Machtigingswet (1933)
De Machtigingswet fan 1933 (Dútsk: Ermächtigungsgesetz, of bekend as Gesetz zur Behebung der Not von Volk und Reich; Wet ta fersêftsjen fan de Need fan Folk en Ryk) waard op 23 maart 1933 troch de Dútske Ryksdei oannaam en waard op 24 maart 1933 buorkundich makke. Troch it oannimmen fan dy wet, sette de Ryksdei himsels bûten spul. It Ryksregear krige mei de wet mear wetjouwend foech, dêr't in troch de nazys dominearre regear frij paad krige by it wiermeitsjen fan in nasjonaalsosjalistyske maatskippij. In hifkjend parlemint koe sa net mear fanwegen komme. De measte skiedkundigen tinke dat dêrmei de facto de ein fan de Weimarrepublyk wie, wylst guon tinke dat de ein fan de republyk der al wie mei it beneamen fan Hitler op 30 jannewaris 1933 ta Rykskânselier. De jure wie de ein fan de Grûnwet fan Weimar yn 1945, wylst de nazys harren dêr neat fan oan lutsen.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Machtigingswetten waarden wolris earder oannaam yn gefal fan in earnstige krisis dat se it regear it tydlike foech joegen dat it parlemint maatregels fan it regear net keare of ferbiede koe. Op betingst dêrfan moast der twatredde fan de stimmen fan it parlemint nedich wêze. Yn it krisistiidrek fan 1919-1924 waarden trije machtigingswetten oannaam. Dy jilden mar foar in koart skoftke.
Nei de krisis fan 1929 waard der besocht en behein de macht fan de Ryksdei. Heinrich Brüning, dy't earder fakbûnsman wie en lid wie fan de Dútske Sintrumpartij, waard yn maart 1930 Rykskânselier. Hy besocht mei stipe fan it grutkapitaal, grutgrûnbesitters en it leger dêrmei út ein te setten. Men woe ynearsten net mei Hitler gearwurkje, mar om't syn beweging sterk wie, koe men him net negearje. Ek de konservative Rykskânselier Franz von Papen kaam mei in inisjatyf ta in presidinsjeel stelsel, dêr't de Ryksdei ûntbûn wurde moatte soe. Hja woene in ferskowing nei rjochts fan it systeem, dat Hitler letter ek goed útkaam. Von Papen die dat lykwols ûnhandich, sa dat de Ryksdei it útstel fuortstimd hat. Op 6 novimber 1932 waarden der nije ferkiezings holden, dêr't de nazys minder stimmen krigen as yn in eardere ronde. Nettsjinsteande dat waard Hitler op 30 jannewaris 1933 dochs as Rykskânselier beneamd troch in tekoart oan oare alternativen.
Hitler trúnde by Rykspresidint Paul von Hindenburg oan de Ryksdei te ûntbinen en nije ferkiezings út te skriuwen foar 6 maart 1933. In lytse moanne letter wie der in brân yn it Ryksdeigebou, seis dagen foar de ferkiezings. Hitler brûkte de brân foar syn politike doelen en beskuldige de kommunisten fan de brân en dalik nei de brân waarden kommunisten, Ryksdeiôffurdigen, fakbûnslieders en 'oare fertochten' oppakt. Op 28 febrewaris 1933 kundige er de Ryksdeibrânferoardering oan. Dat moast de oarder wer ophelpe. Dy feroardering beheinden de frijheden fan it uterjen fan de miening, de parse en it byïnoar kommen. Yngrepen op brief-, post-, tillegraaf- en tillefoangeheim waarden tastean en befellen ta hûssiking en eigendomsbeheining waarden talitten. De dielsteaten ferlearen harren selsstannigens en boppedat krige it regear it foech en net it leger (Reichswehr), dy't der eigentlik ferantwurdlik foar wie, foar it ophelpen fan de oarder.
Hitler woe troch in machtigingswet bûten de Ryksdei om noch mear macht te krijen, sa't er nei syn sizzen de oarder en ienheid fan it folk bewarje woe. Hy hie dus twatredde fan de stimmen nedich. De ferkiezingsútslach fan 5 maart 1933 joech him net de winske resultaten. Syn partij de NSDAP wûn krapoan 44 prosint fan de stimmen. De Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân (SPD) en de Kommunistyske Partij fan Dútslân (KPD) wûnen meiïnoar 201 fan de 647 sitten. De nazys hiene 288 sitten. Hitler hie de help nedich fan oare konservatieven, lykas de Dútsk Nasjonale Folkspartij (DNVP) mei 52 sitten en Dútske Sintrumpartij (Zentrum) mei 74 sitten.
