Pieter Weening
Pieter Weening | ||
sporter | ||
Pieter Weening yn 2012 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 5 april 1981 | |
berteplak | De Harkema | |
lingte | 186 sm | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Klimmer | |
debút | 2003 | |
karriêre-ein | 2020 |
Pieter Weening (De Harkema, 5 april 1981) is in earder Fryske hurdfytser.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Weening, dy't berne is yn de Harkema, rydt sûnt 1999 by de ploegen fan Rabobank, fan 2004 oant 2011 by de profôfdieling fan dy ploech sûnt 2012 rydt Weening foar de Australyske ploech Orica-GreenEdge Cycling. Yn syn earste profjier wûn hy in tal lytse wedstriden en ried boppedat de Omgong fan Spanje út. Pieter Weening syn spesjaliteit is it klimmen.
Yn 2005 fytste Weening yn de keninginnerit fan de Omgong fan it Baskelân oant tichtby de oankomst foarút, mar waard flak foar de streek dochs noch ynhelle. Fierder die er in soad feintewurk foar syn ploech yn in oare ProTour-wedstryd: de Amstel Gold Race. Yn de Omgong fan Frankryk dat jier wist Weening de achtste etappe te winnen mei in fraksje fan in sekonde (0,0002) foarsprong op Andreas Klöden. Flak efter harren siet it sprintende peloton, dat yn it stik dêrfoar goed ôfstoppe wie troch Pieter syn ploechmaat Michael Boogerd. Weening waard yn 2005 ek keazen ta hurdfytser fan it jier.
Yn 2011 wûn er de fyfde etappe yn de omgong fan Itaalje hy waard ek lieder yn it klassemint, Dêrmei is er de earste Fries mei de rôze trui. [1]
Wylst yn Frankryk de Omgong fan Frankryk 2011 geande wie, waard bekind dat Weening nei tolve jier de Rabobank ploech ferlit.[2] Tidens de Omgong fan Frankryk yn 2012 wie Weening de ienigste fan de fjouwer dielnimmende Friezen dy't Parys wist te beheljen.
Yn 2013 waard Weening twadde yn de Omgong fan Langkawi yn Maleizje. Yn de Omgong fan it Baskelân einige Weening as sechsde yn it einklassemint. Weening waard achtste yn de Amstel Gold Race. Begjin augustus wûn Weening it einklassemint in de Omgong fan Poalen. [3]
Fan ôf 2016 kaam Weening út foar de Nederlânske ploech Roompot-Oranje Peloton, mei dizze ploeg wist weening yn 2016 de Omgong fan Noarwegen en in bergetappe yn de Omgong fan Switserlân op syn namme te skriuwen. Yn 2020 makke Pieter Weening bekent dat hy stopte as profesjoneel hurdfytser.
Wichtichste oerwinnings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 8e etappe yn de Omgong fan Frankryk (2005)
- 6e etappe yn de Omgong fan Poalen (2005)
- 5e etappe yn de Omgong fan Itaalje (2011) drager fan de rôze trui yn de 6de, 7de, 8ste en 9de etappe
- Einklassemint Omgong fan Poalen (2013)
- 1e (Team Tiidrit) en de 9e etappe yn de Omgong fan Itaalje (2014)
- einklassemint Omgong fan Toskane (2014)
- 1e (Team Tiidrit) yn de Omgong fan Itaalje (2015)
- 2e etappe Omgong fan Noarwegen (2016)
- Einklassemint Omgong fan Noarwegen (2016)
- 6e etappe Omgong fan Switserlân (2016)
- 3e etappe Omgong fan Noarwegen (2017)
- 5e etappe Omgong fan Eastenryk (2018)
- 2e etappe Omgong fan Lúksemboarch (2019)
Dielname oan grutte omgongen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan de Omgong fan Frankryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan de Omgong fan Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004 - 59ste
- 2006 - 61ste
- 2009 - 44ste
Dielname oan de Omgong fan Itaalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2010 - 24ste;
- 2011 - 45ste; winner 5e etappe
- 2013 - 38ste;
- 2014 - net finisht; winner 9e etappe
- 2015 - 92ste;
- 2020 - net finisht;