Springe nei ynhâld

Peter F. Hamilton

Ut Wikipedy
Peter F. Hamilton
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter F. Hamilton
nasjonaliteit Britsk
berne 2 maart 1960
berteplak Rutland (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
bekendste
  wurk(en)
Night's Dawn-trilogy
Great North Road
útjouwer Pan Books
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
www.peterfhamilton.co.uk

Peter F. Hamilton (Rutland (Ingelân), 2 maart 1960) is in foaroansteand Britsk skriuwer fan romans, novelles en koarte ferhalen fan it science fiction-sjenre. Hy stiet benammen bekend as auteur fan it subsjenre fan 'e space opera, mar hat ek wol wurken skreaun dy't ta oare subsjenres hearre. Doe't yn 2004 syn tsiende roman publisearre waard, wiene fan syn wurken wrâldwiid al mear as 2 miljoen ferkocht. Yn 2014 sette Hamilton útein mei it skriuwen fan in fantasyrige foar bern.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hamilton waard yn 1960 berne yn it Ingelske Rutland. Hy studearre nea oan in universiteit, en sei letter yn in fraachpetear oer syn skoalkarriêre: "Ik die oant myn achttjinde wis-, natuer- en skiekunde op skoalle, mar hold al mei sechstjin jier op mei Ingelsk en Ingelske literatuer en skriuwen. Dat hie yn dy tiid gewoan myn ynteresse net."

Yn 1987 sette Hamilton lykwols dochs útein mei in karriêre as auteur. Hy ferkocht syn earste koarte ferhaal yn 1988 oan it tydskrift Fear Magazine. Syn earste roman, Mindstar Rising waard yn 1993 publisearre, folge troch A Quantum Murder in jier letter, en The Nano Flower, it trêde diel fan 'e Greg Mandel-trilogy yn 1995. Neitiid skreau er fan 1996 oant 2000 in mânske space opera, mei as titel de Night's Dawn-trilogy. Ien fan Hamilton syn populêrste boeken wie de roman Great North Road, wêryn't er in detektiveferhaal mei in science fiction-dekôr kombinearre.

Hamilton is in tige produktive skriuwer, dy't gebrûk makket fan in dúdlike, prozayske styl. Syn boeken folgje yn 'e regel ferskate ferhaallinen, mei faak trije of mear haadpersoanen, dy't los faninoar begjinne en lange tiid neat of mar hiel yndirekt mei-inoar te krijen hawwe, mar dy't úteinlik dochs gearkomme. Faak foarkommende motiven yn Hamilton syn wurk binne seksueel ierripe teenagers, polityk, religy, mystearjes en wapene konflikten. Yn 2008 wenne Hamilton mei syn frou Kate, syn dochter Sophie en syn soan Felix yn syn berteplak Rutland.

  • Greg Mandel-trilogy
    • 1993 – Mindstar Rising
    • 1994 – A Quantum Murder
    • 1995 – The Nano Flower
  • Confederation Universe-rige
    • Night's Dawn-trilogy
      • 1996 – The Reality Dysfunction (yn 'e Feriene Steaten publisearre yn twa dielen: Emergence en Expansion)
      • 1997 – The Neutronium Alchemist (yn 'e Feriene Steaten publisearre yn twa dielen: Consolidation en Conflict)
      • 1999 – The Naked God (yn 'e Feriene Steaten yn paperbackfoarm publisearre yn twa dielen: Flight en Faith; de hardcoveredysje wie ien boek)
    • 1998 – A Second Chance at Eden (bondel koarte ferhalen mei de titelnovelle dy't yn deselde wrâld spylje as de Night's Dawn-trilogy)
    • 2000 – The Confederation Handbook (companionboek oer it universum fan 'e Night's Dawn-trilogy)
  • Web-rige (oare dielen fan dizze romansearje binne skreaun troch oare auteurs)
    • 1998 – Lightstorm
  • Commonwealth Universe-rige
    • 2002 – Misspent Youth
    • Commonwealth Saga-duology
      • 2004 – Pandora's Star
      • 2005 – Judas Unchained
    • Void-trilogy
      • 2007 – The Dreaming Void
      • 2008 – The Temporal Void
      • 2010 – The Evolutionary Void
    • The Chronicle of the Fallers-duology
      • 2014 – The Abyss Beyond Dreams
      • 2016 – The Night without Stars
  • The Queen of Dreams-rige (berneboekesearje fan it fantasysjenre; ek bekend as de Book of Realms-rige)
    • 2014 – The Secret Throne (ek bekend as The Queen of Dreams)
    • 2016 – The Hunting of Princes
    • 2017 – A Voyage Through Air
  • Salvation Sequence-trilogy
    • 2018 – Salvation
    • 2019 – Salvation Lost
    • 2020 – The Saints of Salvation
  • Arkship-trilogy
    • 2021 – A Hole in the Sky
    • 2022 – The Captain's Daughter
    • 2022 – Queens of an Alien Sun
  • op harsels steande romans
    • 1998 – A Second Chance at Eden (ûnderdiel fan 'e Night's Dawn-trilogy)
    • 2011 – Manhattan in Reverse
    • 2020 – Stories of Hope and Wonder (mei oaren)

Ofsûnderlike wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(N.B.: yn 'e ûndersteande list giet it om koarte ferhalen, of it moat oars oanjûn stean)

  • 1991 – Sonnie's Edge
  • 1991 – Deathday
  • 1992 – De-De and the Beanstalk
  • 1992 – Falling Stones
  • 1993 – Spare Capacity
  • 1993 – Adam's Gene
  • 1994 – Starlight Dreamer
  • 1994 – Eat Reecebread (mei Graham Joyce)
  • 1997 – The White Stuff (mei Graham Joyce)
  • 1997 – Escape Route
  • 2000 – A Second Chance at Eden (koarte novelle)
  • 2000 – Watching Trees Grow (koarte novelle)
  • 2000 – The Suspect Genome (koarte novelle oer Greg Mandel)
  • 200? – Softlight Sins
  • 2005 – Footvote
  • 2005 – The Forever Kitten
  • 2007 – Blessed by an Angel
  • 2011 – Return of the Mutant Worms
  • 2011 – If at First...
  • 2011 – The Demon Trap
  • 2011 – Manhattan in Reverse
  • 2011 – Footvote
  • 2014 – Family Matters (koart ferhaal oer Greg Mandel)
  • 2016 – A Window into Time

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.