Springe nei ynhâld

Seremoanje

Ut Wikipedy
De ôflossing fan 'e wacht by Buckingham Palace yn Londen.

In seremoanje is in plechtichheid mei rituele betsjutting, dy't in wichtich foarfal markearret. It wurd komt fan it Latynske cærimonia, mar taalkundigen tinke dat dat wurd mooglik oarspronklik út it Etruskysk kaam. It byhearrend eigenskipswurd is seremonieel, dat ek wol brûkt wurdt yn ferhaadwurklike foarm, lykas yn 'e sin: "It gie mank mei in protte seremonieel." In protte seremoanjes hawwe ien persoan dy't der lieding oan jout of dy't it spul koördinearret: de seremoanjemaster.

It begryp 'seremoanje' wurdt in protte betize mei it begryp 'ritueel'. In ritueel is in opienfolging fan hannelings wêrfan't yn 't foar fêststiet hoe en yn hokker folchoarder se útfierd wurde. Eltse seremoanje omfettet sadwaande ien of mear rituelen, mar der binne ek rituelen, lykas persoanlike rituelen of famyljerituelen, dy't nea diel útmeitsje fan in seremoanje. Soms is in seremoanje in barren foar ien kear, bygelyks as by de oerdracht fan in gebiet oan in oar lân de flagge fan it âlde lân delhelle en dy fan it nije lân hyst wurdt. Faak giet it by seremoanjes lykwols om foarfallen dy't regelmjittich, bgl. ien kear yn 't jier, werhelle wurde, lykas by de krânslizzing yn it ramt fan 'e Nasjonale Deadebetinking. Soms kinne seremoanjes sadwaande iuwenâlde tradysjes wêze.

It útwikseljen fan 'e trouringen is in ûnderdiel fan 'e houliksseremoanje.

Seremoanjes kinne ek tagelyk oergongsrituelen wêze, lykas de doop yn it kristendom, it sluten fan in houlik yn it algemien, it foarmsel en it lêste sakramint yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en de besnijenis en de bar mitswa of bat mitswa yn it joadendom. Deaderituelen lykas begraffenis en kremaasje geane ornaris ek mank mei in seremoanje. Itselde jildt foar ynwijings, lykas de preesterwijing yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en ûntgrienings by studinteferienings. Oare seremoanjes hawwe te krijen mei religieuze hjeldagen, lykas kryst, peaske, pinkster, pesjach, jom kippoer, it sûkerfeest, diwali, midwinter of midsimmer.

In protte seremoniële hannelings hawwe te krijen mei de nasjonale identiteit, lykas it hysjen fan in flagge, it spyljen en/of sjongen fan in folksliet of it ynspektearjen fan 'e earewacht troch in besykjend steatshaad. In wichtige seremoanje yn Nederlân is bgl. Prinskesdei, wêrby't it steatshaad elts jier de Troanrede útsprekt yn 'e Ridderseal. Ek foar de kroaning, ynhuldiging of ynauguraasje fan in nij steatshaad besteane in protte seremoanjes. Oare foarbylden fan seremoanjes binne de iepening fan nije gebouwen of bedriuwen (dat yn 'e folkmûle bekendstiet as 'lintsjesknippen'), de tewetterlitting fan nije skippen, de útrikking fan prizen, ûnderskiedings en diploma's, de ûndertekening fan in nij ynternasjonaal ferdrach en it iepenjen of sluten fan wichtige eveneminten, lykas de Olympyske Spullen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.