Springe nei ynhâld

Oerknal

Ut Wikipedy
Untwikkelingsstadia fan it universum.

Oerknal of Big Bang is de populêre beneaming fan de kosmologyske teory dy't op basis fan de algemiene relativiteitsteory ûnderstelt dat 13,7 miljard jier ferlyn it hielal ûntstie út in enoarm hjit punt (± 1028°C), mei in ûneinich grutte tichtheid, ofwol in singulariteit. Tagelyk mei de oerknal soenen romte en tiid ûntstien wêze. De teory is ûnder mear basearre op de waarnimming fan it allegeduerigen útdijende hielal, yn it bysûnder de readferskowing fan de spektraalline en fan ljocht fan fiere stjerrestelsels, it dopplereffekt. De algemiene relativiteitsteory is op dit punt lykwols noch net folslein, omt it idee fan in ûneinich grutte tichtheid stridich is mei de fûnemintele wetten fan de natuerkunde.

De term 'Big Bang' waard foar it earst troch Fred Hoyle yn 1950 brûkt as in sarkastyske oantsjutting om syn wearzge fan de teory ta útdrukking te bringen. Hoyle wie sels foarstanner fan it konkurrearjende mar nu ferlitten steady statemodel.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]