Springe nei ynhâld

SDAP

Ut Wikipedy
Betinkplaat
Lanlike ferkiezingen 1918

De Sosjaal-Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) wie in Nederlânske politike partij fan foar, yn en flak nei de Twadde Wrâldoarloch. De SDAP waard op 26 augustus 1894 oprjochte yn it lokaal Atlas oan de Ossenmarkt 9 yn Swol as alternatyf foar it Sosjaal-Demokratysk Bûn (SDB) fan Domela Nieuwenhuis. De partij wie teoretysk grûnfêste op it marksisme mar besocht har doelen fia de parlemintêre demokrasy nei te stribjen. Dêrmei ûnderskiede it har fan de SDB. Ta de 12 oprjochters (de "tolve apostels" neamd) hearden Pieter Jelles Troelstra, Jan Schaper en Willem Vliegen.

Skiednis yn it koart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in perioade fan groei (oant 1918) folge der ien fan stabilisaasje. De striid tusken marksisten en revisonisten late ta de foarming fan marksistyske opposysje dêr't de lieders fan (Wijnkoop en Van Ravensteyn) yn 1909 royeerd waarden. Yn 1912 waard in minder marksistysk programma oanfard. It mislearjen fan Troelstra's revolúsje (sjoch: it Fersin fan Troelstra) yn 1918 brocht de SDAP op in evenredich paad en de partij ûntwikkele him ta in progressive folkspartij dy't de kapitalisyske maatskippij stadich troch demokratyske ferkiezings feroarje woe ta in sosjalistyske maatskippij. Yn 1946 gie de SDAP op yn de PvdA.

De SDAP yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't der Friezen by de oprjochting wienen, waard de partij dochs wifeljend ûntfongen yn de provinsje Fryslân. In soad Folkspartij leden bleaune ôfsidich, Geart van der Zwaag en Domela Nieuwenhuis hienen noch in soad oanhing. Mar it optreden fan Troelstra brocht feroaring. Hy helle yn 1897 yn Ljouwert en Tytsjerksteradiel de mearderheid. Yn 1900 kaam Gerrit Willem Melchers as propagandist nei foaren. Hy waard yn 1901 yn Ljouwert keazen. Stadichoan groeit no de partij. Bekende Fryske SDAP-ers wienen J.G. Jansonius, H.H. de Vos, Menne Hillebrand, Karel Besuyen, Albertinus van der Heide en Lourens Zandstra. Ek de Blije Wereldgroep die mei. By de Steateferkiezings fan 1907 klom de partij fan fiif nei acht sitten. Der binne dan 25 gemeenteriedsleden, allinnich yn Ljouwert al sân. Yn 1913 waarden yn Fryslân fjouwer SDAP'ers keazen foar de Twadde Keamer. (oantal stimmen: 17.254). Nei de Earste Wrâldoarloch wienen der 110 ôfdielings (5500 leden). It oantal Steatesitten wurdt yn 1919 op 14 brocht. Dan 139 gemeenteriedsleden. Tusken de oarloggen binne ûnder oare Harm de Boer, J.K. Brouwer, Johannes Dijkstra, J. Geerts, L.J. de Jong, J. Klok, Pieter Sikkes en J. Ytsma bekende figueren. Foar de Twadde Wrâldoarloch hat de partij lêst fan de Troelstrabeweging (Paul Kiës). Nei de oarloch komme de measte leden yn de PvdA.

Foar in soad bûtentsjerklike arbeiders fungearre de partij as tsjerke. Striidlieten waarden as psalmen songen. De Arbeidersjeugdsintrale (AJC) en it Ynstitút foar Arbeidersûntwikkeling hienen fan elts in soad belangstelling. De partij wie algemien Nederlânsk oriïntearre, mar in soad hienen in iepen each foar de idealen fan de Fryske beweging (sjoch Sosjaal-Demokratysk Frysk Forbân). De SDAP wie de partij fan de 'bewuste', 'moderne' arbeider en hie likegoed oanhing op it plattelân as yn de stêden, benammen yn de Noardwesthoeke en de midden fan Fryslân, minder sterk yn it súdeasten.

Al gau nei de oprjochting yn 1894 krige de SDAP de bynamme"Skoalmasters-, Dominees- en Abbekaten-Partij", dêr't de spanning mei oansnien waard tusken in yntellektueel partijkader en in folkse achterban.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Sociaal-Democratische Arbeiderspartij (SDAP).