New York (stêd)
New York | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | New York (steat) | |
Gemeente | New York (stêd) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.336.697 (2012) | |
Oerflak | 1.213 km² (ynkl. wetter) 784 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 10.640 / km² | |
Stêdekloft | 18.897.109 (2012) | |
Hichte | 10 m | |
Oar | ||
Stifting | 1624 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 40°40′20″N 73°56′40″W | |
Offisjele webside | ||
www.nyc.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan 'e stêd New York yn 'e steat New York. |
De stêd New York, of New York City (offisjeel City of New York), en byneamd The Big Apple, is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika en leit yn de steat New York. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal goede museums, galeryen, poadia, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York, njonken, Londen, Parys en Tokio, ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio hat bewenne west fan de Lenape-Yndianen doe't it yn 1524 ûntdutsen waard troch Giovanni da Verrazzano, in Italjaansk ûntdekkingsreizger yn tsjinst by de Frânske kening, dy't it "Nouvelle-Angoulême" (Nij-Angoulême). It echte kolonisearjen begûn mei de Nederlânske koloanje op itselde plak, dat letter de namme "Nij-Amsterdam" krige, op it súdlike punt fan Manhattan yn 1614. Nederlânsk koloniaal direkteur-generaal Peter Minuit kocht it eilân Manhattan fan de Lenape Indianen yn 1626. Yn 1664 feroveren de Britten de stêd en it krige de nije namme "New York", nei de Ingelske greve fan York en Albany. Oan 'e ein fan de Ingelsk-Nederlânske kriich krigen de Nederlanners Run (in eilân, dat gâns mear opsmyt as New York), en de Ingelsen Nij Amsterdam (New York). Under Britsk bewâld groeide de hannelstêd. Kening George II stifte yn 1754 de Universiteit fan Colombia yn Lower Manhattan. Yn 'e Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich waard der ek fochten yn 'e stêd, de Amearikanen moasten har lykwols weromlûke, meidat de Britten sterker wienen. It kontinetale kongres kaam yn 'e stêd gear, en George Washington waard yn 1789 keazen as earste presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika. New York bleau de haadsted oant 1790
Lilkens om 'e militêre tsjinstplicht wilens de Amerikaanske Boargerkriich (1861-1865) liede ta opskuor yn 1863, ien fan 'e slimste foarfallen boargerûnresten yn 'e Amerikaanske skiednis. Yn 1868 krige de City of New York stal mei it konsolidearjen fan Brooklyn (foarhinne in selsstannige stêd), Manhattan en lytsere gemeenten. Mei de komst fan de metro yn 1904 wie de stêd ferbûn. Yn 'e earste helte fan de 20e iuw waard de stêd wrâldferneamd om har yndustry, kommersy, en kommunikaasje.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard New York de wichtichste stêd op 'e wrâld, mei Wall Street as symboal foar de Amerikaanske ekonomyske macht. Yn 1952 waard it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes boud yn New York, hjirtroch waard de stêd in ynternasjonaal polityk sintrum fan belang. Troch it grutter wurden fan it Abstrakt ekspresjonisme yn New York, ferlear Parys de titel 'keunstsintrum fan 'e wrâld'.
Op 11 septimber 2001 waard de stêd troffen troch terroristyske oanslaggen, wêrby't sa'n 3,000 minsken stoaren en it World Trade Center ferneatige waard. De Freedom Tower komt op it plak fan it World Trade Center, en sil yn 2010 klear wêze.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie New York yn 2015 in befolking fan 8.550.405 minsken op in oerflak fan 789 km². De befolkingstichtens bedroech dêrmei 10.831 minsken de km². New York is it sintrum fan 'e stêdekloft New York (it New York Metropolitan Area). Dat is ien fan 'e grutste agglomeraasjes yn 'e wrâld, mei krapoan 24 miljoen ynwenners. De stêd New York is ferdield yn fiif stedsdielen of boroughs: the Bronx, Brooklyn, Manhattan, Queens en Staten Island, dy't elts op harsels al in grutte stêd wêze soene.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan New York 12% âlder as 65 jier en 24% jonger as 18 jier. Fierders bestie 32% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 21,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. De wurkleasheid bedroech yn 2000 5,7%.
Yn New York hawwe har ymmigranten fan 180 ûnderskate nasjonaliteiten nei wenjen set. Dêrmei is it ien fan de meast kosmopolityske plakken op 'e wrâld. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2010 sa: 33,3% blanken; 28,6% Latino's; 23,0% swarten; 12,7% Aziaten; 0,7% Yndianen; 1,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Der wurdt wol sein dat der yn New York mear Italjanen as yn Rome, mear Ieren as yn Dublin en mear Joaden as yn Tel Aviv wenje. Oare grutte befolkingsgroepen binne de Afro-Amerikanen, de Portorikanen en de Sinezen, dy't foar in part gearklofte binne yn Chinatown.
Berne en stoarn yn New York
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]New York leit oan de eastkust fan de F.S. yn 'e Baai fan New York, dêr't de rivieren de Hudson rivier en de East Rivers yn 'e Atlantyske Oseaan streamt. Trochsneed hichte fan it lân is 6 meter boppe seenivo. It sintrum fan 'e stêd leit op Manhattan, dat tusken de Hudson en East Rivers leit. Om de rivieren hinne lizze de oare stêdsdielen. De stêd hat in oerflak fan 785.6 km².
