Springe nei ynhâld

Denis Mukwege

Ut Wikipedy
Denis Mukwege
persoanlike bysûnderheden
echte namme Denis Mukengere Mukwege
nasjonaliteit Kongoleesk
berne 1 maart 1955
berteplak Bukavu (Belgyske Kongo)
etnisiteit ?
wurkpaad
berop/amt gynekolooch
aktyf as frouljusrjochte-aktivist
jierren aktyf ±1980 – no
prizen Sacharovpriis 2014
Nobelpriis foar de Frede 2018

Denis Mukwege (folút: Denis Mukengere Mukwege; Bukavu, 1 maart 1955) is in Kongoleeske gynekolooch en Nobelpriiswinner. Hy is de oprjochter fan it Panzi-sikehûs yn Bukavu, dêr't er him spesjalisearre hat yn 'e medyske behanneling fan froulju dy't yn en nei de Twadde Kongoleeske Oarloch it slachtoffer wurden binne fan groepsferkrêftings, benammen troch striders fan 'e ferskate rebellegroepen. Mukwege wurdt anno 2018 beskôge as de liedende ekspêr yn 'e wrâld op it mêd fan ferwûnings oan 'e geslachtdielen dy't feroarsake binne troch ferkrêfting. Syn opkommen foar ferkrêftingsslachtoffers waard him yn 'e Kongo troch in soad manlju net yn tank ôfnommen, en nei in moardoanslach yn 2012 moast er in skoft yn ballingskip gean. Yn 2014 waard oan Mukwege troch de Jeropeeske Uny de Sacharovpriis takend, en yn 2018 wûn er tegearre mei de Jezidyske frouljusrjochte-aktiviste Nadia Moerad de Nobelpriis foar de Frede.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mukwege waard yn 1955 berne yn Bukavu, in stêd yn it easten fan wat doe noch de Belgyske Kongo wie. Hy wie de trêde fan njoggen bern yn it gesin fan in pinksterkristlike dûmny en dy syn frou. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, besleat Mukwege en doch in stúdzje medisinen, om't er de sike lju, foar wa't syn heit altyd bea, genêze woe. Nei't er tsjûge west hie fan 'e komplikaasjes by de berte dêr't froulju yn 'e eastlike Kongo (of Saïre, sa't it lân doe hiet) mei te krijen hiene om't der gjin spesjalistyske sûnenssoarch foar harren bestie, keas er der nei it ôfrûnjen fan 'e algemiene oplieding foar om him fierder ta te lizzen op ferloskunde.

Mukwege mei it lintsje fan it Frânske Légion d'Honneur.

Nei't er syn medyske oplieding yn Boerûndy ôfmakke hie, gie Mukwege as ferloskundige oan it wurk yn it sikehûs fan Lemera, op it Kongoleeske plattelân yn 'e omkriten fan Bukavu. Dêr kaam er pasjintes tsjin dy't nei de berte freeslike pine en genitale bliedings krigen om't der mank de medyske stân yn Saïre gjin kennis bestie om harren oandwanings te behanneljen. Sadwaande briek Mukwege syn wurk ôf en reizge nei Frankryk, dêr't er gynekology studearre oan 'e Universiteit fan Angers.

Mukwege sette syn wurk yn it sikehûs fan Lemera fuort nei't er as diplomearre gynekolooch yn Saïre weromkeard wie. Doe't nei it útbrekken fan 'e Earste Kongoleeske Oarloch, yn 1996, de sitewaasje yn Lemera te gefaarlik foar him waard, gied er nei syn berteplak Bukavu, dêr't er inkele jierren yn oare sikehuzen wurke. Yn 1999, in jier nei it útbrekken fan 'e ekstreem bloedige Twadde Kongoleeske Oarloch, stifte Mukwege yn Bukavu it Panzi-sikehûs. Dêr spesjalisearre er him fierder yn it helpen fan 'e froulju dy't dêr mei skriklike genitale ferwûnings binnenbrocht waarden nei't se it slachtoffer wurden wiene fan groepsferkrêftings. Sokke oarlochsmisdieden waarden yn it easten fan wat doe ûnderwilens de Demokratyske Republyk Kongo wurden wie, troch alle stridende partijen as oarlochswapen brûkt, mar benammen troch de ferskate rebellegroepearrings.

Sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren hat Mukwege syn wurk grutdiels bestien út genitale plastyske sjirurgy. Anno 2018 hat er mear as 85.000 froulju holpen fan wa't de ferwûnings yn 60% fan 'e gefallen feroarsake wiene troch seksueel geweld. Yn in fraachpetear omskreau er hoe't syn pasjintes soms op eigen krêft folslein neaken syn sikehûs witte te berikken. Hy ferrjochte persoanlik soms wol tsien operaasjes deis, wêrby't er dan wurkdagen fan 18 oeren makke.

