Springe nei ynhâld

Noardlik Kalifornje

Ut Wikipedy
Noardlik Kalifornje
Northern California
polityk
soarte gebiet geografyske en
   statistyske regio
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
grutste plak San Jose
sifers
ynwennertal 15.775.319 (2020)
oerflak 277.620 km²
befolkingstichtens 56,8 / km²
oar
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
kaart
Noardlik Kalifornje (read) yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

Noardlik Kalifornje (Ingelsk: Northern California, gauris ôfkoarte ta NorCal) is in geografyske, statistyske en kulturele regio yn 'e Feriene Steaten, dy't it noardlike en sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje beslacht. It gebiet omfettet de stêdekloften fan San Francisco en Sacramento, de Sintrale Delling mei syn fruchtbere lânbougrûn, de Sierra Nevada op 'e grins mei Nevada en it ûnherberchsume berchlân yn it uterste noarden. Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2020 hie Noardlik Kalifornje doe in befolking fan 15,8 miljoen minsken.

Noardlik Kalifornje beslacht likernôch it noardlike twatrêdepart fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, besteande út 48 countys:

Noardlik Kalifornje grinzget yn it noarden oan 'e Amerikaanske steat Oregon en yn it easten oan 'e Amerikaanske steat Nevada. Yn it westen wurdt it gebiet begrinzge troch de Stille Oseaan. De skieding mei Súdlik Kalifornje, dat it súdlike trêdepart fan 'e steat Kalifornje beslacht, is in likernôch rjochte line op 35°45′ noarderbreedte, dy't foarme wurdt troch de súdgrinzen fan Monterey, Kings, Tulare en Inyo Countys. It totale oerflak fan Súdlik Kalifornje bedraacht 277.620 km².

De countys fan Noardlik Kalifornje.

It tichtst befolke diel fan Noardlik Kalifornje is de Baaikrite om 'e Baai fan San Francisco hinne, dêr't de stêdekloft fan San Francisco leit. Dy baai is de iennichste tagong ta de see út 'e Sintrale Delling wei, in oar relatyf tichtbefolke diel fan Noardlik Kalifornje. De Sintrale Delling is in leechlân omjûn troch berchtmen dat him nei it noarden ta yn it streamgebiet fan 'e rivier de Sacramento útwreidet as de Sacramentodelling, en nei it suden ta by de rivier de San Joaquin lâns as de San Joaquindelling.

Oan 'e westkunst wurdt de Sintrale Delling begrinzge troch de berchrêgen fan it Pasifysk Kustberchtme, lykas it Diabloberchtme, it Santa Luciaberchtme, it Gabilanberchtme en it Santa Cruzberchtme besuden de Baai fan San Francisco en it Sonomaberchtme en it Klamathberchtme noardlik dêrfan. Fuort benoarden de Baai fan San Francisco lizze ek de wyngerds fan 'e Napadelling, dêr't de measte Kalifornyske wyn wei komt. It uterste noarden fan Noardlik Kalifornje wurdt behearske troch de Cascades, in berchtme dat net ta it Pasifysk Kustberchtme heart, mar ta de eastliker rinnende Nevadaberchtmekeatling.

Eastlik fan 'e Sintrale Delling riist yn it ferlingde fan 'e Cascades de Sierra Nevada op, dy't de grins mei de steat Nevada markearret. De Sierra Nevada omfettet de heechste bergen fan Kalifornje, wêrûnder de Mount Whitney, dy't mei in hichte fan 4.421 m boppe seenivo it heechste punt fan 'e steat is. Fierders leit yn 'e Sierra Nevada ek de Tahoemar, dy't de djipste mar fan Kalifornje is en teffens de grutste berchmar fan hiel Noard-Amearika. Yn it suden fan it berchtme leit deunby de grins mei Nevada de bedelte fan Death Valley mei dêryn it Badwater Basin, dat mei 85 m ûnder seenivo it leechste (en hjitste) punt fan Noard-Amearika is.

De skyline fan San Francisco.

Noardlik Kalifornje waard fanôf teminsten 10.000 jier lyn bewenne troch in grut ferskaat oan Yndiaanske folken, ferdield oer in noch grutter tal lytse stammen. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't de kust fan it gebiet ferkende, wie yn 1542 Juan Rodríguez Cabrillo. Dyselde naam al it lân dat er seach formeel yn besit foar de Spaanske Kroan. Noardlik Kalifornje kaam sadwaande yn namme ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje te hearren, al lei it safier fan it koloniale machtssintrum yn Meksiko-Stêd ôf, dat de bewenners fan it gebiet dêr iuwenlang frijwol neat fan murken. Yn 1579 besocht de Ingelske seefarder Francis Drake de kust fan Noardlik Kalifornje.

