2020
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2020 MMXX |
Ab urbe condita | 2773 |
Armeenske kalinder | 1469 ԹՎ ՌՆԿԹ |
Etiopyske kalinder | 2012 – 2013 |
Hebriuwske kalinder | 5780 – 5781 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2075 – 2076 |
- Shaka Samvat | 1942 – 1943 |
- Kali Yuga | 5121 – 5122 |
Iraanske kalinder | 1398 – 1399 |
Islamityske kalinder | 1442 – 1442 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4716 – 4717 丙亥 – 丁子 |
2020 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2020.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 2 - It regear fan 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales ropt de needtastân út wylst it regear fan Fiktoaria de ramptastân útropt, beide y.f.m. de saneamde Swarte Simmer, it swierste boskbrânseizoen sûnt minskewitten, dêr't 34 minsken en mear as 500 miljoen bisten by omkomme en dêr't mear as 186.000 km² grûn by yn 'e jiske lein wurdt.
- 3 - Yn it ramt fan 'e Krisis yn 'e Perzyske Golf wurdt by in Amerikaanske oanfal mei in drone op 'e Ynternasjonale Lofthaven fan Bagdad, yn Irak, de promininte Iraanske generaal Kasem Soleimani fermoarde. Ek Abû Machdi al-Mûhandis, de foaroanman fan 'e Folksmobilisaasjekrêften, in sjiïtyske Iraakske milysje, komt by deselde oanfal om.
- 5 - De Turkske presidint Recep Tayyip Erdoğan kundiget oan dat Turkske troepen ynset wurde sille om oan 'e kant fan it ynternasjonaal erkende Regear fan Nasjonaal Akkoart mei te fjochtsjen yn 'e Twadde Libyske Boargeroarloch.
- 7 - Yn 'e Iraanske stêd Kerman wurdt ûnder oerweldigjende publike belangstelling de fermoarde generaal Kasem Soleimani begroeven. Dêrby komme 56 minsken om as se yn it gedrang ûnder de foet rûn wurde.
- 8 - Om 'e moard op generaal Kasem Soleimani te wreekjen lansearret Iraan raketten dy't delkomme by twa bases fan it Amerikaanske Leger yn Irak. Dit foarfal, dat sjoen wurde moat yn it ramt fan 'e Krisis yn 'e Perzyske Golf, wurdt oeren yn 't foar oankundige, sadat der mar 11 ferwûnen falle.
- 8 - It Oekraynske ferkearsfleantúch Ukraine International Airlines-flecht 752 wurdt by fersin troch it Iraanske loftôfwargeskut oansjoen foar in Amerikaanske tsjinoanfal en delhelle, koart nei't it opstige is fan 'e Ynternasjonale Lofthaven Imaam Chomeini yn Teheran. Alle 176 ynsittenden komme om.
- 9 - Terroristen dy't bannen ûnderhâlde mei de saneamde Islamityske Steat yn Irak en Syrje fiere yn Niger in grutskalige oanfal út op 'e legerbasis by Chinagodrar. Dêrby komme teminsten 89 Nigereeske soldaten om.
- 13 - Noard-Ierlân fiert it homohoulik yn.
- 28 - De Amerikaanske presidint Donald Trump en de Israelyske premier Benjamin Netanyahu presintearje it saneamde Trump-fredesplan, dat frede bringe moat yn it Israelysk-Palestynske konflikt. Alle foarstellen komme lykwols út 'e koker fan Israel, dat it plan mei-opsteld hat, wylst de Palestinen der alhiel net by belutsen west hawwe. Palestina, in protte Arabyske lannen en de Jeropeeske Uny ferwize it plan daliks nei de foddekoer.
- 29 - De Amerikaanske presidint Donald Trump ûndertekenet de Oerienkomst tusken de Feriene Steaten, Meksiko en Kanada, in nij hannelsakkoart, dat yn it plak komme moat fan 'e âlde NAFTA.
- 30 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) ropt de de útbraak fan it koroanafirus yn Sina formeel út ta in Publyk Sûnensneedgefal fan Ynternasjonale Soarch.
- 31 - Troch de Brexit lûke it Feriene Keninkryk en Gibraltar har formeel werom út 'e Jeropeeske Uny. No begjint in oergongsperioade fan alve moannen, wêryn't in hannelsoerienkomst sletten wurde moat.
- febrewaris
- 3 - De earste foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij (foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020), yn 'e Amerikaanske steat Iowa, rinne út op in ôfdijer as de nije app dêr't de resultaten mei trochjûn wurde moatte, tsjinst wegeret. Nei ferskate dagen fan gaos docht bliken dat Pete Buttigieg de foarferkiezings yn Iowa mei in noaslingte foarsprong wûn hat fan Bernie Sanders.
- 11 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) neamt de sykte dy't feroarsake wurdt troch de de útbraak fan it koroanafirus 'COVID-19', in ôfkoarting fan Corona Virus Disease 2019.
- 11 - De foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij (foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020) yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire wurde wûn troch de sosjalist Bernie Sanders. Ald-fise-presidint Joe Biden lijt in gefoelich ferlies troch yn gjin inkele county sels mar by de earste trije kandidaten te sitten.
- 22 - De foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij (foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020) yn 'e Amerikaanske steat Nevada wurde wûn troch de sosjalist Bernie Sanders, dy't de stipe fan 'e grutte Latino-mienskip witten hat te krijen.
- 27 - De koertsen op 'e effektebeurzen geane wrâldwiid ûnderút omreden fan 'e oanhâldende fersprieding fan it koroanafirus. Dizze delgong fan 'e koertsen is de slimste sûnt de Bankekrisis fan 2009.
- 27 - It earste gefal fan it koroanafirus yn Nederlân wurdt fêststeld.
