1903
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1898 | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1903 MCMIII |
Ab urbe condita | 2656 |
Armeenske kalinder | 1352 ԹՎ ՌՅԾԲ |
Etiopyske kalinder | 1895 – 1896 |
Hebriuwske kalinder | 5663 – 5664 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1958 – 1959 |
- Shaka Samvat | 1825 – 1826 |
- Kali Yuga | 5004 – 5005 |
Iraanske kalinder | 1281 – 1282 |
Islamityske kalinder | 1321 – 1321 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4599 – 4600 己寅 – 庚卯 |
1903 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1903.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 14 jannewaris - Yn Amsterdam brekt in spoarstaking út.
- 18 jannewaris - Guglielmo Marconi makket de earste radioferbining tusken de Feriene Steaten en Ingelân.
- 19 jannewaris - Yn Parys wurdt de Académie Goncourt oprjochte, dy't út 'e neilittenskip fan Edmund de Goncourt alle jierren it boek mei de measte fantasij bekroane sil mei de Prix Goncourt.
- 22 jannewaris - It Kolombiaanske parlemint wegeret en ratifisearje it Hay-Herránferdrach, dat de pacht troch de Feriene Steaten regelet fan in stripe lân yn 'e Kolombiaanske provinsje Panama, dêr't it Panamakanaal oanlein wurde moat.
- 19 febrewaris - De Fenezolaanske Krisis wurdt beëinige mei in ûnder swiere druk fan 'e Feriene Steaten berikt kompromis tusken Fenezuëla oan 'e iene kant en it Feriene Keninkryk, Dútslân en Itaalje oan 'e oare kant.
- 23 febrewaris - Kuba en de Feriene Steaten slute in ferdrach dat de pacht troch de Feriene Steaten regelet fan in gebiet oan 'e mûning fan 'e Guantánamobaai, oan 'e súdeastkust fan it lân. De Feriene Steaten wolle dêr in marinebasis oanlizze.
- 5 maart - Dútslân slút mei it Osmaanske Ryk in ferdrach dat it lân it rjocht jout om 'e saneamde Bagdadspoarline oan te lizzen, in spoar fan 'e Dútske haadstêd Berlyn nei Bagdad yn it Mesopotamyske diel fan it Osmaanske Ryk.
- 20 april - Yn 'e stêd Kisjinev, yn it suden fan Ruslân (no Chişinău, de haadstêd fan Moldaavje), fynt in antysemityske pogrom plak, wêrby't teminsten 45 Joaden om hals brocht wurde en mear as 400 ferwûne reitsje.
- 11 juny - By in bloedige steatsgreep yn it Keninkryk Servje wurde kening Aleksander I, út it Hûs Obrenović, en syn rûnom hate frou Draga Mašin, fermoarde.
- 15 juny - Yn it Keninkryk Servje wurdt Peter I, út it Hûs Karađorđević, kening yn it plak fan 'e fjouwer dagen lyn by in steatsgreep fermoarde Aleksander I út it rivalisearjende Hûs Obrenović.
- 16 juny - De Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen set mei it skip de SS Gjøa ôf nei it Arktysk Gebiet, om dêr te sykjen nei de Noardwestlike Trochfeart tusken Noard-Amearika en it poaliis.
- 25 juny - Yn Parys promovearret de Poalsk-Frânske natuerkundige Maria Curie-Skłodowska, better bekend as Marie Curie, cum laude op in proefskrift oer radioaktiviteit.
- 1 july - Yn 'e Frânske haadstêd Parys giet de earste edysje fan 'e Tour de France fan start.
- 3 july - Yn Fryslân komt de earste edysje fan it Frysk Deiblêd út.
- 20 july - Yn Masedoanje, in diel fan it Osmaanske Ryk, brekt ûnder de etnysk Masedoanyske befolking de Opstân fan Ilinden út.
- begjin augustus - Easterlittens wint mei H. v.d. Feer, Th. v. Buren en S. v. Buren de 1e Freulepartij.
- 10 augustus - By de Brân yn de Paryske Metro komme 84 minsken om.
- 23 augustus - Op it 6e Sionistysk Kongres, holden yn it Switserske Basel, presintearret Theodor Herzl syn plan om in Joadske steat te stiftsjen yn Palestina.
- 16 septimber - Yn Eastenryk-Hongarije ûntstiet in politike krisis as it Keninkryk Hongarije de hakken yn it sân set en wegeret mei te wurkjen oan it plan fan it Keizerryk Eastenryk foar de oprjochting fan in feriene Eastenryksk-Hongaarsk leger.
- 22 oktober - Nei in jierrenlang skeel slute de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk in oerienkomst oer de ferrin fan 'e grins tusken de Amerikaanske steat Alaska en de oangrinzgjende dielen fan Kanada. Dêrby hawwe de Feriene Steaten op frijwol alle ûnderdielen harren sin krigen en binne de Kanadeeske beswieren dêrtsjin fierhinne oan kant reage.
- 3 novimber - Yn 'e Kolombiaanske provinsje Panama brekt in revolúsje út, dy't fierhinne oanstifte is troch de Feriene Steaten, yn reäksje op 'e wegering fan Kolombia om in stripe lân yn Panama oan 'e Amerikanen te ferpachtsjen dêr't it Panamakanaal groeven wurde moat. By dizze Panameeske Revolúsje wurdt de ûnôfhinklikheid fan Panama útroppen en gripe al hiel gau Amerikaanske marineskippen en mariniers yn om 'e Amerikaanske belangen yn Panama "te beskermjen". It resultaat is dat Panama in soarte fan Amerikaanske fazalsteat wurdt, wylst Kolombia mei lege hannen stiet.
