Springe nei ynhâld

Norrland

Ut Wikipedy
Norrland op de kaart fan Sweden

Norrland (Frysk: Noardlân) is it meast noardlike en wat oerflak oanbelanget grutste fan de trije lânsdielen fan Sweden. Norrland bestiet út de njoggen lânskippen Gästrikland, Hälsingland, Härjedalen, Jämtland, Medelpad, Ångermanland, Västerbotten, Norrbotten en Lappland. Yn 2016 hie Norrland 1.175.039 ynwenners, sa'n 12 prosint fan it totale Sweedske ynwennertal. It lânsdiel grinzget yn it westen oan Noarwegen en yn it noarden oan Finlân.

Mei útsûndering fan it kustgebiet is Norrland tige tinbefolke. Hja fine der in protte nullebosken, rivieren en marren, en ek it heechste punt fan Sweden: de Kebnekaise, in berch mei in hichte fan 2.106 meter.