1991
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1986 | 1987 | 1988 | 1989 | 1990 | 1991 | 1992 | 1993 | 1994 | 1995 | 1996 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1991 MCMXCI |
Ab urbe condita | 2744 |
Armeenske kalinder | 1440 ԹՎ ՌՆԽ |
Etiopyske kalinder | 1983 – 1984 |
Hebriuwske kalinder | 5751 – 5752 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2046 – 2047 |
- Shaka Samvat | 1913 – 1914 |
- Kali Yuga | 5092 – 5093 |
Iraanske kalinder | 1369 – 1370 |
Islamityske kalinder | 1412 – 1412 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4687 – 4688 丁午 – 戊未 |
1991 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1991.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 17 jannewaris - Mei Operaasje Desert Storm begjint de Golfoarloch, wêrby't in brede koälysje fan lannen ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten Koeweit befrijt fan 'e besetting troch Irak.
- 1 maart-5 april - Yn it noarden fan Irak brekt de Sânde Koerdysk-Arabyske Oarloch út (ek wol de Nasjonale Opstân neamd), wylst yn it suden de Sjiïtyske Opstân (of de Sha'aban Intifada) begjint. Beide konflikten kinne troch it Iraakske regear ûnderdrukt wurde as bliken docht dat de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten net fan doel binne om 'e opstannelingen aktyf te stypjen.
- 11 maart - Litouwen wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 9 april - Georgje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 18 maaie - Somalilân (it eardere Britsk-Somalilân) ferklearret him ûnôfhinklik fan Somaalje.
- 21 maaie - De Yndiaaske premier Rajiv Gandhi wurdt fermoarde by in selsmoardoanslach troch in Tamyl-ekstremist.
- 24 maaie - Eritreä ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 15 juny - De fulkaan de Pinatubo, op 'e Filipinen, barst út. It is wrâldwiid de grutste útbarsting sûnt 1912.
- 25 juny - Kroaasje en Sloveenje roppe de ûnôfhinklikheid út en meitsje har los fan 'e Joegoslaavje.
- 26 juny - It Joegoslavyske Folksleger falt Sloveenje binnen. De Joegoslavyske Oarloggen begjinne.
- 1 july - It Warsjaupakt wurdt formeel opheft.
- 18 augustus - Jitiizer, Frysktalige popgroep fan Sint-Nyk, oprjochte.
- 19 augustus - By de Augustuspûtsj besykje leden fan it regear fan 'e Sovjet-Uny om presidint Michail Gorbatsjov ôf te setten en syn herfoarmings werom te draaien. Dat mislearret, wêrnei't it útinoarfallen fan 'e Sovjet-Uny net mear te kearen is.
- 19 augustus - Gagaûzje ferklearret him ûnôfhinklik fan Moldaavje.
- 20 augustus - Estlân ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 21 augustus - Letlân ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 24 augustus - De Oekraïne ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 25 augustus - Wyt-Ruslân ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 27 augustus - Moldaavje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 30 augustus - Azerbeidzjan ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 31 augustus - Kirgyzje en Oezbekistan roppe de ûnôfhinklikheid út en meitsje har los fan 'e Sovjet-Uny.
- 2 septimber - Nagorno-Karabach ferklearret him ûnôfhinklik fan 'e Azerbeidzjan.
- 8 septimber - Masedoanje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Joegoslaavje.
- 9 septimber - Tadzjikistan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 21 septimber - Armeenje wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 1 oktober - Yn it ramt fan 'e Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch begjint it Belis fan Dubrovnik troch it Joegoslavyske leger.
- 27 oktober - Turkmenistan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 12 novimber - By it Bloedbad fan Santa Cruz sjit it Yndonezyske leger yn East-Timor mear as 250 freedsume demonstranten dea.
- 23 novimber - De Pakjesboat 12 fan Sinteklaas leit oan yn Hylpen.
- 6 desimber - Under it Belis fan Dubrovnik berikke de artillerybesjittings fan 'e Kroätyske havenstêd troch it Joegoslavyske leger in hichtepunt.
- 16 desimber - Kazachstan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 21 desimber - Súd-Osseesje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Georgje.
- 25 desimber - Ruslân wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny, dy't dêrmei ophâldt te bestean.