Wylst yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw de Spanjerts harren hearskippij oer Súdlik Kalifornje fêstigen, waard de kust fan Noardlik Kalifornje yn dyselde snuorje ferkend troch Russyske ûntdekkingsreizgers, dy't dêr yn 'e iere njoggentjinde iuw oan 'e Baai fan San Fransisko in eigen fêsting bouden. Nei't Nij-Spanje yn 1821 ûnder de nije namme Meksiko ûnôfhinklik wurden wie, kaam Noardlik Kalifornje by dat lân te hearren. Ek troch it Meksikaanske regear waard amper nei de ôfhandige regio omsjoen. Fan 'e 1820-er jierren ôf begûnen der lykwol blanke jagers en kolonisten yn it gebiet te arrivearjen dy't fia it Oregon Trail en it California Trail oerkommen wiene út it easten fan 'e Feriene Steaten.

Yn 1846 kamen de Amerikaanske kolonisten yn opstân tsjin it Meksikaanske bewâld by wat de Beareflaggerebûlje neamd wurdt (de brune bear pronket noch altyd op 'e Kalifornyske flagge). De Meksikanen waarden foar in part ferdreaun, en de kolonisten rôpen de Republyk Kalifornje út, mei as presidint William B. Ide. Dy steat wie lykwols mar in koart libben beskern, mei't ûnderwilens de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch útbrutsen wie. De Amerikaanske Marine besette de kust fan 'e Baai fan Monterey en sette dêrwei it binnenlân yn. Wat der noch oer wie fan 'e Meksikanen yn Noardlik Kalifornje kapitulearre doe binnen in moanne. By it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, dat yn 1848 in ein oan 'e oarloch makke, wie Meksiko twongen om hiel Kalifornje en ferskate oare noardlike gebietsdielen foargoed ôf te stean.

Kustmammoetbeammen yn it Nasjonaal Monumint Muir Woods.

Koart nei ôfrin fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard der goud ûntdutsen yn Noardlik Kalifornje, wat late ta de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. Tûzenen saneamde forty-niners sylden om Kaap Hoarn hinne, of teagen troch de fan sykten optillende jungles fan Panama, of kamen gewoan geandefoets út it Easten wei opsetten mei de dream om har fortún te meitsjen mei goudsykjen. De Kalifornyske Goudkoarts duorre fan 1848 oant 1854, en yn dy tiid fûnen sa'n 250.000 goudsikers mei-inoar mear as $200 miljoen oan goud. It oanwinnen fan 'e befolking hie ta gefolch dat Kalifornje al yn 1850 as folweardige steat ta de Amerikaanske Uny talitten waard. Yn dyselde snuorje waard de oarspronklike Yndiaanske befolking fan Kalifornje op ûnmeilydsume wize ferfolge en útmoarde yn wat tsjintwurdich de Kalifornyske Genoside neamd wurdt.

Nei't yn 1869 it Earste Transkontinintale Spoar reekaam, dat oan 'e westkust by San Francisco einige, waard it foar kolonisten út it Easten folle makliker en feiliger om 'e reis nei Noardlik Kalifornje te meitsjen. Noch makliker waard soks doe't yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw ferskate transkontinintale autodiken oanlein waarden. De grutte Ierdbeving fan San Francisco, fan 18 april 1906, koste tûzenen minsken it libben, mar koe de migraasjestream net ôfskrikke. De stream fan nijynkommelingen berikte in hichtepunt yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, doe't boeren út 'e troch stofstoarmen teheistere midden fan it lân massaal nei it westen streamden.

De Mount Shasta, deunby de grins mei Oregon.

Oars as Súdlik Kalifornje, dêr't de filmyndustry fan Hollywood al frij ier yn 'e tweintichste iuw in wichtige pylder fan 'e ekonomy waard, bleau Noardlik Kalifornje lange tiid fierhinne in agrarysk gebiet, fral wat de Sintrale Delling en it uterste noarden oangie. De druvetylt yn 'e Napadelling feroare pas yn 'e 1960-er jierren fan konsumpsjetylt yn wyntylt. Nei de Twadde Wrâldoarloch groeide de ekonomy fan Noardlik Kalifornje, benammen foar wat de Baaikrite by San Francisco oanbelange, sterk troch de definsje- en de romtefeartyndustry yn ferbân mei de Kâlde Oarloch. Under ynfloed fan 'e Universiteit fan Stanford ûntjoech him yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw boppedat in sintrum fan kompjûtertechnology yn in gebiet by San Jose dat bekend kommen is te stean as Silicon Valley.

