbeklimmers by de beklimming fan 'e Denali omkommen. Berchbeklimmers dogge der no oer it algemien twa oant fjouwer wiken oer om 'e berch te beklimmen. De Denali wurdt faak beklommen om't it ien fan é Sân Toppen is, de sân heechste bergen fan 'e sân wrâlddielen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.