Kiesdistrikt
In kiesdistrikt of konstituïnsje is in dielgebiet fan in lân dêr't by ferkiezings op deselde kandidaten stimd wurde kin. Yn 'e regel is it inkeld oan kiezers dy't binnen de grinzen fan sa'n kiesdistrikt wenje, tastien om dêr mei te dwaan oan 'e ferkiezings. Ut ien kiesdistrikt kin ien of mear as ien kandidaat keazen wurde foar in sit yn in folksfertsjintwurdigjend lichem. It kiessysteem dat foar kiesdistrikten yn gebrûk is, kin fan it iene ta it oare lân (en sels yn ferskillende dielen of by ferskillende soarten ferkiezings binnen itselde lân) sterk útinoar rinne.
Underskate kiessystemen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Angelsaksyske lannen is it bygelyks wizânsje dat de kandidaat dy't de measte stimmen kriget, it kiesdistrikt wint, en dat mei de rest fan 'e stimmen neat dien wurdt (it saneamde first-past-the-post-systeem). Yn oare lannen (wêrûnder Nederlân), dy't in systeem fan proporsjonele fertsjintwurdiging hawwe, wurde de stimmen út alle kiesdistrikten op ien grutte bulte smiten en krije politike partijen in tal kandidaten yn 'e folksfertsjintwurdiging dat evenredich is oan it totale tal stimmen dat der by de ferkiezings op harren útbrocht is. Wer oare lannen hawwe in mingfoarm fan dizze beide kiessystemen, sa't bygelyks yn Skotlân (allinnich by de ferkiezings foar it regionale Skotske Parlemint) it gefal is.
By it first-past-the-post-systeem, dat ek wol it kiesdistriktestelsel neamd wurdt, binne de kandidaten dy't keazen wurde, ferbûn oan har kiesdistrikt, sadat de lju dêre in oansprekpunt hawwe foar kwestjes op it mêd fan polityk en belied dy't harren dwaande hâlde. By in systeem fan proporsjonele fertsjintwurdiging giet de bân tusken kandidaat en kiesdistrikt as bywurking fan 'e earliker kiesmetoade ornaris ferlern.
Kieskringen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kiesdistrikten yn Nederlân, dy't formeel kieskringen hjitte, binne in oerbliuwsel fan it kiesdistriktestelsel dat hjirre oant de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht yn 1917 fan krêft wie. Der binne 20 kieskringen, wêrfan 19 yn Nederlân plus in tweintichste dy't Karibysk Nederlân omfiemet. De provinsje Fryslân foarmet dêrby yn syn gehiel kieskring 2. Dizze kieskringen besteane noch altyd om't se de regionale sprieding fan kandidaten foar de ferkiezings fan 'e Steaten-Generaal befoarderje soene. Yn 'e praktyk merkt de kiezer lykwols frijwol neat fan it bestean fan dizze ynstellings. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten soarget it bestean fan 'e kieskringen derfoar dat lju dy't bûten de oangeande provinsje wenje, har net kandidaat stelle kinne foar in sit yn 'e Steaten fan dy provinsje. By de gemeenteriedsferkiezings foarmet eltse gemeente ien kieskring.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |