Springe nei ynhâld

Henry R. Porter

Ut Wikipedy
Henry R. Porter
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Henry Rinaldo Porter
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 febrewaris 1848
berteplak Lee Center (New York)
stoarn 3 maart 1903
stjerplak Agra (Britsk-Ynje)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18721874 & 18761876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang luitenant (sûnt 1872)
konflikt(en) Tonto-Oarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

Henry R. Porter (folút: Henry Rinaldo Porter; Lee Center (New York), 13 febrewaris 1848Agra (Britsk-Ynje), 3 maart 1903) wie in Amerikaansk dokter en militêr fan etnysk Ingelsk komôf dy't ûnder de Apache-Oarloggen en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Hy oerlibbe de ferneamde Slach oan de Little Bighorn en makke neitiid in grut tal reizen om utens.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Porter waard yn 1848 berne yn Lee Center, yn 'e Amerikaanske steat New York, as de soan fan Henry Norton Porter en dy syn frou Helen Polson. Hy groeide op yn New York Mills en learde foar dokter oan 'e Georgetown Universiteit yn Washington, D.C. Yn 1872 studearre er ôf en rûn dêrnei in fearnsjier staazje yn it Columbia Frouljussikehûs, dat ek fêstige wie yn 'e Amerikaanske haadstêd.

Tsjinst by it leger

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letter datselde jiers tekene Porter in kontrakt mei it Amerikaanske Leger wêrby't er legerdokter waard mei de rang fan luitenant. Hy tsjinne op 'e legerbasis Camp Hualapai, yn it Arizona-territoarium, dêr't doe de Apache-Oarloggen oan 'e gong wiene. Syn ienheid wie it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint fan brigadegeneraal George Crook. Dyselde foege yn febrewaris 1873 in loovjende oantekening oan Porter syn dossier ta, foar útsûnderlike moed op it slachfjild ûnder de Tonto-Oarloch tsjin 'e Tonto-Apachen. Op 16 oktober 1873 waard Porter oerpleatst nei de legerbasis Camp Hancock, by Bismarck, yn wat letter de steat Noard-Dakota wurde soe. Dêr tsjinne er oant syn kontrakt mei it leger op 1 desimber 1874 ôfrûn, wêrnei't er yn Bismarck in priveepraktyk begûn.

Under de Grutte Sû-Oarloch sleat Porter op 'e nij in kontrakt mei it leger ôf, diskear foar in healjier, om ûnder de simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho as legerdokter te tsjinjen. Hy waard as ien fan trije sjirurginen tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Under de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, makke Porter ûnderdiel út fan it detasjemint fan kaptein Frederick Benteen, dat earst nei it súdwesten ta stjoerd waard om 'e ferwachte flecht fan 'e Yndianen ôf te snijen, en letter mei de oerlibbenen fan it oansleine detasjemint fan majoar Marcus Reno krapoan twa dagen lang belegere waard op in klif boppe de rivier de Little Bighorn.

Porter wie de iennichste fan 'e trije dokters fan it rezjimint dy't de fjildslach oerlibbe, mei't dokter George Edwin Lord mei Custer en fiif folsleine kompanjyen omkaam, en dokter James Madison DeWolf sneuvele ûnder de gaoatyske weromtocht fan Reno syn detasjemint. Under belegering fan it klif, dat neitiid Reno Hill neamd waard, fersoarge Porter mei help fan ferskate leken, wêrûnder tolk Fred Gerard, de Amerikaanske ferwûnen. Nei ôfrin fan 'e slach begelate er syn pasjinten nei it steamskip de Far West, dat nei de mûning fan 'e Little Bighorn yn 'e rivier de Bighorn ta fearn wie. Porter sette de fersoarging fan 'e ferwûne soldaten fuort oant de Far West Fort Abraham Lincoln, by Bismarck, berikte.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er yn desimber 1876 út tsjinst gien wie, kearde Porter werom nei syn praktyk yn Bismarck, dy't er oan syn dea ta útoefenje soe. Yn septimber 1877 troude er yn Oberlin, yn Ohio, mei in Charlotte Viets (1854-1888), mar dat houlik bleau sûnder bern. Yn jannewaris 1879 tsjûge Porter yn Chicago foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie op oanfraach fan majoar Reno, dy't beskuldige wie fan leffens en plichtsfersom ûnder de Slach oan de Little Bighorn en op dy wize syn namme suverje woe.

Yn lettere jierren reizge Porter de wrâld yn 't rûn. Sa makke er yn 1883 in lange reis troch Jeropa, besocht er yn 1891 Kuba en Súd-Amearika, en gied er yn 1892 nei Meksiko-Stêd. Yn 't earstoan beselskippe syn frou him op syn reizen, mar nei't hja op 6 augustus 1888 kommen wie te ferstjerren, sette er syn reizen allinnich fuort. Yn 1903 kaam er op ien fan dy reizen om utens te ferstjerren, yn it Hotel Metropole yn 'e stêd Agra, yn Britsk-Ynje, dêr't er begroeven leit op it Cantonment Begraafplak. Syn frou Charlotte Viets leit yn har berteplak Oberlin, yn Ohio, begroeven, mei njonken har grêf in tinkstien foar har man. Der binne strjitten nei Porter ferneamd yn New York Mills, dêr't er opgroeide, en yn Bismarck, dêr't er it grutste part fan syn folwoeksen libben trochbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.