- 28 - De ambassadeurs fan alle 29 NATO-lidsteaten sprekke harren solidariteit út mei Turkije nei't 33 Turkske soldaten ûnder de Syryske Boargeroarloch yn it noardwesten fan Syrje sneuvele binne by in bombardemint troch it Syryske regearingsleger.
- 29 - Yn 'e Katareeske haadstêd Doha wurdt ûnder betingsten in fredesoerienkomst tekene tusken de Feriene Steaten en de Afgaanske Taliban. De hope is dat it ferdrach in ein meitsje kin oan 'e slepende Oarloch yn Afganistan. De kâns dêrop is lykwols lyts, mei't it Afgaanske regear net by de fredesbesprekkings belutsen west hat. Yn it ramt fan 'e oerienkomst sille de Feriene Steaten fan maart 2020 ôf stadichoan harren troepen út Afganistan werom begjinne te lûken.
- 29 - De foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij (foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020) yn 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina wurde mei ferrassende oermacht wûn troch âld-fise-presidint Joe Biden, dy't de stipe fan 'e grutte Afro-Amerikaanske mienskip hat.
- maart
- 3 - Supertiisdei: By de foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij (foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020) wurdt tagelyk stimd yn 14 Amerikaanske steaten en it ûnynkorporearre territoarium Amerikaansk-Samoä. De dei wurdt karakterisearre troch de wûnderbaarlike weropstanning as presidintskandidaat fan âld-fise-presidint Joe Biden, dy't wint yn Alabama, Arkansas, Firginia, Maine, Massachusetts, Minnesota, Noard-Karolina, Oklahoma, Tennessee en Teksas. Dat wurdt troch saakkundigen ferklearre trochdat twa oare tuskenbeiden kandidaten, Pete Buttigieg en Amy Klobuchar, har foarôfgeande oan Supertiisdei út 'e striid weromlutsen hawwe en harren stipe foar Biden útsprutsen hawwe. De sosjalist Bernie Sanders wint yn Kalifornje, Kolorado, Fermont en Utah, wylst miljonêr Mike Bloomberg wint yn Amerikaansk-Samoä. As gefolch fan dy útslach lûke Bloomberg en in oare kandidaat, Elizabeth Warren, harren út 'e striid werom. De Demokratyske foarferkiezings geane neitiid tusken Biden en Sanders.
- 8 - Yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy pleatst it regear fan Itaalje 16 miljoen minsken yn Lombardije, de Feneto en inkele oare noardlike dielen fan it lân yn karantêne.
- 9 - De koertsen op 'e effektebeurzen reitsje yn in frije fal troch de oanhâldinge fierdere fersprieding fan 'e koroanafiruspandemy.
- 10 - De karantêne yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy wurdt yn Itaalje útwreide oer it hiele lân.
- 11 - De Wrâldsûnensorganisaasje ropt de útbraak fan it koroanafirus offisjeel út ta in pandemy.
- 12 - De Amerikaanske presidint Donald Trump jout de Jeropeeske Uny de skuld foar de fersprieding fan it koroanafirus, en ûntseit alle lju út it Schengengebiet de tagong ta de Feriene Steaten. As gefolch dêrfan en fan 'e oanhâldende minne berjochten oer de pandemy stoarte de effektebeurzen fierder yn.
- 12 - Yn Nederlân wurde foar de rest fan 'e moanne maart y.f.m. de oanhâldende fierdere fersprieding fan it koroanafirus alle eveneminten fan mear as hûndert persoanen ferbean.
- 13 - It regear fan Spanje pleatst it hiele lân yn karantêne y.f.m. de koroanafiruspandemy.
- 15 - Yn Nederlân geane op lêst fan 'e oerheid de skoallen, kafees, restaurants en sportskoallen trije wiken ticht y.f.m. de koroanafiruspandemy.
- 15 - De Argentynske presidint Alberto Fernández pleatst syn hiele lân yn karantêne y.f.m. de koroanafiruspandemy.
- 16 - De effektebeurzen yn 'e Feriene Steaten berikke in nij djiptepunt.
- 17 - De Jeropeeske Uny docht de bûtengrinzen foar teminsten 30 dagen op slot y.f.m. de koroanafiruspandemy.
- 17 - De UEFA makket bekend dat it EK fuotbal 2020 y.f.m. de koroanafiruspandemy útsteld wurdt oant de simmer fan 2021.
- 18 - It Eurofyzjesongfestival dat dit jier yn Rotterdam holden wurde soe, wurdt y.f.m. de koroanafiruspandemy útsteld oant 2021.
- 20 - It wrâldwide tal stjergefallen feroarsake troch de koroanafiruspandemy giet oer de 10.000 hinne.
- 21 - It regear fan Yndia pleatst it hiele lân yn karantêne y.f.m. de koroanafiruspandemy.
- 24 - It regear fan it Feriene Keninkryk pleatst it hiele lân yn karantêne y.f.m. de koroanafiruspandemy.
- 24 - It regear fan Sina makket bekend dat de útbraak fan it koroanafirus yn dat lân ûnder kontrôle brocht is.
- 24 - It Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) en it regear fan Japan meitsje bekend dat de Olympyske Simmerspullen 2020, dy't yn Tokio holden wurde soene, y.f.m. de koroanafiruspandemy, in jier útsteld wurde.
- 26 - De stridende partijen yn de Filipinen, Jemen, Lybje en Syrje jouwe gehoar oan 'e oprop fan António Guterres, de sekretaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes, om y.f.m. de koroanafiruspandemy de wapens foarearst del te lizzen.
- 27 - Noard-Masedoanje wurdt as 30e lân lid fan 'e NATO.
- april
- 2 - It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it koroanafirus giet oer de 100.000 hinne.
- 5 - It earste gefal fan it koroanafirus by in bist yn in dieretún wurdt fêststeld. It giet om in fjouwerjierrige tiger yn 'e Bronx Zoo yn New York.
- 7 - Yn Japan wurdt y.f.m. de koroanafiruspandemy de needtastân útroppen.
- 8 - Yn Sina wurdt de lockdown fan Wuhan, dêr't de koroanafiruspandemy begûn, nei 76 dagen opheft.
- 10 - Wrâldwiid binne der no mear as 100.000 minsken oan 'e koroanafiruspandemy ferstoarn.
- 12-13 - Yn 'e súdeastlike Feriene Steaten komme teminsten 30 minsken om by in útbraak fan tornado's.
- 13 - Yn Spanje wurdt de lockdown y.f.m. de koroanafiruspandemy foar it earst wat ferlichte.
- 15 - Wrâldwiid binne der no mear as 2 miljoen befêstige gefallen fan minsken dy't oanhelle binne mei it koroanafirus.
- 15 - Yn Denemark wurdt de lockdown y.f.m. de koroanafiruspandemy foar in diel opheft en geane de earste bern wer nei skoalle.
- 17 - Yn Jeropa allinnich al binne der no mear as 100.000 minsken oan 'e koroanafiruspandemy ferstoarn.
- 18 - Yn 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân sjit in man 23 minsken dea.
- 20 - De prizen fan ierdoalje berikke in rekôrdjiptepunt, en komme yn 'e Feriene Steaten sels út yn negative wearden. Oarsaak is it folle lytsere ferbrûk fan benzine en kerosine troch de oanhâldende wrâldwide koroanafiruspandemy.
- 25 - Wrâldwiid binne der no mear as 200.000 minsken oan 'e koroanafiruspandemy ferstoarn.
- 27 - Wrâldwiid binne der no mear as 3 miljoen befêstige gefallen fan minsken dy't oanhelle binne mei it koroanafirus, wêrfan mear as 1 miljoen yn 'e Feriene Steaten.
- 27 - Yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Brabân blike tûzenen nertsen op inkele pelsdierfokkerijen it koroanafirus oprûn te hawwen fan harren minsklike fersoargers.
- maaie
- 1 - Neffens gegevens fan 'e foaroansteande Amerikaanske Johns Hopkins Universiteit binne der no wrâldwiid mear as 1 miljoen koroanapasjinten dy't wer opbettere binne.
- 4 - Yn Itaalje wurdt de lockdown y.f.m. de koroanafiruspandemy foar it earst wat ferlichte.
- 5 - It Feriene Keninkryk giet Itaalje foarby as it Jeropeeske lân dêr't de measte minsken oan it koroanafirus ferstoarn binne: 32.313.
- 6 - Astronomen ûntdekke foar it earst in swart gat yn in stjerrestelsel dat mei it bleate each te sjen is (HR 6819).
- 12 - By in oanfal op in befallingsklinyk yn 'e Afgaanske haadstêd Kabûl wurde troch terroristen 24 minsken fermoarde, ûnder wa twa nijberne poppen. Yn Kûz Kûnar, ek yn Afganistan, komme by in selsmoardoanslach op in begraffenis 32 minsken om.
- 14 - Der binne no wrâldwiid 300.000 minsken ferstoarn oan 'e koroanafiruspandemy.
- 15 - Paleöntologen meitsje de fynst fan in fossyl op it Skotske eilân Kerrera bekend. It giet om in 2,5 sm lange miljoenpoat út it Kampecaris-skaai, dy't 425 miljoen jier lyn libbe, yn it Siluer. Dat is no it ierst bekende bist dat op it lân libbe.
- 19 - De Palestynske presidint Machmûd Abbas kundiget de beëiniging oan fan alle oerienkomsten mei Israel en de Feriene Steaten yn reäksje op it Israelyske foarnimmen om 'e Jordaandelling te anneksearjen.
- 21 - Der binne no wrâldwiid 5 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus.
- 22 - Pakistan International Airlines Flecht-8303 stoart del op in wenwyk fan 'e Pakistaanske stêd Karachi. Dêrby komme 97 fan 'e 99 ynsittenden om it libben en reitsje tsientallen lju op 'e grûn ferwûne.
- 24 - Taiwan fiert it homohoulik yn.
- 25 - Yn 'e Amerikaanske stêd Minneapolis fynt de moard op George Floyd plak, in negroïde man dy't troch de plysje oermastere en yn 'e boeiens slein wie. Hy wurdt deade troch in plysjeman dy't him krapoan acht minuten lang in knibbel op kiel set. It barren wurdt filme troch omstanners. Nei't it filmke op it ynternet pleatst is, ûntstiet der in stoarm fan protest dy't liedt ta wrâldwide anty-rasismedemonstraasjes.
- 26 - Kosta Rika fiert it homohoulik yn.
- 27 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 100.000.
- juny
- 1 - De Amerikaanske presidint Donald Trump ferklearret de anty-faksistyske aksjegroep Antifa ta in terroristyske organisaasje.
- 3 - Yn reäksje op 'e nije, drakoanyske feilichheidswetjouwing dy't Sina yn Hongkong ynfiere wol, kundiget de Britske premier Boris Johnson oan dat er it foar alle Hongkongers dy't foar 1997 berne binne (doe't de Britske Kroankoloanje Hongkong oan Sina oerdroegen waard), mooglik meitsje sil om 'e Britske nasjonaliteit oan te nimmen.
- 7 - Der binne no wrâldwiid 400.000 minsken ferstoarn oan 'e koroanafiruspandemy.
- 8 - Der binne no wrâldwiid 7 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus.
- 13 - Yn Fryslân wurdt de 6e edysje fan 'e Slachtemaraton holden. (Oflast fanwegen de koroanafiruspandemy en ferset nei de simmer fan 2021.)
- 15 - Teminsten 20 Yndiaaske en mear as 40 Sineeske militêren komme om by man-tsjin-mangefjochten yn 'e omstriden Galwandelling yn 'e Himalaya, dêr't beide lannen oanspraak op meitsje sûnt de Sineesk-Yndiaaske Oarloch fan 1962.
- 16 - Der binne no wrâldwiid 8 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus.
- 22 - Der binne no wrâldwiid 9 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus.
- 28 - Der binne no wrâldwiid 10 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus. Der binne no wrâldwiid 500.000 minsken ferstoarn oan 'e koroanafiruspandemy.
- 30 - Sina fiert yn Hongkong in drakoanyske en kontroversjele nije feilichheidswet yn, dy't demonstrearjen of it fieren fan opposysje praktysk ûnmooglik makket.
- july
- 1 - By in referindum yn Ruslân stimt it elektoraat dermei yn dat presidint Vladimir Pûtin noch twa terminen fan seis jier oan it bewâld bliuwe kin, oant 2036.
- 2 - By in ierdferskowing yn in jademyn yn Birma komme teminsten 174 minsken om.
- 8 - Yn Djibo, yn Boerkina Faso, wurde massagrêven ûntdutsen mei de stoflike omskotten fan teminsten 180 minsken. Mei't dat krekt it plak is dêr't it regearingsleger focht tsjin islamistyske terroristen, wurdt oannommen dat de regearingstroepen har te bûten gien binne oan stânrjochtlike eksekúsjes.
- 10 - It Turkske regear fan presidint Recep Tayyip Erdoğan set de islamisearring fan 'e Hagia Sofia yn Istanbûl troch en makket fan it museum en Wrâlderfgoed wer in moskee.
- 12 - By presidintsferkiezings yn Poalen wint de sittende aartskonservative presidint Andrzej Duda mei minimaal ferskil fan syn progressive útdager Rafał Trzaskowski, de boargemaster fan Warsjau.
- 14 - It regear fan 'e Feriene Steaten fiert de Hong Kong Autonomy Act yn, dy't it mooglik makket om sanksjes op te lizzen oan persoanen dy't belutsen binne by de ynbrek fan Sina op 'e autonomy fan Hongkong.
- 15 - De Twitteraccounts fan foaroansteande politisy, sakelju en oare bekende persoanen wurde hacked foar oplichting mei bitcoins.
- 18 - Der binne no wrâldwiid 600.000 minsken ferstoarn oan 'e koroanafiruspandemy.
- 19 - By oerstreamings fan 'e rivier de Brahmaputra komme yn Yndia en Nepal 189 minsken om en reitsje 4 miljoen oaren dakleas.
- 19 - De Feriene Arabyske Emiraten lansearje mei de Emiratyske Mars Misje in romtesonde nei Mars. It is de earste romtemisje fan in Arabysk lân.
- 21 - De regearringslieders fan 'e Jeropeeske Uny komme oerien om in fûns fan €750 miljard op te rjochtsjen dêr't lidsteaten jild út helje kinne om 'e koroanafiruspandemy te boppe te kommen.
- 22 - Der binne no wrâldwiid 15 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus.
- 24-9 augustus - De Olympyske Simmerspullen 2020 wurde holden yn 'e Japanske haadstêd Tokio. (Oflast fanwegen de koroanafiruspandemy en ferset nei de simmer fan 2021.)
- 29 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 150.000.
- augustus
- 4 - Yn 'e Libaneeske haadstêd Beirût fynt in reuseftige ûntploffing plak dy't feroarsake wurdt troch ûnfeilich opslein ammoaniumnitraat yn in pakhûs yn 'e haven. Dêrby komme mear as 220 minsken om. De ferwoastging is ûnbidich: fan 'e haven is neat mear oer en de rest fan 'e stêd is swier troffen. Der reitsje nei skatting 300.000 minsken dakleas. De materiële skea wurdt rûsd op $10-15 miljard.
- 5 - Der binne no wrâldwiid 700.000 minsken ferstoarn oan 'e koroanafiruspandemy.
- 7 - Air India Express-flecht 1344 fljocht by de lâning yn Malappuram, yn súdlik Yndia, oer de ein fan 'e lâningsbaan hinne. Dêrby komme 19 fan 'e 191 ynsittenden om.
- 9 - De offisjele útslach fan 'e Wytrussyske presidintsferkiezings is dat de sittende presidint, diktator Aleksander Lûkasjenko, mei 80% fan 'e stimmen in nije termyn wint. De opposysje ûnder lieding fan Svjatlana Tsichanouskaja wegeret dy útslach te akseptearjen mei it each op 'e grutte oanhing dy't de opposysje foarôfgeande oan 'e ferkiezings liek te hawwen. Men hâldt it derop dat Lûkasjenko stimbusfraude brûkt hat om oan 'e macht te bliuwen.
- 9 - It tal stjergefallen yn Brazylje, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 100.000.
- 10 - Der binne no wrâldwiid 20 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus.
- 11 - De Russyske presidint Vladimir Pûtin makket bekend dat syn regear wrâlds earste COVID-19-faksên goedkard hat.
- 13 - Israel en de Feriene Arabyske Emiraten slute in formeel fredesferdrach. De Feriene Arabyske Emiraten binne it trêde Arabyske lân dat frede slút mei Israel, nei Egypte en Jordaanje. Betingst is dat Israel foarearst syn plannen om dielen fan it Westjordaanlân te anneksearjen, opjout.
- 16 - Yn 'e Wytrussyske haadstêd Minsk nimme 300.000 minsken diel oan in protestmars tsjin presidint Aleksander Lûkasjenko, dy't se derfan beskuldigje dat er de útslach fan 'e resinte ferkiezings yn it eigen foardiel ferfalske hat. Yn oare Wytrussyske stêden demonstrearje nochris 200.000 minsken. It is mei yn totaal 500.000 dielnimmers de grutste politike demonstraasje yn 'e skiednis fan Wyt-Ruslân.
- 17 - It tal stjergefallen yn Yndia, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 50.000.
- 18 - Rebûlje ûnder in diel fan 'e kriichsmacht fan Maly ûntjout him ta in steatsgreep, wêrby't presidint Ibrahim Boubacar Keïta en premier Boubou Cissé ôfset en oppakt wurde.
- 20 - De Russyske opposysjelieder Aleksej Navalny wurdt yn Omsk yn it sikehûs opnommen mei swiere fergiftigingsferskynsels. Syn famylje en oanhingers beskuldigje it Russyske regear fan presidint Vladimir Pûtin fan belutsenens.
- 21 - Der binne no wrâldwiid 800.000 minsken ferstoarn oan 'e koroanafiruspandemy.
- 25 - Yn Afrika wurdt polio foar útrûge ferklearre. It is it twadde firus dat op dat kontinint útûge wurdt nei de pokken 40 jier earder. Inkeld yn Pakistan en Afganistan komt no noch polio foar.
- 27 - De orkaan Laura komt oan lân yn 'e Amerikaanske steat Louisiana as ien fan 'e swierste orkanen ea, metten nei wynkrêft (op in dield 1e plak mei de Orkaan fan Last Island út 1856). Yn ferhâlding dêrta falt de skea ta. Der falle yn 'e Feriene Steaten 24 deaden.
- 28 - De Japanske premier Shinzo Abe, de langstsittende premier yn 'e skiednis fan it lân, kundiget syn pinsjonearring oan fanwegen minder wurdende sûnens.
- 30 - Der binne no wrâldwiid 25 miljoen gefallen fan befêstige oanhelling mei it COVID-19-firus.
- 30 - By parlemintsferkiezings yn Montenegro wit de opposysje foar it earst yn tritich jier de oerwinning te beheljen.
- 31 - It oergongsregear fan Sûdaan (dat it bestjoer yn it lân oernommen har nei de fal fan diktator Omar al-Basjir yn 2019) en de rebellen fan it Sûdaneesk Revolúsjonêr Front (SRF) slute in fredesakkoart om in ein te meitsjen oan it konflikt yn Súd-Kordofan en de Blauwe-Nylprovinsje, dat al sûnt 2011 geande is. De Sûdaneeske Folksbefrijingsbeweging-Noard (SPLM-N), ien fan 'e rebellegroepen feriene yn it SRF, wegeret lykwols it ferdrach te ûndertekenjen.
- septimber
- 3 - De rebellegroep Sûdaneeske Folksbefrijingsbeweging-Noard (SPLM-N) en it oergongsregear fan Sûdaan slute in oerienkomst dy't it lân omfoarmje sil fan in islamityske ta in sekuliere steat. Dêrmei komt in ein oan it konflikt yn Súd-Kordofan en de Blauwe-Nylprovinsje, dat al sûnt 2011 geande is.
- 4 - Yn Sûdaan wurdt de needtastân útroppen omreden fan grutte oerstreamings fan 'e Nyl, wêrby't teminsten 102 minsken de dea fine.
- 4 - Kosovo en Servje kundigjen oan dat se harren ekonomyske betrekkings normalisearje sille.
- 7 - It doarp Malden (203 ynwenners), yn 'e Amerikaanske steat Washington, wurdt troch de oangeande natoerbrannen yn it westen fan 'e Feriene Steaten folslein fan 'e kaart fage.
- 10 - De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân beslút ta de ynfiering fan Frysktalige plaknammen.
- 14 - It Britske Keninklik Astronomysk Genoatskip makket de ûntdekking fan fosfine yn 'e atmosfear fan 'e planeet Fenus bekend, in stof wêrfan't bekend is dat de oanwêzigens sterk wiist op it foarkommen fan mikroben.
- 15 - Israel en Bachrein slute in formeel fredesferdrach. Bachrein is it fjirde Arabyske lân dat frede slút mei Israel, nei Egypte, Jordaanje en de Feriene Arabyske Emiraten.
- 17 - Yn in mienskiplike ferklearring dy't se rjochtsje oan 'e Feriene Naasjes wize Frankryk, Dútslân en it Feriene Keninkryk de oanspraken fan Sina op 'e Súdsineeske See ôf.
- 18 - Seis wiken foar de Amerikaanske presidintsferkiezings komt Ruth Bader Ginsburg te ferstjerren, in rjochter fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf. De Republikeinske presidint Donald Trump is wisberet om noch foar de ferkiezings in nije rjochter fan syn kar te beneamen, om sa it Heechgerjochtshôf fol te tropjen mei konservativen. De Republikeinske Partij stipet him dêryn, ek al fûnen de Republikeinen fjouwer jier lyn noch dat de Demokratyske presidint Barack Obama acht moannen foar de ferkiezings gjin nije rjochters mear yn it Heechgerjochtshôf beneame mocht.
- 22 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 200.000.
- 24 - It tal stjergefallen yn Iraan, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 25.000.
- 27 - It slommerjende konflikt om Nagorno-Karabach lôget wer op: Azerbeidzjan falt de etnysk Armeenske Republyk Nagorno-Karabach oan en Nagorno-Karabachske en Armeenske troepen beäntwurdzje de oanfal. Oan beide kanten falle deaden. De folgjende wiken boazet de striid allinnich mar fierder oan.
- 29 - It tal stjergefallen wrâldwiid, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 1 miljoen.
- oktober
- 1 - De Jeropeeske Uny begjint in rjochtsaak tsjin it Feriene Keninkryk om't it Britske regear wetjouwing besiket te yntrodusearjen dy't de ôfspraken fêstlein yn 'e Brexit-úttrêdingsoerienkomst oantaaste soe.
- 3 - De Amerikaanske presidint Donald Trump blykt sels oanhelle rekke te wêzen mei it koroanafirus.
- 4 - Yn Nij-Kaledoanje wurdt in referindum holden oer ûnôfhinklikheid fan Frankryk. 53,3% fan 'e befolking stimt foar behâld fan 'e bân mei Frankryk, wylst 46,7% foar ûnôfhinklikheid stimt.
- 5 - Yn Kirgyzje brekke gewelddiedige protesten út yn reäksje op 'e útslach fan 'e resinte parlemintsferkiezings yn dat lân. In koälysje fan opposysjepartijen beskuldiget it regear fan stimbusfraude.
- 6 - De Kirgizyske kieskommisje ferklearret de útslach fan 'e resinte parlemintsferkiezings ûnjildich yn in besykjen de gewelddiedige protesten del te bêdzjen.
- 8 - Yn 'e Amerikaanske steat Michigan komt in gearspanning fan rjochts-ekstremisten oan it ljocht om 'e Demokratyske gûverneur Gretchen Whitmer te ûntfieren en te 'berjochtsjen' foar lânferrie. Dit nei't presidint Donald Trump fia Twitter en yn syn taspraken in wiere hetze tsjin Whitmer fierd hat omreden fan har diedkrêftige oanpak fan 'e koroanafiruspandemy.
- 10 - Armeenje en Azerbeidzjan berikke ûnder Russyske bemiddeling in sjitferbod yn it oangeande konflikt om Nagorno-Karabach. Dat wurdt lykwols fuortendaliks troch beide partijen skeind.
- 14 - Yn 'e Taiske haadstêd Bangkok fynt yn it ramt fan 'e Taiske protesten tsjin 'e diktatuer en de macht fan 'e suver fergoade kening in demonstraasje fan mear as 200.000 minsken plak.
- 15 - Presidint Sooronbay Dzjeenbekov fan Kirgyzje treedt ôf nei oanhâldende protesten yn syn lân.
- 15 - Yn Conflans-Sainte-Honorine, in foarstêd fan 'e Frânske haadstêd Parys, wurdt in learaar dy't yn 'e klasse spotprinten fan 'e profeet Mohammed sjen litten hat, troch in islamistyske terrorist fermoarde.
- 17 - By de parlemintsferkiezings yn Nij-Seelân wint premier Jacinda Ardern mei oermacht in twadde termyn foar har regear.
- 17 - In nij sjitferbod tusken Armeenje en Azerbeidzjan yn it konflikt om Nagorno-Karabach, dat ûnder bemiddeling fan Frankryk ta stân kommen is, wurdt fuortendaliks troch beide partijen wer skeind.
- 23 - Israel en Sûdaan normalisearje harren diplomatike relaasjes en kundigje it sluten fan in formeel fredesferdrach oan.
- 29 - By in oanslach yn 'e Frânske stêd Nice stekt in islamistyske terrorist yn 'e Notre-Dame fan Nice trije minsken dea.
- 30 - By in swiere ierdbeving yn 'e Egeyske See wurde westlik Turkije en it Grykske eilân Samos rekke. Der komme 114 minsken om en mear as 1.035 reitsje ferwûne.
- novimber
- 2 - By in oanslach yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen wurde troch in islamistyske terrorist 4 minsken deasketten en mear as 20 oaren ferwûne.
- 2 - by in oanslach op 'e Universiteit fan Kabûl yn 'e Afgaanske haadstêd Kabûl sjitte trije leden fan 'e saneamde Islamityske Steat yn Irak en Syrje (ISIS) 22 minsken dea.
- 3 - De Amerikaanske presidintsferkiezings wurde holden.
- 4 - De Feriene Steaten lûke har formeel werom út it Klimaatakkoart fan Parys, in beslút fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump út 2019 dat opholden waard troch de ferplichte wachttiid fan in jier.
- 7 - De útslach fan 'e De Amerikaanske presidintsferkiezings wurdt bekend. Nei in neiltsjebitend spannende kiesstriid ferslacht de Demokratyske útdager Joe Biden de sittende Republikeinske presidint Donald Trump, mei 306 stimmen tsjin 232 yn it Elektoraal Kolleezje.
- 8 - It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it koroanafirus passearret de 50 miljoen.
- 9 - It earste faksên tsjin COVID-19 dat faze trije fan 'e testen trochrûn hat, ûntwikkele troch Pfizer en BioNTech, lit in tige bemoedigjende effektiviteit fan mear as 90% sjen.
- 9 - Armeenje en Azerbeidzjan slute ûnder bemiddeling fan Ruslân in wapenstilstân yn it konflikt om Nagorno-Karabach. Azerbeidzjan mei it ferovere gebiet hâlde, wat yn dat lân as in oerwinning fierd wurdt, en yn Armeenje oanlieding jout ta gewelddiedige demonstraasjes tsjin it regear dat mei de oerienkomst akkoart gien is.
- 12 - As fjouwer Hongkongske parlemintsleden troch it regear fan Hongkong út harren amt ûntheft wurde, stapt de hiele demokratyske opposysje út it parlemint.
- 15 - De Regional Comprehensive Economic Partnership (RCEP) wurdt ûndertekene troch fyftjin lannen yn Aazje en Oseaanje. It is de grutste frijhannelssône fan 'e wrâld, mei as leden û.o. Sina, Japan, Súd-Koreä, Yndoneezje, Fjetnam, Tailân, Austraalje en Nij-Seelân.
- 15 - De NASA en SpaceX lansearje it earste kommersjeel ûntwikkele romtefear, de Crew Dragon, nei it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS.
- 18 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 250.000.
- 19 - It Breretonrapport wurdt útbrocht, wêryn't oarlochsmisdieden fan Australyske kommando's yn 'e Oarloch yn Afganistan beskreaun wurde, lykas it deadzjen fan in Afgaanske finzene by wize fan ûntgrieningsritueel.
- 25 - It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it koroanafirus passearret de 60 miljoen.
- 26 - Yn Yndia wurdt yn it ramt fan 'e Boereprotesten de grutste staking yn 'e skiednis fan it lân holden.
