Springe nei ynhâld

Clyde Warrior

Ut Wikipedy
Clyde Warrior
persoanlike bysûnderheden
echte namme Clyde Merton Warrior
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 augustus 1939
berteplak Ponca City (Oklahoma)
stoarn 19 july 1968
stjerplak Enid (Oklahoma)
etnisiteit Ponka
wurkpaad
aktyf as minskerjochte-aktivist
jierren aktyf 19611968

Clyde Warrior (folút: Clyde Merton Warrior; Ponca City (Oklahoma), 31 augustus 1939Enid (Oklahoma), 19 july 1968) wie in Amerikaansk minskerjochte-aktivist fan etnysk Yndiaansk komôf. Hy wie ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC), naam diel oan 'e Mars op Washington mei Martin Luther King en stried sûnder wurch te wurden tsjin earmoede en foar boargerrjochten foar de Yndianen.

Warrior waard yn 1939 berne yn Ponca City, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma, as de soan Gloria Collins, in allinnichsteande mem. Hy waard grutbrocht troch syn pake en beppe yn 'e tradysjes fan syn folk, de Ponka, en wie in lid fan 'e federaal erkende Ponka Stamme fan Oklahoma. As memmetaal spriek er it Ponka, in taal dy't no útstoarn is, en as tiner wied er yn 1957 en 1958 de dûnskampioen op it mêd fan 'e tradisjonele dûnsen fan 'e Ponka. Warrior genoat middelber ûnderwiis yn Lawton en studearre letter oan 'e Noardeastlike Steatsuniversiteit yn Tahlequah, dêr't er yn 1966 in bachelortitel behelle.

Yn 'e maityd fan 1961 waard Warrior keazen ta foarsitter fan 'e Súdwestlike Regionale Yndiaanske Jeugdried, en yn dy hoedanichheid naam er yn juny fan dat jier diel oan in lanlike Yndiaanske konferinsje yn Chicago. Dêr waard troch Yndiaanske lieders út 'e hiele Feriene Steaten in Ferklearring fan Yndiaanske Doelen opsteld, dy't oanbean waard oan presidint John F. Kennedy. De jeugdlieders fan dy konferinsje, wêrûnder Warrior, dy't ûntefreden wiene oer de nuete polityk fan 'e âlderein, troffen inoar koarte tiid letter wer yn Gallup, yn Nij-Meksiko, dêr't se de Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC) oprjochten, mei as doel om it aktivisme ûnder de Yndiaanske jongerein foarm te jaan en oan te fiterjen. Troch de NIYC kaam Warrior yn 'e kunde mei Della Hopper, ien fan 'e oare oprjochters, dat in lid fan 'e Oto-Missoeria Stamme wie. Yn 1962 trouden se, en út harren houlik waarden twa dochters berne.

Warrior waard neitiid nominearre foar in sit yn 'e stammeried fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma, en hy ûntjoech him ta begenedige sprekker op universiteiten en hegeskoallen. Teffens wied er ien fan 'e redakteurs fan it tydskrift Indian Voices, dat útjûn waard oan 'e Universiteit fan Chicago. Warrior krewearre om 'e fiskerijrjochten fan 'e stammen yn 'e steat Washington feilich te stellen, wêrby't er de stipe wist te winnen fan p.r.-lju út New York en de filmstjer Marlon Brando. Ek sette er him op in net wurch te krijen manear yn foar de striid tsjin 'e earmoede ûnder de Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Yn 1963 naam er diel oan 'e Mars op Washington ûnder lieding fan 'e swarte aktivist Martin Luther King, mei as bedoeling om 'e effektive strategyen fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging te bestudearjen.

Mids jierren sechtich skreau Warrior twa tige ynfloedrike essay's oer de diskriminaasje en ynkompetinsje fan it Buro fan Yndiaanske Saken dêr't de Yndianen ûnder te lijen hiene: We Are Not Free en Which One Are You? Five Types of Young Indians. Yn 1967 waard Warrior foarsitter fan 'e NIYC. Hy wie in grut foarstanner fan it selsbeskikkingsrjocht foar de Yndianen en syn krewearjen foarme in boarne fan ynspiraasje foar withoefolle oare jonge Yndiaanske aktivisten yn 'e 1960-er en 1970-er jierre. Warrior kaam lykwols op 19 july 1968 al te ferstjerren, yn Enid (Oklahoma), noch mar 28 jier âld. Hy waard begroeven yn syn berteplak Ponca City.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.