- 17 novimber - Bolivia ferkeapet foar in bedrach ter wearde fan £2 miljoen Acre, in diel fan it Amazônegebiet, oan Brazylje.
- 18 novimber - It regear fan it koartby ûnôfhinklik wurden Panama slút in ferdrach mei de Feriene Steaten, wêryn't de Amerikanen alle rjochten ferliend wurde dy't nedich binne foar de oanlis fan it Panamakanaal. De Panamakanaalsône, in stripe lân fan 10 myl breed, wurdt "oant yn ivichheid" oan 'e Feriene Steaten ferpachte foar in bedrach fan $10 miljoen yn ien kear en in jierlikse betelling fan $250.000.
- 6 desimber - Mei de oerjefte fan 'e lêste Atjeeske fersetslieders oan 'e Nederlânske generaal J.B. van Heutsz komt in ein oan 'e Atjee-oarloch op Sumatra.
- 10 desimber - By de Brân yn it Iroquois Theater yn Chicago komme 600 minsken om.
- 11 desimber - It Britske regear stjoert út Britsk-Ynje de Tibet-ekspedysje oer de Himalaya nei Tibet ta, om dat lân ta iepenstelling foar hannel te twingen.
- 17 desimber - Op it strân by Kitty Hawk, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina, meitsje de Bruorren Wright de earste flecht mei in fleanmasine.
- datum ûnbekend - De Nederlânske kardiolooch Willem Einthoven fynt it elektrokardiogram (ECG) út
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 21 - Alex Bein, Dútsk-Israelysk skiedkundige en argivaris († 1988)
- 23 - Sijas Paulus Akkerman, Frysk winkelman en romanskriuwer († 1981)
- febrewaris
- 13 - Georges Simenon, Waalsk skriuwer († 1989)
- 25 - Wiebe Jannes Formsma, Nederlânsk histoarikus en publisist († 1999)
- maart
- 7 - Thomas Yellowtail, Amerikaansk aktivist en medisynman fan 'e Krieën († 1993)
- april
- 6 - Wytze Brandsma, Frysk letterkundige († 1987)
- 12 - Jan Tinbergen, Nederlânk ekonoom en natuerkundige († 1994)
- maaie
- juny
- 7 - Jan Siebenga, Frysk bistedokter († 1987)
- 23 - Hans Christian Branner, Deensk skriuwer († 1966)
- 25 - George Orwell (Eric Arthur Blair), Ingelsk skriuwer († 1950)
- july
- 1 - Hendrik van der Wielen, Nederlânsk boargemaster († 1999)
- 2 - kening Olaf V fan Noarwegen († 1991)
- 5 - Hein Vos, Frysk ekonoom en politikus († 1972)
- 14 - Albert Sustring, Frysk edelsmid, bestjoerder, publisist en frisiast († 2001)
- augustus
- 7 - Louis Leakey, Ingelsk-Keniaansk argeolooch en paleöntolooch († 1972)
- oktober
- 14 - Titus Leeser, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1996)
- novimber
- 7 - Albert Helman, Surinaamsk-Nederlânsk skriuwer († 1996)
- 11 - Age van der Zee, Frysk heechljepper († 1982)
- desimber
- 5 - Johannes Heesters, Nederlânsk-Dútsk operasjonger en akteur († 2011)
- 8 - Anje Lok, Frysk ûnderwizer en fersetsman († 1944)
- 17 - Erskine Caldwell, Amerikaansk skriuwer († 1987)
- datum ûnbekend
- Susie Walking Bear Yellowtail, Amerikaansk aktiviste († 1981)
- Willem Kok, Frysk taalkundige en oersetter († 1969)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 7 febrewaris - Jacobus van Loon, Frysk ûndernimmer, politikus en frisiast (* 1821)
- 3 maart - Henry R. Porter, Amerikaansk legerdokter (* 1848)
- 13 maart - Nicolaas Beets, Nederlânsk skriuwer, dichter en predikant (* 1814)
- 9 maaie - Paul Gauguin, Frânsk keunstskilder (* 1848)
- 23 juny - Johannes Dirks Baarda, Frysk notarisklerk en skriuwer (* 1836)
- 17 july - James McNeill Whistler, Amerikaansk keunstskilder (* 1834)
- 20 july - paus Leo XIII (* 1810)
- 1 augustus - Calamity Jane, Amerikaansk froulik pionier (* 1852)
- 4 novimber - Peter Wilhelm Janssen, Eastfrysk-Nederlânsk keapman en filantroop (* 1821)
- 11 novimber - Tsjeppe Earn (Pretty Eagle), opperhaad fan 'e Krieën (* 1846)
- 3 desimber - Obbe Rommerts, Frysk útjouwer en fakbûnsman (* 1835)
- datum ûnbekend
- Dirk Dekker, Nederlânsk skriuwer (* 1822)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- Nynke fan Hichtum, Afke's Tiental (oerset yn it Frysk as De Tsien fan Martens Afke)
Jierren: | 1898 | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|