- 27 - Yn Teheran wurdt de Iraanske nukleêr wittenskipper Mochsen Fachrizadeh fermoarde. It Iraanske regear fermoedet dat Israel efter de likwidaasje sit.
- 28 - By it Bloedbad fan Koshobe fermoardzje islamistyske terroristen fan Boko Haram op in pleats yn it Nigeriaanske Jere teminsten 43 minsken.
- 30 - Yn it ramt fan 'e Boereprotesten yn Yndia marsjearje mear as 200.000 boeren nei de haadstêd New Delhi.
- desimber
- 2 - It Feriene Keninkryk is it earste lân dêr't it faksên tsjin it koroanafirus fan Pfizer en BioNTech goedkard wurdt.
- 2 - Trije Hongkongske minskerjochte-aktivisten, ûnder wa de bekende Joshua Wong, krije finzenisstraffen oplein oant 13,5 moanne.
- 4 - Wrâldwiid binne der no 1,5 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19.
- 4 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget de weromlûking oan fan alle Amerikaanske troepen dy't mei trainingsmisjes fan it regearingsleger behelle binne yn 'e Somalyske Boargeroarloch.
- 5 - Ruslân is it earste lân fan 'e wrâld dat mei massale faksinaasje tsjin COVID-19 begjint, mei it eigen Spûtnik V-faksên.
- 5 - It tal stjergefallen yn Iraan, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 50.000.
- 6 - By de parlemintsferkiezings yn Fenezuëla behellet it regear fan diktator Nicolás Maduro troch de boycot fan 'e opposysje in klinkende oerwinning.
- 8 - It Feriene Keninkryk set as earste Westerske lân útein mei in faksinaasjekampanje tsjin COVID-19.
- 10 - Israel en Marokko normalisearje harren diplomatike relaasjes en kundigje it sluten fan in formeel fredesferdrach oan.
- 14 - Der is in sinnefertsjustering te sjen boppe Sily, Argentynje en Antarktika.
- 14 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 300.000 op deselde deis dat dêr de faksinaasjekampanje tsjin COVID-19 begjint.
- 14 - Yn 'e Feriene Steaten stelt it Elektoraal Kolleezje formeel fêst dat Joe Biden de presidintsferkiezings wûn hat mei 306 kiesmannen tsjin 232 foar de sittende presidint Donald Trump. De útslach is dêrmei definityf, ek al wegeret Trump noch altyd syn nederlaach te erkennen.
- 14 - De Feriene Steaten skrasse Sûdaan fan 'e Amerikaanske list mei lannen dy't terrorisme stypje.
- 14 - De Feriene Steaten stelle sanksjes yn tsjin Turkije om dat NATO-lân te straffen foar de oanskaf fan in raketsysteem fan Ruslân.
- 15 - It Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach stelt de Filipinen yn steat fan beskuldiging foar misdieden tsjin 'e minsklikheid yn 'e Filipynske drugsoarloch fan presidint Rodrigo Duterte.
- 18 - It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it koroanafirus passearret de 75 miljoen.
- 19 - In nije, tige besmetlike fariant fan it COVID-19-firus, dy't syn oarsprong hat yn súdlik Ingelân, oppenearret him en liedt ta it sluten fan 'e grinzen foar ferkear út it Feriene Keninkryk troch oare Jeropeeske lannen.
- 21 - Der docht him in útbraak fan COVID-19 foar yn 'e Sileenske Basis General Bernardo O'Higgins Riquelme, op Antarktika. Dêrmei hat it firus ek dat lêste wrâlddiel berikt.
- 24 - Yn 'e Brexitûnderhannelings slute it Feriene Keninkryk en de Jeropeeske Uny lang om let in alomfiemjend frijhannelsferdrach, krekt op 'e tiid foar de wetlik mandatearre ein oan it ûnderhannelingsproses mei de jierwiksel.
- 28 - It tal stjergefallen yn Spanje, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 50.000.
- 29 - Yn Kroaasje docht him in swiere ierdbeving foar fan 6,4 op 'e Skaal fan Richter, mei it episintrum by it stedsje Petrinja. Der komme 7 minsken om en mear as 20 oaren reitsje slim ferwûne.
- 30 - It Feriene Keninkryk is it earste lân dêr't it anty-COVID-19-faksên goedkard wurdt dat ûntwikkele is troch it farmaseutysk bedriuw AstraZenica y.g.m. de Universiteit fan Oxford.
