Springe nei ynhâld

Lady

Ut Wikipedy

Lady (útspr.: [ˈleːdi], likernôch: "lee-dy") is yn it Ingelsk in hoflikheidsterm foar in frou of famke, dy't yn it Frysk oerset wurde kin mei "dame". It is yn it Ingelsk ek in aadlike titel dy't oerset wurde kin as "frouwe". De titel fynt syn oarsprong yn Ingelân, mar wurdt ek yn oare dielen fan it Feriene Keninkryk brûkt. Yn it Ingelsk wurdt dizze titel altyd mei in haadletter skreaun (as Lady), mar mei't titels yn it Frysk en Nederlânsk net mei haadletters skreaun wurde, hoecht dat gebrûk net oernommen te wurden. De byhearrende oansprektitel is milady, útsprutsen as [mai̭ˈleːdi] (likernôch: "mai-lee-dy) of as [miˈleːdi] (likernôch: "mi-lee-dy). It manlike ekwifalint fan lady is lord.

As aadlike titel wurdt lady brûkt as in generike oantsjutting foar beskate froulike leden fan 'e adel. Yn dy betsjutting wurdt lady foar de efternamme pleatst fan in frou dy't suo jure (yn har eigen rjocht, dus net fia har man) yn it besit is fan in aadlike titel. Lady wurdt ek foar de efternamme pleatst fan 'e frou fan in hartoch (duke), markys (marquess), greve (earl), boarchgreve (viscount) en baron (baron); dêrby binne de eigentlike, formele titels fan dy froulju hartoginne (duchess), markizinne (marchioness), grevinne (countess), boarchgrevinne (viscountess) en baronesse (baroness). Lady kin ek foar de efternamme pleatst wurde by de frou fan in baronet, in Skotske laird of in ridder (knight). By de dochters fan in hartoch, markys of greve wurdt lady foar de foarnamme pleatst.

Neffens it gesachhawwende wurdboek Oxford Dictionary of English komt lady etymologysk fan it Aldingelsk hlāfdige. It foarste part dêrfan, hlāf-, komt oerien mei it moderne Ingelske wurd loaf [of bread] en betsjut in "bôle". (Dat wurddiel komt ek foar yn it Aldingelske hlāford, dêr't it moderne wurd lord him út ûntjûn hat.) It twadde part fan it wurd -dige komt fan 'e wurdwoartel dig-, dat "knetsje" betsjut. Hlāfdige kin dus oerset wurde as "breaknetster", en dejinge dy't it brea knette, wie fan oarsprong de frou fan it hûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.