Springe nei ynhâld

Foarútgong

Ut Wikipedy

Foarútgong of progresje is yn it algemien de beweging fan 'e hjoeddeistige steat fan it ien of oar yn 'e rjochting fan in bettere steat. Yn 'e sosjale kontekst draait it om it idee dat (beskate) feroarings, bygelyks op it mêd fan technology, wittenskip of noarmen en wearden liede kinne ta in ferbetting yn it minsklik bestean. Lju dy't besykje sokke foarútgong tewei te bringen, wurde progressyf neamd. Yn it ramt fan 'e polityk is progressivens it tsjinstelde fan konservatisme, mei't konservativen de maatskippij sa't dy no is, behâlde ('konservearje') wolle. Progressivens yn 'e politike sin wurdt almeast assosjearre mei de sosjalistyske ideology. Foarbylden fan maatskiplike foarútgong binne it yllegaal meitsjen fan berne-arbeid, it ynfieren fan gelikense rjochten foar froulju en it ynfieren fan it homohoulik. Sokke foarútgong kin ûntstean troch in natuerlik proses fan sosjaal-kulturele evolúsje, mar ek troch it aktivisme fan foarstanners fan maatskiplike feroarings. Faak giet it om in kombinaasje fan beide.

It hiele idee fan 'foarútgong' bestie yn 'e Aldheid, de Midsiuwen en de Renêssânse net. Men gie yn dy tiid algemien út fan in statyske wrâld en maatskippij, en as der filosofearre waard oer oare, bettere wrâlden, gie it dêrby ek om statyske utopyen, lykas yn Plato syn Steat, of yn Utopia fan Thomas More. As men al feroaring yn 'e wrâld seach, dan gie dy ornaris de ferkearde kant út: in stadige fal yn 'e rjochting fan barbarij dy't oan it begjin fan 'e skiednis begûn wie trochdat de iene of oare ramp in ein makke hie oan in gouden tiidrek. In foarbyld dêrfan is de Sûndefal sa't dy beskreaun stiet yn it bibelboek Genesis, as gefolch wêrfan't de minske út it Hôf fan Eden ferdreaun waard. Ek yn oare kultueren as de Westerske kaam it begryp 'foarútgong' net foar. Sa giene it hindoeïsme en it boedisme út fan 'e skiednis as in ûneinige syklus fan skepping en ferneatiging, it saneamde Tsjil fan Brahma, wêrby't deselde skiednis om 'e safolle tûzen jier wer foarby kaam.

Om 1650 hinne begûn yn Jeropa it idee troch te brekken dat de wrâld en de minsklike maatskippij net altyd itselde hoegden te bliuwen, krektoarsom, dat se altyd en oanhâldend oan it feroarjen wiene. Iere pioniers fan it tinken op dat mêd wiene Jean Bodin oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw en Francis Bacon yn 'e earste helte fan 'e santjinde iuw. It idee fan 'e net tsjin te hâlden foarútgong waard fan 'e midden fan 'e achttjinde iuw ôf fierder útwurke troch tinkers fan 'e Ferljochting as René Descartes, Blaise Pascal en Jean-Jacques Rousseau. Yn 'e sosjale teoryen fan 'e iere njoggentjinde iuw, fan ûnder oaren Auguste Comte en Herbert Spencer, naam it idee fan 'e foarútgong in sintraal plak yn. Fan likernôch de Frânske Revolúsje ôf waarden minsken har der ek bewust fan dat foarútgong net wat wie dat men mar wurkeleas ôfwachtsje moast, mar dat men der ek aktyf nei stribje koe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.