Nijetrine
Nijetrine | ||
Trijeweislûs | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 140 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,94 km², wêrfan: - lân: 5,85 km² - wetter: 2,09 km² | |
Befolkingsticht. | 24 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8481 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 50' N 5° 54' E | |
Lokaasje Nijetrine (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
www.groteveenpolder.nl | ||
Kaart | ||
Nijetrine is in doarp yn de Grutte Feanpolder tusken Wolvegea en Kuunder oan de N351 yn 'e gemeente Weststellingwerf.
It doarp hat 140 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin wissichheid oer de ferklearring fan de namme. Mooglik soe 'trind' fan it Aldfryske 'trund' stamme, dat nei de foarm fan it eardere doarp 'rûn' betsjut. In oare ferklearring is dat '-trine' ôflaat is fan it tiidwurd 'trahiren' (lûke) en ferwize soe nei in lange rige perselen. In oare mooglikheid is dat '-trine' ôflaat is fan de hillige Katryn, de patroanhillige fan de tsjerke.[3]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens G.P. Mulder yn 'e De Stellingwerfse Dorpsnamen bestie der yn 'e midsiuwen in parochy mei de namme 'Trinde', werút de twa nije parochy's 'Ostrinde' en 'Westrinde' ûntstiene. It âlde diel fan de lytsere parochy waard sûnt 'Oldetrinde' (Aldetrine) neamd. De parochy Westrinde evoluearre oer de namme 'Nije Trinde' yn Nijetrine.
It doarp waard yn 1320 yn in oarkonde fan de biskop fan Utert as 'Nieuwestrinde' neamd. Om 1320 hinne waarden Westrinde en Nijetrinde troch inoar helle om't se noch net oan de nije nammen wend wiene.[4]
Op de Schotanusatlas fan 1716 bestie Nijetrine op de gritenijkaart út wat pleatsen en in pear hûzen. Nijetrine hat in tsjerke hân mei in tuorke, dy't healwei de 18e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard. Foar de reformaasje wie dy tsjerke wijd oan Sint-Katryn, ek wurdt Nikolaas as patroanhillige neamd.[5]
Troch de feanterij om it doarp hinne ûntstie yn 'e 19e iuw de Rottige Meente. De bebouwing ferhûze yn dy tiid fan 'e Binnenwei nei de letter oanleine Pieter Stuyvesantwei, dêr't yn 1919 ek in nij tsjerkje boud waard.[6].
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in eigen feriening foar Pleatslik Belang. De ferienings fan doarpsbelangen fan de doarpen yn 'e Grutte Feanpolder wurkje nau mei inoar gear. De doarpen hawwe it mienskiplik doarpshûs 't Polderhuus yn Munnikebuorren.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2007 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 560 | 249 | 240 | 204 | 217 | 161 | 160 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 129 | 140 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Annamarie Thomas (1971), hurdrydster.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nijetrine leit midden yn it natoergebiet de Rottige Meente, dêr't sûnt de útsetting ek de otter wer syn leefgebiet hat.
Oan it ein fan de yn 1748 groeven Jonkersfeart leit in slûs om trije ferskillende wetternivo's te passearen . De slûs waard yn 1775 oanlein en yn 1927 fernijd en is hjoeddedei in ryksmonumint.[7].
Yn de omkriten steane de eardere poldermoles De Reager en De Reidfink en in pear wynmotors.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feandyk, Lindedyk, Pieter Stuyvesantwei, Scheenepaad, Spangeahoekwei, Tsjerkewei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |