Springe nei ynhâld

Piip (brêge)

Ut Wikipedy
It Piepke oan de dyk nei Muntsjesyl
De Vischmarktpijp oer Foarstreek yn Ljouwert

In piip is in healrûne lege brêge (faken mei in mitsele ferwulft). In piip kin brûkt wurde as in brêge, of om farwetter troch in stêdwâl te lieden. Fral in mitsele piip hat ornaris in bôgefoarm, om de grûn of de strjitte derboppe drage te kinnen.

De namme is faak werom te finen yn de namme fan brêgen, sa as de Lange Piip yn Ljouwert. Yn Grins hjitte de Kijk in 't Jatbrug de Jatpijp. Oer de Goddeloaze Singel ûnder Feanwâlden leit de Skele piip en de brêge oer de nije Drachtsterfeart krige ek de namme 'De Piip".

In oar foarbyld fan in piip is de Snitser Heecheinder Piip, de piip dêr't yn 1613 de Snitser Wetterpoarte op boud is.

Ek smelle wetterrinnen hjitte somtiden Piip (of Piepke, sa as bygelyks de oare namme fan de Lek by de Like is). Oer sa'n wetter wie faak in smelle brêge te finen, sadat de namme fan de brêge oergien is op it wetter.

Ek de Amsterdamske wyk De Pijp is neamd nei sa'n wetter fan dy namme.