Springe nei ynhâld

Poddestoel

Ut Wikipedy
De bekende miggeswam.

In poddestoel is it fleizige, spoaredragende fruchtlichem fan in skimmel, dat yn 'e regel boppegrûnsk groeit, itsij op 'e grûn, itsij op 'e itensboarne fan 'e oangeande skimmel, lykas in beam. Poddestuollen besteane yn 'e regel út in stâle en in poddehoed, in gauris oarskleurige ferbreding boppe-op 'e stâle. De ûnderkant fan 'e hoed befettet kiuw-eftige spjalten, de lamellae (inkeltal: lamella), dêr't de spoaren groeie. Oars as dat faak oannommen wurdt, foarmje poddestuollen mar in lyts part fan 'e eigentlik skimmel, dy't foar it grutste part ûnder de grûn sit en bestiet út skimmeltriedden.

Poddestuollen steane derom bekend dat se hiel fluch groeie, wat oanlieding jûn hat ta de siswize "as poddestuollen út 'e grûn rize". Foarhinne waarden dy flugge groei, de nuvere, soms suver obsene foarmen en de felle kleuren as ûnnatuerlik beskôge. Sadwaande waarden poddestuollen gauris yn ferbân brocht mei tsjoenderij en hekserij. In rûnte fan poddestuollen (feroarsake trochdat de ûndergrûnske skimmeltriedden mei-inoar ferbûn binne), kaam dêrtroch bekend te stean as in heksering (al wurdt soks yn it Frysk ek wol, en minder makaber, in tsjernpaad neamd). Ek in protte nammen fan ôfsûnderlike poddestuollesoarten geane noch op dy boppenatuerlike taskriuwing werom, lykas dy fan 'e gewoane hekseboleet, de satansboleet, de duvelsbrearussula, it swevelkopke (swevel ferwiist ommers nei de hel) en it feeëbankje, al binne der ek genôch "ûnskuldiger" nammen, lykas it iikhoarntsjebrea (of sjerpboltsje), de pearelamanyt en de grutte parasolswam.

Poddestuollen wurde gauris iten, en guon soarten, lykas de sjampinjon, wurde sels kommersjeel kweekt. It is lykwols tige gefaarlik foar leken om op eigen manneboet te poddestoelsykjen te gean, mei't in protte soarten tige opinoar lykje, en party withoe giftich binne, wylst oaren sûnder beswier iten wurde kinne. Elts jier beswike der, ek yn Nederlân, wer lju oan poddestuollefergiftiging. It fakgebiet fan 'e biology dat him taleit op 'e stúdzje fan poddestuollen (en skimmels) hjit de mykology.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.