- 31 - Om midsnacht komt in ein oan 'e oergongsperioade yn it ramt fan 'e Brexit. Alle bannen tusken it Feriene Keninkryk en de Jeropeeske Uny binne no ferbrutsen.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 3 - Kasem Soleimani, Iraansk generaal (* 1957)
- 7 - Sjoerd de Vries, Frysk skilder en tekener (* 1941)
- 10 - Kabûs bin Saïd al-Saïd, sultan fan Omaan (* 1940)
- 12 - Aart Staartjes, Nederlânsk akteur, regisseur, presintator, dokumintêremakker (* 1938)
- 19 - Chris de Wagt, proffuotballer en fuotbaltrainer (* 1985)
- 25 - Henk Hofstede, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder en politikus (* 1937)
- 26 - Kobe Bryant, Amerikaansk basketbalspiler (* 1978)
- febrewaris
- 4 - Kenzō Takada - Japansk stilist (* 1939)
- 5 - Kirk Douglas, Amerikaansk akteur (* 1916)
- 13 - Carlo de Leeuw, Nederlânsk proffuotballer (* 1960)
- 19 - Jos van Kemenade Nederlânsk politikus, heechlearaar en bestjoerder (* 1937)
- 19 -Jens Nygaard Knudsen, Deensk boartersguodûntwerper (* 1942)
- 25 - Hosni Mûbarak, presidint fan Egypte (* 1928)
- 28 - Humphrey Bennett, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1948)
- maart
- 1 - Ernesto Cardenal, Nikaragûaansk dichter, skriuwer, teolooch en politikus (* 1925)
- 8 - Max von Sydow, Sweedsk-Frânsk akteur en filmregisseur (* 1929)
- 20 - Kenny Rogers, Amerikaansk sjonger (* 1938)
- 24 - Albert Uderzo, Frânsk striptekener (* 1927)
- april
- 1 - Kim H. Veltman, Frysk histoarikus (* 1948)
- 2 - Juan Giménez, Argentynsk striptekener (* 1943)
- 4 - Arnold Heertje, Nederlânsk ekonoom en heechlearaar (* 1934)
- 9 - Yde Schakel, Frysk oannimmer (* 1928)
- 25 - Per Olov Enquist, Sweedsk skriuwer (* 1934)
- 29 - Irrfan Khan, Yndiaask akteur (* 1967)
- 29 - Maj Sjöwall, Sweedsk skriuwster (* 1935)
- maaie
- 3 - Eelke Bakker, âldste man fan Fryslân, Nederlân en de Benelúks (* 1910)
- 8 - Bartle Laverman, Frysk dichter, skilder en filosoof (* 1948)
- 11 - Jerry Stiller, Amerikaansk komyk en akteur (* 1927)
- juny
- 10 - Aad van den Heuvel, Nederlânske sjoernalist, programmamakker en skriuwer (* 1935)
- 26 - Bernhard van Haersma Buma, Nederlânsk politikus (* 1932)
- 29 -Carl Reiner, Amerikaansk akteur en presintator (* 1922)
- july
- 6 - Ennio Morricone, Italjaansk komponist (* 1928)
- 15 - Louw de Graaf, Frysk politikus (* 1930)
- 25 - Olivia de Havilland, Britsk-Amerikaansk aktrise (* 1916)
- 30 - Maarten Biesheuvel, Nederlânsk skriuwer (* 1939)
- augustus
- 1 - Wilford Brimley, Amerikaansk akteur (* 1934)
- 3 - John Hume, Noardiersk politikus en Nobelpriiswinner (* 1937)
- 6 - Nikolai van der Heyde, Nederlânsk regisseur (* 1936)
- 7 - Naima El Bezaz, Marokkaansk-Nederlânsk skriuwster (* 1974)
- 8 - Popke van der Zee, Frysk learaar, toanielakteur en oersetter (* 1956)
- 11 - Trini Lopez, Amerikaansk sjonger (* 1937)
- 13 - Corrie Hafkamp, Nederlânske berneboekeskriuwster (* 1929)
- 26 - Pieter Jan Tichelaar, Frysk ûndernimmer (* 1928)
- 30 - Hielke Nauta, Frysk politikus (* 1932)
- septimber
- 10 - Diana Rigg, Ingelsk aktrise (* 1938)
- 13 - Pieter Barteld Kooi, Nederlânsk argeolooch (* 1943)
- 15 - Mikola Sjmatko, Oekraynsk byldhouwer (* 1943)
- 15 - Caroline Kaart, Skotsk-Nederlânske opera-sjongster (* 1936)
- 18 - Ruth Bader Ginsburg, Amerikaansk opperrjochter (* 1933)
- 20 - Herman Wiersinga, Nederlânsk teoloog (* 1927)
- 27 - Tjalling Waterbolk, Nederlânsk heechlearaar archeology (* 1924)
- 29 - Sabah al-Achmed al-Djaber al-Sabah, emir fan Koeweit (* 1929)
- 30 - Mindert Wijnstra, Frysk skriuwer (* 1945)
- oktober
- 4 - Jan des Bouvrie, Nederlânsk ynterieurûntwerper (* 1942)
- 31 - Sean Connery, Skotsk akteur (* 1930)
- 31 - Josse de Haan, Frysk skriuwer en dichter (* 1941)
- novimber
- 2 Allard Schuilinga, Frysk politikus (* 1943)
- 8 - Alex Trebek, Kanadeesk-Amerikaansk kwismaster (* 1940)
- 10 - Saeb Erekat, Palestynsk politikus en diplomaat (* 1955)
- 10 - Amadou Toumani Touré, presidint fan Maly (* 1948)
- 12 - Jerry Rawlings, presidint fan Gana (* 1947)
- 18 - Dominic Grant, Ingelsk sjonger (* 1949)
- 25 - Diego Maradona, Argentynsk fuotballer (* 1960)
- 25 - Liselore Gerritsen, Nederlânske sjongster en skriuwster (* 1937)
- 28 - David Prowse, Ingelsk akteur en gewichtheffer (* 1935)
- desimber
- 1 - Frank Kramer, Nederlânsk presintator en fuotballer (* 1947)
- 2 - Valéry Giscard d'Estaing, presidint fan Frankryk (* 1926)
- 5 - Dolf de Vries, Nederlânske akteur en auteur fan reisboeken (* 1937)
- 7 - Ursul de Geer, Nederlânsk presintator, akteur en regisseur (* 1946)
- 8 - Martin Ros, Nederlânske útjouwer, publisist en literatuerkritikus (* 1937)
- 19 - Bram van der Vlugt, Nederlânske akteur (* 1934)
- 21 - Hank Adams, Amerikaansk minskerjochte-aktivist (* 1943)
- 28 - Teake van der Meer, Frysk kabaretier en komyk (* 1937)
- 29 - Alexi Laiho, Finsk sjonger en gitarist (* 1979)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)
- The Call of the Wild
- Force of Nature
- Myth: A Frozen Tale
- A Nice Girl Like You
- Once Upon a Snowman
- De Slag om de Schelde
- Trolls: World Tour
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- novelles
- Lois McMaster Bujold, The Physicians of Vilnoc
- Lois McMaster Bujold, Masquerade in Lodi
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- albums
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|