Denis Mukwege sprekt yn 2014 it Jeropeesk Parlemint ta by de útrikking (oan him) fan 'e Sacharovpriis.

Yn septimber 2012 joech Mukwege in taspraak foar de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes, wêryn't er de straffeleazens foar de massale ferkrêftings yn 'e Demokratyske Republyk Kongo feroardiele en it Kongoleeske regear sawol as bûtenlânske machten bekritisearre mei't se net genôch diene om in ein te meitsjen oan wat er "in ûnrjochtlike oarloch" neamde, "dy't gebrûk makket fan geweld tsjin froulju en ferkrêfting as in oarlochsstrategy."

Wierskynlik as reäksje op syn taspraak foar de Feriene Naasjes foelen op 25 oktober 2012 fjouwer wapene manlju Mukwege syn wente yn Bukavu binnen. Om't er sels net thús wie, gizelen se syn dochters en wachten oant er thúskomme soe om him te fermoardzjen. Doe't er thúskaam, waard Mukwege syn libben rêden troch syn liifwacht, dy't sels lykwols deasketten waard. De dokter wist dekking te sykjen en oerlibbe de dêropfolgjende sjitpartij. Neitiid moast er foar syn eigen feilichheid de wyk nimme nei Jeropa, dêr't er in fearnsjier yn ballingskip trochbrocht yn Frankryk. Neffens it Panzi-sikehûs hie syn ôfwêzigens in ûntstellend effekt op 'e deistige gong fan saken dêre.

Op 14 jannewaris 2013 kearde Mukwege werom nei Bukavu, dêr't er in waarm wolkom krige fan it meastepart fan 'e befolking. Benammen syn pasjinten wiene tige bliid him werom te sjen, en hiene jild ynsammele foar syn fleanticket fan Frankryk nei Kongo troch mei ananassen en sipels te suteljen. Datselde jiers kende de Jeropeeske Uny oan Mukwege de Sacharovpriis foar de minskerjochten ta. Yn 2018 wûn er de tige prestizjeuze Nobelpriis foar de Frede, tegearre mei Nadia Moerad, in Iraakske frou dy't de Jezidyske Genoside en seksuële slavernij yn 'e hannen fan 'e striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) oerlibben hie.

jier priis nasjonaliteit organisaasje dield mei
2008 Minskerjochtepriis fan de Feriene Naasjes ynternasjonale mienskip Feriene Naasjes
Olof Palme-priis Sweden oerheid
2009 Afrikaan fan it Jier Nigearia krante Daily Trust
ridder yn it Légion d'Honneur Frankryk oerheid
2010 Van Heuven Goedhart-priis Nederlân Stichting Vluchteling
earedoktoraat Sweden Universiteit fan Umeå
Wallenberg Medalje Feriene Steaten Universiteit fan Michigan
2011 Kening Boudewyn Ynternasjonale Untwikkelingspriis Belgje oerheid
Clinton Global Citizen Award Feriene Steaten Clinton Foundation (útrikt troch Bill Clinton)
2012 Deutscher Medienpreis Dútslân Dútske media
ofsier yn it Légion d'Honneur Frankryk oerheid
2013 Civil Courage Prize Feriene Steaten The Train Foundation
Human Rights First Award Feriene Steaten Human Rights First
Right Livelihood Award Sweden Right Livelihood Award Foundation
Priis foar Konfliktprevinsje Frankryk Fondation Chirac
2014 earedoktoraat Belgje Katolike Universiteit fan Leuven Lawrence Lessig en Jigme Thinley
Hillary Clinton Award Feriene Steaten Universiteit fan Georgetown William Hague
Inamori Ethics Prize Feriene Steaten Inamori Center for Ethics and Excellence
fan 'e Case Western Reserve University
Solidariteitspriis Belgje Médicins du Monde
Sacharovpriis Jeropeeske Uny Jeropeesk Parlemint
2015 earedoktoraat Feriene Steaten Universiteit fan Harvard
Gulbenkianpriis Portegal Calouste Gulbenkian Foundation
Champion Peace Award Feriene Steaten Women for Women International
2016 Prix Héros pour l'Afrique Belgje Héros pour l'Afrique
Renfield Foundation Award for Global Women's Health Feriene Steaten University of Pennsylvania School of Nursing
Four Freedoms Award Nederlân Roosevelt Stichting
Scandinavian Human Dignity Award   Skandinaavje Scandinavian Human Rights Lawyers & Committee
Seoul Peace Award Súd-Koreä oerheid
2017 earedoktoraat Skotlân Universiteit fan Edinburch
2008 earedoktoraat Frankryk Universiteit fan Angers
earedoktoraat Belgje Universiteit fan Luik
Nobelpriis foar de Frede Noarwegen Nobelkomitee Nadia Moerad

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.