- datum ûnbekend
- Tim Berners-Lee betinkt en ûntwikkelt de webbrowser en de markeartaal HTML, om wittenskiplike dokuminten tagonklik te meitsjen, letter brûkt foar it opmeitsjen fan siden foar ynternet.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 7 - Caster Semenya, Súdafrikaansk atlete
- 24 - Jett Rebel, Nederlânsk Multy-instrumintalist
- 31 - Nicole Koolhaas, Nederlânsk follybalster
- febrewaris
- 10 - Merel Baldé, Nederlânsk sjongeres
- 21 - Yvonne Nauta, Frysk reedrydster
- april
- 2 - Marjolijn Kroon, Nederlânsk kuorbalster
- 11 - James Magnussen, Australysk swimmer
- 20 - Marieke Lucas Rijneveld, Nederlânsk skriuwster
- 27 - Lara Gut-Behrami, Switsersk skyster
- 30 - Shelly Sterk, Nederlânsk presintatrise en dokumintêremakster
- maaie
- 5 - Robin de Kruijf, Nederlânsk follybalster
- 9 - Majlinda Kelmendi, Kosovaarsk judoka
- 14 - Erica Fontes, Portegeesk pornoaktrise
- 17 - Gina Gerson, Russysk pornoaktrise
- 22 - Ilona Hoeksma, Frysk hurdfytster
- 23 - Nicole Sabouné, Sweedsk sjongster
- 28 - August Taylor, Amerikaansk pornoaktrise
- juny
- 1 - Amy Pieters, Nederlânsk hurdfytster
- 7 - Emily Ratajkowski, Amerikaansk model
- 22 - Gabriella Paltrova, Amerikaansk pornoaktrise
- 28 - Kevin De Bruyne, Belgysk fuotballer
- july
- 20 - Carla de Bruine, Frysk sjongeres
- 22 - Nadia Ali, Amerikaansk pornoaktrise
- augustus
- 1 - Veronica Rodriguez, Fenezolaansk pornoaktrise
- 8 - Kody Keplinger, Amerikaansk skriuwster
- 27 - Katya Sambuca, Russysk stripper en neakenmodel
- septimber
- 4 - Sosha Duysker, Nederlânsk presintatrise en ferslachjouster
- 9 - Kelsey Chow, Amerikaansk aktrise
- 12 - Dilan Yurdakul, Nederlânsk aktrise
- 16 - Douwe Amels, Frysk heechspringer
- 17 - Sanne Wevers, Frysk turnster
- 17 - Lieke Wevers, Frysk turnster
- 21 - Ingrid Andress, Amerikaansk sjongster
- 25 - Jan van der Bij, Frysk roeier
- 27 - Shay Evans, Portorikaansk pornoaktrise
- 27 - Dillion Harper, Amerikaansk pornoaktrise
- novimber
- 4 - Adriana Chechik, Amerikaansk pornoaktrise
- 15 - Shailene Woodley, Amerikaansk aktrise
- 30 - Sean Lawless, Amerikaansk pornoakteur
- datum ûnbekend
- Nice Leng'ete, Keniaansk minskerjochte-aktiviste
Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 7 febrewaris - Eastland Cash, ferneamde fokbolle († 2005)
- datum ûnbekend - Wabe, filmhynder († 2015)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Charles B. Timmer, Nederlânsk skriuwer en dichter (* 1907)
- 9 - Chris Baay, Nederlânsk akteur (* 1904)
- 11 - Uke Tellegen-Veldstra, Frysk politikus (* 1910)
- 19 - Dirk Matzer van Bloois, Nederlânsk politikus (* 1907)
- 26 - Johnny van Doorn, Nederlânsk dichter (* 1944)
- febrewaris
- 18 - Maurits Troostwijk, Frysk jurist en politikus (* 1914)
- maart
- 3 - Clara Eggink, Nederlânsk dichter (* 1906)
- 5 - Trijntje Jansma-Boskma, Aldste persoan fan Nederlân (* 1882)
- 12 - William Heinesen, Fêreusk skriuwer (* 1900)
- 13 - Cor Witschge (Pipo de Clown), Nederlânsk akteur (* 1925)
- 23 - Fons Jansen, Nederlânsk kabaretier (* 1925)
- april
- 3 - Graham Greene, Ingelsk skriuwer (* 1904)
- 14 - Pietje Feitsma, Frysk reedrider (* 1918)
- 16 - David Lean, Ingelsk regisseur (* 1908)
- 30 - Jo Smit, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1916)
- maaie
- 23 - Jacob Kalma, Frysk predikant en skiedkundige (* 1907)
- juny
- 13 - Tabe Beintema, Frysk boekhanneler, frisiast en oersetter (* 1912)
- 16 - Vicki Brown, Ingelsk sjongster (* 1940)
- 27 - Klaas Bruinsma, Nederlânsk krimineel (* 1953)
- 27 - Molly Geertsema, Nederlânske politikus (* 1918)
- july
- 4 - Adriaan Anker, Nederlânsk politikus (* 1920)
- 10 - Adam Jaarsma, Frysk predikant, skriuwer en oersetter (* 1914)
- 16 - Meindert de Jong, Frysk skriuwer (* 1906)
- augustus
- 5 - Soichiro Honda, Japanske ûndernimmer (* 1906)
- 28 - Erich Schatzki, Dútsk yngenieur en fleanmasineûntwerper (* 1898)
- septimber
- 28 - Miles Davis, Amerikaansk muzikant en komponist (* 1926)
- oktober
- 15 - Hotze de Roos, Frysk berneboekeskriuwer (* 1909)
- 17 - Tennessee Ernie Ford, Amerikaansk sjonger en akteur (* 1919)
- 18 - Jan Broos, Frysk skiedkundige (* 1913)
- novimber
- 6 - Walle Melis Oppedijk van Veen, Nederlânsk politikus (* 1906)
- 12 - Oepke Plat, Frysk jirpelkeapman en koardirigint (* 1897)
- 23 - Klaus Kinski, Dútsk akteur (* 1926)
- 24 - Freddie Mercury, Ingelsk sjonger (* 1946)
- desimber
- 9 - Gisèle Lestrange, Frânsk grafysk ûntwerper (* 1927)
- datum ûnbekend
- Lamkje Hof-De Boer, Stellingwerfsk skriuwster en dichteresse (* 1908)
- Helen Spalding, Ingelsk dichteresse (* 1920)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- City Slickers
- Doc Hollywood
- Star Trek VI: The Undiscovered Country
- Terminator 2: Judgment Day
- Thelma & Louise
Jierren: | 1986 | 1987 | 1988 | 1989 | 1990 | 1991 | 1992 | 1993 | 1994 | 1995 | 1996 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|