Oanname machtigingswet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hitler joech op 23 maart 1933 in twa-en-heal oere lange taspraak yn de Ryksdei. Hy sei dat it nedich wie foar in machtigingswet en hy sei ta dat de Ryksdei en Rykspresidint net yn harren rjochten beheind wurde soene. De dielsteaten soene harren selsstannigens hâlde en fan de posysje fan de tsjerken soe ôfbleaun wurde. Dy tasizzings wiene ornearre yn 'e hoop de katolike Sintrumpartij mei te krijen. De Sintrumpartij, liberalen en fertsjinwurdigers fan de DNVP lieten op de saneamde Dei fan Potsdam op 21 maart 1933 al witte fan de needsaak fan de machtigingswet. Ek die Hitler tasizzings oan de Beierske Folkspartij (BVP), om dy mei harren 19 sitten mei oer de streep te lûken.
Wetlik moasten 432 ôffurdigen dêrby oanwêzich wêze. Mei it faaks fuortbliuwen fan sosjaaldemokraten en kommunisten (ek de guon dy't oppakt wiene) die it regear in útstel ta it feroarjen fan de regel Geschäftsordnung fan de Ryksdei om binnen it wetlik ramt te bliuwen. De Ryksdei stimde dêrmei yn dat ta gefolch hie dat Ryksdeileden, dy't sûnder reden ôfwêzich wiene, beskôge waarden as unentschuldigt fehlend. In twatredde mearderheid moast dus ynstimme mei it oannimmen fan de machtigingswet.
De foarsitter fan de Sintrumpartij, de katolike prelaat Ludwig Kaas, hold in taspraak mei harren ynstimming fan de wet. Folgjend troch de foarsitter fan de SPD, Otto Wels, dy't de lêste frije wurden spruts tsjin Hitler: Jo kinne ús frijheid en libben nimme, mar nea ús eare, dêr't Hitler brûkel op reagearre: Ik wol alhiel net dat jo dêrfoar stimme. Dútslân sil frij wêze, mar net troch jo.
Justjes foar en yn it momint fan it stimmen waarden tsjinstanners troch de SA en SS yntimidearre en it gefolch wie:
26 ôffurdigen fan de SPD waarden finzennaam of flechten;
81 ôffurdigen fan de KPD waarden finzennaam, fermoarde, flechten of dûkten ûnder;
2 ôffurdigen wiene om ûndúdlike reden net oanwêzich.
Yn totaal wiene der 109 ôffurdigen dy't net oan de stimming meidien hiene. 94 leden fan de SPD stimden tsjin. Yn totaal wiene der 538 jildige stimmen útbrocht en mei 444 dy't foarstimden, sette de Ryksdei himsels op 23 maart 1933 bûtenspul en Hitler krige frij paad.
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it oannimmen fan de machtigingswet is de Machtergreifung foltôge en dêrnei folge it proses fan de Gleichschaltung. Hitler koe it Dútske folk no oan it byntliif fan it nasjonaalsosjalisme bine en koe wetten en feroarderings útfurdigje sûnder dat it parlemint dêr wat oan dwaan koe. It begûn op 31 maart 1933 dêr't de Dútske dielsteaten harren selsstannigens ferlearen en mei de wet fan 7 april 1933 dêr't Rykssteedhâlders oansteld waarden. Der folgen noch in soad maatregels, dêr't eltse kear in stikje frijheid ferlern gie. Njonkelytsen waarden der mear politike tsjinstanners oppakt en yn konsintraasjekampen opsletten. Op 22 maart 1933 wie it kamp Dachau as earste iepene en dêrnei kamen der mear by. Op 8 april 1933 waarden alle 81 sitten op grûn fan de Ryksdeibrânferoardering fan de KPD neatich ferklearre. Op 22 juny 1933 waard de SPD ferbean. Yn augustus 1933 waard Otto Wels en 32 oaren it Dútsk steatsboargerskip ûntnaam neffens it Earste Untboargeringslist fan it Dútske Ryk, dêr't letter noch 358 listen bykamen. Wels flechte en fierder wiene ta einbeslút alle tsjinstanners arrestearre, flechte, fermoarde of sûnder ferklearring ferdwûn.
De wetjouwing kaam net mear by de Ryksdei te lizzen en lyksa by it regear. Wetten waarden letter ferfongen troch feroarderings Führerbefehle, dêr't Hitler syn wil wet wurden wie.
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gesetz zur Behebung der Not von Volk und Reich | Wet ta fersêftsjen fan de Need fan Folk en Ryk |
Der Reichstag hat das folgende Gesetz beschlossen, das mit Zustimmung des Reichsrats hiermit verkündet wird, nachdem festgestellt ist, daß die Erfordernisse verfassungsändernder Gesetzgebung erfüllt sind: | De Ryksdei hat de folgjende wet besletten, dat mei tastimming fan de Ryksried dêrmei ferkundige wie, nei't fêststeld is dat de easken fan de wetsferoaring foldien binne: |
Artikel 1 | Artikel 1 |
Reichsgesetze können außer in dem in der Reichsverfassung vorgesehenen Verfahren auch durch die Reichsregierung beschlossen werden. Dies gilt auch für die in den Artikeln 85 Abs. 2 und 87 der Reichsverfassung bezeichneten Gesetze. | Rykswetten, dy't beskreaun steane yn de grûnwet, kinne ek troch it Ryksregear besletten wurde. Dit jildt ek foar wetten dêr't nei ferwiisd wurdt yn Artikel 85, lid 2 en Artikel 87 fan de grûnwet |
Artikel 2 | Artikel 2 |
Die von der Reichsregierung beschlossenen Reichsgesetze können von der Reichsverfassung abweichen, soweit sie nicht die Einrichtung des Reichstags und des Reichsrats als solche zum Gegenstand haben. Die Rechte des Reichspräsidenten bleiben unberührt. | Rykswetten, dy't troch it Ryksregear besletten wurde kinne ôfwike fan de grûnwet, salang dy gjin effekt op de ynrjochting fan e Ryksdei en Ryksried hawwe. Oan it rjocht fan de Rykspresidint wurdt ôfbleaun. |
Artikel 3 | Artikel 3 |
Die von der Reichsregierung beschlossenen Reichsgesetze werden vom Reichskanzler ausgefertigt und im Reichsgesetzblatt verkündet. Sie treten, soweit sie nichts anderes bestimmen, mit dem auf die Verkündung folgenden Tage in Kraft. Die Artikel 68 bis 77 der Reichsverfassung finden auf die von der Reichsregierung beschlossenen Gesetze keine Anwendung. | Rykswetten, dy't troch it Ryksregear ynsteld wurde, wurde brûkt troch de Rykskânselier en komme yn it Reichsgesetzblatt te stean. Hja trede, of it moast wêze dat it oars neamd is, de folgjende dei yn wurking. Artikels 68 oant 77 fan de grûnwet binne net fan tapassing fan de wetten, dy't ynsteld binne troch it Ryksregear |
Artikel 4 | Artikel 4 |
Verträge des Reiches mit fremden Staaten, die sich auf Gegenstände der Reichsgesetzgebung beziehen, bedürfen für die Dauer der Geltung dieser Gesetze nicht der Zustimmung der an der Gesetzgebung beteiligten Körperschaften. Die Reichsregierung erläßt die zur Durchführung dieser Verträge erforderlichen Vorschriften. | Ferdraggen fan it Ryk mei bûtenlânske steaten dy bân hawwe op oangelegenheden fan de wetjouwing fan it Ryk binne net ôfhinklik fan de ynstimming fan de Ryksdei. It Ryksregear sil de nedige maatregels nimme ta it útfieren fan dizze maatregels. |
Artikel 5 | Artikel 5 |
Dieses Gesetz tritt mit dem Tage seiner Verkündung in Kraft. Es tritt mit dem 1. April 1937 außer Kraft, es tritt ferner außer Kraft, wenn die gegenwärtige Reichsregierung durch eine andere abgelöst wird. | Dizze wet sil yn wurking trede op de dei dat it buorkundich makke wurdt. De wet wurdt op 1 april 1937 ynlutsen en de wet wurdt ek ynlutsen as it hjoeddeiske regear troch in oare ferfongen wurdt. |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Machtigingswet tekst Wikisource