Springe nei ynhâld

Sisylje

Ut Wikipedy
Sisylje
Sicilia
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Palermo
Oerflakte 25.832,39 km²
Befolking 4.783.439 (31-07-2024)
Befolkingstichtens 185,17 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Etna: 3.323 m
Oantal gemeenten 391
Provinsjes 6 provinsjes: Agrigento, Caltanissetta, Enna, Ragusa, Siracuse, Trapani;
3 metropolitane stêden: Catania,, Messina, Palermo

Sisylje (Italjaansk en Sisyljaansk: Sicilia) is in eilân en (sûnt 1947) in autonome regio fan Itaalje. It eilân leit yn de Middellânske See tusken de, op de Italjaanske fêstewâl lizzende regio Kalaabrje en Tuneezje yn Noard-Afrika. Súdlik fan Sisylje leit de lytse eilânsteat Malta. Sisylje betsjut "it eilân mei de trije punten", dat is teffens de namme fan de flagge.

Fierders hearre by Sisylje de Liparyske of Eolyske Eilannen, it eilantsje Ustika, de Egadyske Eilannen, it eilân Pantelleria en de Pelagysje Eilannen. Dy lêste twa eilannen lizze flak foar de kust fan Tuneezje en hearre geologysk by it Afrikaansk kontinint.

De earste bewenners fan it eilân, noch foar de Grykske koloanisaasje wienen de Elymianen, Sisany en Siselen. Letter waard Sisylje koloanisearre troch Foenysjers út Kartago en it âlde Grikelân. Dy koloanisaasje begûn yn de 8e iuw f.Kr.. Sisylje foarme doe tegearre mei Súd-Itaalje it saneamde Magna Graecia. Fanút Sisylje soene ferskate stêdsteaten stifte wurde, ûnder oaren Gela, Agrigento, Selinunte, Himera en Messina.

Sisylje is benammen bekend fanwege it grutte tal ymmigranten dy't emigrearre binne nei de Feriene Steaten, de oarsprong fan de maffia, it tanimmende toerisme en de noch hieltyd tige aktive fulkaan de Etna.

Op Sisylje wurdt njonken it Italjaansk ek Sisyljaansk sprutsen, dat besibbe is oan it dialekt fan Kalaabrje. It Sisyljaansk wurdt as in eigen taal beskôge.

Lânskip fan Sisylje

Yn it easten, tichteby Catania, leit de fulkaan de Etna, dy't as in grutte bult yn it lânskip tige opfalt. Dêromhinne leit in frij flak gebiet. Dêr wurdt in soad fruit ferboud. Yn West- en Sintraal-Sisylje wurdt it lânskip dominearre troch heuvels. Wat opfalt is de drûchte dy't simmers hieltyd oanwêzich is en de goudbrune kleur yn de heuvels feroarsaket, útsein troch de folle sitroen- en sinaasappelplantaazjes, dêr't befloeiïng oanwêzich is.

Yn it noarden fan it eilân lizze grutte griene wâlden.

Krekt yn it midden fan Sisylje leit it in grut aaifoarmich mar, it Lago Pergusa (1x1,5 km), mei dêr omhinne it Autodromo di Pergusa, in sirkwy foar autoraces.

Utsein de Etna, hat Sisylje yn de neite ek noch de relatyf lytse, mar tige aktive fulkaan Stromboli, it noardlikste fan de Liparyske of Eolyske Eilannen.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sisylje bestiet út trije metropolitane stêden en seis provinsjes:

Wapen Metropolitane stêd Oantal gemeenten Tal ynwenners Oerflak
(km²)
Befolkingtichtens
(km²)
Palermo 82 1.275.293 4.992 250
Catania 58 1.115.696 3.553 307
Messina 108 646.902 3.247 201
Metropolitane stêden 248 3.037.891 11.792 253
Wapen Provinsje Oantal gemeenten Ynwennertal Oerflak
(km²)
Befolkingstichtens
(km²)
Agrigento 43 448.204 3.042 149
Caltanissetta 22 274.194 2.124 127
Enna 20 171.787 2.562 67
Ragusa 12 318.468 1.614 198
Siracusa 21 404.419 2.109 191
Trapani 25 435.587 2.459 177
Regio 142 2.052.659 13.910 151
Sisylje 391 5.090.550 25.902 196

Wichtige stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haadstêd fan Sisylje is Palermo. Oare grutte stêden binne:

Sisylje beskikt oer in Middellânsk Seeklimaat mei waarme simmers en sêfte winters mei in protte rein.

Fanút Messina is der in boatferbining mei Itaalje. Lofthavens binne der yn Catania, Palermo en Trapani. Yn Catania is sûnt 1999 in Metro

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
· · Berjocht bewurkje