De ekonomy fan Noardlik Kalifornje rêst benammen op 'e pylder dy't foarme wurdt troch de softwareyndustry yn Silicon Valley, in gebiet dat de wrâldlieder is as it giet om 'e ûntwikkeling fan nije kompjûtertechnology. Ek wurde der semykonduktors, biotechnologyske produkten en medyske apparatuer makke. Oare wichtige ekonomyske sektoaren binne transport fia de haven fan San Francisco, de finansjele sektor en de opwekking fan griene enerzjy. De lânbou is fral fan belang yn 'e Sintrale Delling en it hege noarden, wylst Sacramento, de haadstêd fan Kalifornje, in protte oerheidsynstellings hat.

De Golden Gatebrêge by San Francisco.

It toerisme is ek wichtich, sij it net sasear as yn Súdlik Kalifornje. De grutst toeristyske trekpleister is San Francisco, mei û.o. de Golden Gatebrêge, de skildereftige keabeltrams (streetcars), de Sineeske wyk Chinatown en it âlde finzeniskompleks op it eilantsje Alcatraz yn 'e Baai fan San Francisco. De Tahoemar yn 'e Sierra Nevada is in oare grutte toeristyske trekpleister, sawol foar wettersport by 't simmer as foar wintersport by 't winter.

Neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan 'e folkstelling fan 2020 hie Noardlik Kalifornje dat jiers in befolking fan 15.775.319 minsken. De befolkingstichtens bedroech 56,8 minsken de km². De grutste stêden yn it gebiet wiene San Jose mei rom 1 miljoen ynwenners en San Francisco mei goed 850.000 ynwenners, folge troch Fresno mei 516.000 ynwenners, Sacramento mei 485.000 ynwenners en Oakland mei 414.000 ynwenners. San Jose, San Francisco en Oakland binne de grutste stêden fan 'e stêdekloft fan San Francisco.

It uterste noarden fan Kalifornje, benoarden de stêdekloften fan San Francisco en Sacramento, is in gebiet dat him op ferskate manearen fan 'e rest fan Kalifornje ûnderskiedt. It is in tinbefolke, plattelânske, earmere krite sûnder grutte stêden, dêr't de befolking op sawol polityk as kultureel mêd folle konservativer is as yn 'e rest fan 'e steat. De bewenners fiele har fergetten en hawwe allegeduerigen it gefoel foarbyparte te wurden troch it steatsregear yn Sacramento. Yn 1941 besochten se har dêrom fan Kalifornje ôf te skieden om mei it súdwesten fan it oanbuorjende Oregon in nije Amerikaanske steat te foarmjen dy't Jefferson komme moast te hjitten. Dat krewearjen mislearre lykwols.

De Tahoemar yn 'e Sierra Nevada.

Yn 2021 bestie 41,2% fan 'e befolking fan Noardlik Kalifornje út blanken, dy't dêrmei de grutste befolkingsgroep foarmen. Dêrby binne alle blanke etnisiteiten opteld, lykas Ingelsen, Skotten, Dútsers, Joaden, Italjanen, Portegezen, Russen, ensfh. De grutste inkele etnisiteit yn Noardlik Kalifornje waard lykwols foarme troch de Meksikanen, mei 22% fan 'e befolking. De Latino's as kloft foarmen 26,1% fan 'e befolking. Oare befolkingsgroepen wiene Eastaziaten (7,6%; wêrûnder Sinezen allinnich 5,6%), Afro-Amerikanen (6,8%), Súdeastaziaten (6,8%), Súdaziaten (4,3%), Middeneasterlingen (1,0%), Yndianen (0,9%) en oaren of lju fan mingd etnysk komôf (5,3%).

Noardlik Kalifornje hat foar it meastepart in mediterraan klimaat mei yn 'e hichten fan 'e Sierra Nevada in heechberchtmeklimaat en yn it uterste súdwesten, dat ta de Mojavewoastyn heart, in woastynklimaat. By de kust lâns binne de simmers waarm en drûch en de winters koel en ornaris mei frijwat delslach. Wat fierder lânyn men komt, wat waarmer de simmers en wat kâlder de winters wurde. Yn 'e hegere dielen fan 'e Sierra Nevada falt snie fan 'e hjerst ôf oan 'e maityd ta. Yn 'e earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw binne der mear en slimmere drûchten en natoerbrannen as gefolch fan klimaatferoaring.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.