Springe nei ynhâld

Krite fan de Baai fan San Francisco

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baaikrite)
Krite fan 'e Baai fan San Francisco
San Francisco Bay Area
De Golden Gate Brêge by San Francisco.
De Golden Gate Brêge by San Francisco.
polityk
soarte gebiet geografyske en
   kulturele regio
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
grutste plak San Jose
sifers
ynwennertal 7.760.000 (2020)
oerflak 18.040 km²
befolkingstichtens 430,2 / km²
oar
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
koördinaten 37°81′ N, 122°37′ W
offisjele webside
www.bayareametro.gov
kaart
De Golden Gate Brêge by San Francisco.
De lizzing fan 'e njoggen countys fan 'e Baaikrite (read) yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje (griis).

De Krite fan 'e Baai fan San Francisco (Ingelsk: San Francisco Bay Area), ornaris oantsjut as de Baaikrite (Ingelsk: Bay Area), is in geografyske en kulturele regio yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It gebiet leit yn Noardlik Kalifornje, om 'e Baai fan San Francisco (Ingelsk: San Francisco Bay) hinne. It bestiet út njoggen countys dêr't trije fan 'e tsien grutste stêden fan Kalifornje lizze, te witten: San Jose, San Francisco en Oakland. De Baaikrite omfettet ek de softwareprodusearjende yndustry fan Silicon Valley en de wynboustreek fan 'e Napadelling. It gebiet stiet bekend om syn ekonomyske wolfeart en syn progressive polityk.

De Feriening fan Oerheden út 'e Baaikrite (Association of Bay Area Governments, ABAG) definiëarret de Baaikrite as de njoggen countys yn Noardlik Kalifornje dy't oan kusten lizze fan 'e Baai fan San Francisco en inkele dêrmei yn ferbining steande lytsere baaien. Dat betsjut dat it gebiet in oerflak fan 18.040 km² hat. De njoggen countys binne:

Neffens it argeologysk bewiis dat anno 2024 bekend is, giet de minsklike bewenning fan 'e Baaikrite troch Yndianen teminsten tsientûzen oant mooglik wol tolvetûzen jier tebek. De mûnlinge oerlevering fan 'e Miwok en de Ohlone, de Yndiaanske folken dy't it gebiet yn 'e histoaryske tiid bewennen, suggerearret dat sy der al tûzenen jierren tahâlde. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't de Pasifyske kust fan 'e Baaikrite ferkende, wie yn 1542 Juan Rodríguez Cabrillo. Dyselde naam al it lân dat er seach formeel yn besit foar de Spaanske Kroan. De Baai fan San Francisco sels en it binnenlân waarden yn 1769 foar it earst ferkend troch Gaspar de Portolà.

De Baaikrite hearde mei de rest fan Kalifornje ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje oant dy yn 1821 it koloniale jok ôfskodde en ûnôfhinklik waard ûnder de namme Meksiko. Noch it Spaanske koloniale bestjoer, noch it nije Meksikaanske regear bekroade him om it gebiet, dat fier út 'e reek lei. Ynstee waard de kust fan Noardlik Kalifornje yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw ferkend troch Russyske ûntdekkingsreizgers, dy't yn 'e iere njoggentjinde iuw oan 'e Baai fan San Francisco in eigen fêsting bouden. Fan 'e 1820-er jierren ôf begûnen blanke jagers en kolonisten yn it gebiet te arrivearjen dy't fia it Oregon Trail en it California Trail oerkamen út it easten fan 'e Feriene Steaten.

De wynboustreek yn 'e Napadelling.

Yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, dy't yn 1845 útbriek, waard Kalifornje ferovere troch de Feriene Steaten. By it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, dat yn 1848 in ein oan 'e striid makke, waard Meksiko twongen om û.o. Kalifornje formeel en definityf oan 'e Amerikanen ôf te stean. Datselde jiers ûntdiek James W. Marshall yn 'e bergen fan Noardlik Kalifornje goud, wat late ta de Kalifornyske Goudkoarts, dy't yn 'e seis jier oant 1854 yn totaal likernôch 250.000 goudsikers nei it gebiet ta lokke. De Baai fan San Francisco wie in natuerlike haven en spile dêrom in grutte rol as poarte fan Kalifornje foar al dyjingen dy't oer see kamen. Mei de kolonisaasje fan it gebiet gie it yn dy tiid sadwaande tige hurd.

Yn 1850 waard Kalifornje as de 31e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. Yn dyselde snuorje waard de oarspronklike Yndiaanske befolking fan Kalifornje, ek yn 'e Baaikrite, op ûnmeilydsume wize ferfolge en útmoarde yn wat tsjintwurdich de Kalifornyske Genoside neamd wurdt.

