Springe nei ynhâld

Paus

Ut Wikipedy
Pauslike Embleem

De paus is yn de Roomske tsjerke de opfolger fan Petrus, lieder fan de tsjerke en plakbesetter fan Kristus op ierde.

De paus is de Hillige Sit, biskop fan Rome, aartsbiskop fan de Romeinske tsjerkeprovinsje, primaat fan Itaalje en patriarch fan it Westen. De paus is ek de soeverein monarch fan Fatikaanstêd.

De titel fan Paus of Hillige heit (Gryksk: pappas; Latyn: papa) en de funksje fan plakbesetter fan Kristus op ierde wienen oarspronklik mien foar alle biskoppen. Earst yn de 6e iuw ûntstie it idee dat de biskop fan it biskdom fan Petrus de earste ûnder de biskoppen wêze moast.

De symboalen fan de paus hawwe tradysjes dy't werom gean ta de tiid fan en foar Kristus, en ta de gebieten fan de Middellânske See en it Heine Easten. Bygelyks, de wite toga fan de paus, syn krússtêf en de pauslike fiskersring binne nei alle gedachten basearre op âlde Romeinske symboalen.

In wichtich symboal fan de pausen is de trijekroan. De trijekroan is ûntstean út de tiara fan de foar-kristlike preester-keningen fan Perzje. De biskoppen fan Rome hienen oarspronklik in biskopsmûtse, lykas oare biskoppen, mar paus Hormisdas kombinearre dy mei de kroan dy't er fan Klovis krige ta in tiara, Bonifatius VIII foege dêr yn 1298 in twadde kroan by, foar wylst Clemens V likernôch 1314 de earste wie dy't in tredde kroan hie. Ferskate betsjuttings binne oan dizze trije kroanen takend, mar de oarspronklike betsjutting is ûnbekend.

Feitlik hienen ferskate pausen eigen trijekroanen, en guon dêrfan binne hieltiid noch yn it Fatikaan te finen. Paus Paulus VI hat syn trijekroan oan 6 febrewaris 1968 oan de Basilica of National Shrine of the Immaculate Conception yn Washington jûn, en sûnt hawwe de pausen gjin trijekroanen mear droegen. De trijekroan is lykwols net, as guon oare symboalen, ôfskaft en is hieltiid noch in pauslik symboal. Eltse paus kin kieze dy wer te brûken.

Beneaming fan in nije paus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn teory kin in paus it pontifikaat ek wer dellizze, mar sûnt 1294 is dat net mear bart. As de funksje frij komt, komme de kardinalen, nei tusken de twa en trije wike yn Rome gear yn konklaaf. Yn dat konklaaf wurdt in doopte katolike man, meast ien fan dy kardinalen, ta it pontifikaat roppen. Dit wurdt bepaald troch in searje fan stimmings, oant mear as twatredde fan de kardinalen op ien kandidaat stimt, útsein dat nei de tritichste stimming beslet wurde kin dat in gewoane mearheid genôch is. Dy kandidaat kiest dan in pauslike namme, en wurdt toand oan de wrâld. Op de earstfolgende snein of feestdei wurdt de kandidaat dan ta paus wijd.

Hjoeddeiske paus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan paus Johannes Paulus II op 2 april 2005, waard op 19 april Benedictus XVI ta paus roppen. Sûnt 24 april is er paus fan de Roomske tsjerke. Benedictus hat oankundige dat er him 28 febrewaris 2013 om 20.00 oere út it amt weromlûke sil. Dat makket him de earste paus dy't frijwillich ophâldt sûnt 1415.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]