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]New York hat fiif stêdsdistrikten The Bronx, Queens, Brooklyn (Kings County), Manhattan (New York County) en Staten Island. It eilân Manhattan is it sintrum fan de wrâldstêd wurden. Om Manhattan hinne lizze trije rivieren: de Hudson yn 't westen, de East River yn 't easten, en de Harlem River yn 't noarden. Manhattan is troch brêgen ferbûn mei Brooklyn, Queens, en de Bronx, en ek mei de steat New Jersey oan de oarekant fan de Hudson.
- The Bronx (ynw. 1,364,566) is New York City's meast noardlike stêdsdistrikt. It Yankee Stadium, dêr't de New York Yankees spylje, en it plak fan de grutste huzenkloft yn de Feriene Steaten dy't koöperatyf eigendom is, Co-op City. Utsein in stikje Manhattan dat bekend is as Marble Hill, is de Bronx it ienichste stikje fêstelân fan de stêd dat in diel is fan de Feriene Steaten. Yn 'e Bronx is rap en de hiphop kultuer ûntstien.
- Brooklyn (ynw. 2,511,408) is it stêdsdiel dêr't de minsken it tichtst op inoar wenje, en wie oant 1898 ta in selsstannige stêd. Brooklyn is bekend om syn kultureel, sosjaal en etnysk ferskaat, in eigen keunst krite, aparte buorskippen en in unike arsjitektuer. De borough hat in wiid strân en Coney Island, dat yn 1870 stifte is wie it earste ferdivedaasje plak fan it lân.
- Manhattan (ynw. 1,593,200) hat in soad wolkekliuwers, dêrom is it tal ynwenners de km² ôfgryslike heech. Yn dit borough leit it saken- en finansjele sintrum fan de stêd, en in protte kulturele ynstellings, lykas museums, it Broadway theatre distrikt en Madison Square Garden. Manhattan is parte yn Downtown, Midtown, en de Uptown. Uptown Manhattan is partsjen yn 't Central Park tusken de Upper East Side en Upper West Side, boppe it park leit Harlem.
- Queens (ynw. 2,256,576) is nei oerflak it grutste borough mei it grutste etnyske ferskaat yn 'e Feriene Steaten. It is it ienichste diel fan de Feriene Steaten dêr't de swarte befolking mear fertsjinnet, likernôch $52,000 yn 't jier, as de wite befolking. Queens hat it Shea Stadium, dêr't de New York Mets spylje, en wêr't alle jierren it U.S. Iepen tennis toernoai organisearre wurd.
- Staten Island (ynw. 475,014) hat de meast rânstêdelike aard fan de fiif boroughs. De Verrazano-Narrows Bridge ferbynt it eilân mei Brooklyn. De Staten Island Ferry is de ferbining nei Manhattan. Oant 2001 wie de borough it plak fan de Fresh Kills Landfill, eartyds it grutste stoartplak op ierde, dat no bewenber makke is.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't New York op 'e selde hichte leit as de waarmere Jeropeeske stêden Napels en Porto, hat it dochs in sêft kontinintaal klimaat mei kâlde lucht fan it Noard Amearikaanske kontinent. Winterdeis bliuwt it der wat waarmer as oare stêden dy't mear yn 't binnenlân lizze, der falt sa'n 63.5 oant 88.9 sm snie yn 't jier. New York hat in froast-frije rite fan 199 dagen twisken de winters. Yn 'e maitiid en hjerst kin der wolris snie lizze of it is waarm en fochtich, mar it kin likegoed kâld en reineftich wêze. Simmerdeis is it der waarm en fochtich mei in trochsneed temeratuer fan 32 °C.
Moanne | Jan | Feb | Maa | Apr | Maa | Jun | Jul | Aug | Sep | Okt | Nov | Des | Yn 't jier |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Trochsneed temp. heech °C | 3 | 4 | 10 | 15 | 22 | 27 | 30 | 29 | 24 | 18 | 12 | 6 | 17
|
Trochsneed temp. leech °C | -4 | -3 | 2 | 7 | 12 | 17 | 20 | 19 | 16 | 10 | 5 | -1 | 8
|
Reinfal mm | 86 | 84 | 99 | 102 | 112 | 95 | 112 | 104 | 99 | 91 | 127 | 99 | 1,124
|
Boarne: Weatherbase |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]New York is it wichtichste sakensintrum fan Amearika. De wichtichste oandielenbeurs fan de wrâld, de New York Stock Exchange, mar ek de NASDAQ, binne yn New York fêstige. Wall Street is it finansjele sintrum fan Manhattan De stêd is ekonomysk ek fan ynternasjonaal belang, der binne mear haadkertieren fan de Fortune 500 bedriuwen as yn oare dielen fan de Feriene Steaten. Toerisme smyt ek in soad op foar New York. Yn 2003 wiene der 37.8 miljoen toeristen, wêrfan 4.8 miljoen út it bûtenlân kaam (boarne: New York Convention & Visitors Bureau).
Stêdsbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|