Nei't yn 1869 it Earste Transkontinintale Spoar reekaam, dat oan 'e westkust by San Francisco einige, waard it foar kolonisten út it Easten folle makliker en feiliger om 'e reis nei Noardlik Kalifornje te meitsjen. Noch makliker waard soks doe't yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw ferskate transkontinintale autodiken oanlein waarden. De grutte Ierdbeving fan San Francisco, fan 18 april 1906, koste tûzenen minsken it libben, mar koe de migraasje net ôfskrikke. De stream fan nijynkommelingen berikte in hichtepunt yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, doe't boeren út 'e troch stofstoarmen teheistere midden fan it lân massaal nei it westen ta kloften.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch spile de Baaikrite in rol fan grut belang foar it Pasifyske Front tsjin Japan. Der leine grutte marinebases en skipswerven. Yn 'e 1960-er jierren ûntjoech de Baaikrite him ta in bolwurk fan 'e subkultuer fan 'e hippys en fan progressiviteit yn it algemien. Fan 'e 1980-er jierren ôf late de groei fan 'e softwareyndustry fan Silicon Valley ta it ûntstean fan grutte ekonomyske wolfeart.

Silicon Valley omfettet it grutste sintrum fan 'e softwareyndustry fan 'e wrâld.

De ekonomy fan 'e Baaikrite stipet yn haadsaak op fjouwer ûnderskate pylders: de softwareyndustry yn Silicon Valley, it toerisme en de finansjele sektor fan San Francisco en de wynbou yn 'e Napadelling. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch hat him sadwaande yn it gebiet in regionale ekonomy ûntjûn mei in bruto produkt fan mear as $700 miljard. Yn 2018 wie yn 'e Baaikrite de op twa nei grutste konsintraasje fêstige (nei Los Angeles en New York) fan 'e 500 meast winstjaande Amerikaanske bedriuwen.

Foarbylden binne elektroanikaprodusinten Apple en Hewlett Packard; softwareprodusinten Intel, Adobe, Cisco Systems en Symantec; sosjale-mediabedriuw Meta (de memme-ûndernimming fan û.m. Facebook en Instagram); sykmasines Alphabet (de memme-ûndernimming fan Google) en Yahoo!; streamingtsjinst Netflix; tekenfilmstudio Pixar; taksybedriuw Uber; feilingwebside eBay; ierdoaljemaatskippij Chevron; creditcardbedriuw Visa; bank Wells Fargo; kleanprodusint Levi Strauss & Co.; winkelkeatling Gap; en fleantúchbouwer Lockheed Martin.

Yn 'e Baaikrite wennen yn 2020 7.760.000 minsken, sadat de befolkingstichtens der 430,2 persoanen de km² bedroech. Dat sifer is in gemiddelde, dat op it plattelân fansels folle leger útfalt en yn 'e stêden folle heger. De trije grutste stêden fan 'e Baaikrite binne San Jose mei 1.016.000 ynwenners, San Francisco mei 852.000 ynwenners en Oakland mei 414.000 ynwenners.

Fan alle ynwenners fan 'e Baaikrite wie yn 2014 32% bûten de Feriene Steaten berne. It gebiet hat mei dêrtroch ien fan 'e meast etnysk ferskate befolkings fan it lân. Yn 2010 bestie 42,4% fan 'e befolking fan 'e Baaikrite út blanken, 23,5% út Latino's, 23,3% út Aziaten, 6,7% út swarten, 0,7% út Yndianen, 0,6% út Polyneezjers, Melaneezjers en Mikroneezjers en 2,8% út oaren en lju fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Latino's wiene de Meksikanen mei 17,9% (fan 'e totale befolking) de grutste groep, en fan 'e Aziaten de Sinezen mei 7,9%.

De Universiteit fan Kalifornje, Berkeley ûntjoech him yn 'e 1960-er jierren ta it sintrum fan 'e hippybeweging.

Kultureel ferskilt de Baaikrite frijwat fan 'e measte oare dielen fan Noardlik Kalifornje (mar faaks net sa bot fan 'e stêdekloften fan Los Angeles en San Diego yn Súdlik Kalifornje). Yn 'e 1960-er jierren ûntjoech de Baaikrite, en spesifyk de kampus fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley, him ta it wrâldsintrum fan 'e subkultuer fan 'e hippys. Sûnt is it gebiet altyd folle progressiver bleaun as de rest fan 'e Feriene Steaten. Mei dêrom hat San Francisco ien fan 'e grutste en lûdroftichste mienskippen fan homoseksuelen en lesbiënnes fan hiel it lân en fan 'e wrâld.

De Baaikrite hat in Mediterraan klimaat mei waarme oant hjitte simmers en mylde oant koele winters, dat karakteristyk is foar de kust fan Kalifornje. Fierwei de measte delslach (82%) falt yn 'e perioade fan novimber oant en mei maart, wylst de rest fan it jier oer it algemien drûch is, mei in protte sinneskyn. Yn San Francisco, dat oan trije kanten troch oerflaktewetter omjûn is, kin der yn it simmerseizoen út en troch tichte mist foarkomme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.