Jannah (Star Wars)
Jannah personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | militêr | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Finn Lando Calrissian | |
geastlike heit | J.J. Abrams Chris Terrio | |
ûntstean | 2019 |
Jannah is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. It personaazje waard betocht troch de senarioskriuwers fan dy film, J.J. Abrams en Chris Terrio. Jannah is de liedster fan in groep desertearre stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder, dy't harren by it Ferset jouwe. It personaazje waard yn 'e film spile troch de aktrise Naomi Ackie.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) is in team fan it Ferset op 'e siik nei in 'weifiner', in apparaat dat it paad wiist nei de ferburgen Sith-wrâld Exegol, dêr't de boasaardige, út 'e dea opstiene keizer Palpatine in reuseftige float fan stjerreslachskippen boud hat. De syktocht liedt it team, dat bestiet út Poe Dameron, Rey, Finn, de Wookiee Chewbacca en de robots BB-8 en C-3PO, nei de moanne Kef Bir, in oseaanwrâld yn it planetestelsel fan Endor. Dêr befynt de weifiner him yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken fan 'e twadde Deadsstjer, dy't dêr mear as tritich jier earder delkommen binne nei de Slach om Endor.
Nei't de leden fan it team yn 'e Millennium Falcon op 'e moanne lâne binne, moetsje se dêre in kloft op orbaks ridende minsken, oanfierd troch in jonge, negroïde frou dy't Jannah hjit. Hja rekket yn petear mei Finn, dy't in âld-stoarmtroeper fan 'e faksistoïde Earste Oarder is, in organisaasje dy't it foarsjoen hat op 'e oerhearsking fan it hiele Stjerrestelsel. As Jannah dat foar it ferstân kriget, fertelt se dat sy en har selskipslju ek desertearre stoarmtroepers binne. Krekt as Finn wegeren se de oarlochsmisdieden te begean dêr't se befel ta krigen, mar oars as him wiene Jannah-en-dy gjin ienlingen, mar kamen se as ienheid yn opstân, kaapten harren romteskip en fleagen it nei Kef Bir ta, dêr't se delstoarten. Sûnt sitte de leden fan Kompanjy 77 fêst op it lytse kontinint fan 'e moanne, dy't fierders gjin yntelliginte bewenners hat, mar wol floara en fauna.
Mei't de Millennium Falcon by de lâning op Kef Bir skansearre rekke is en reparearre wurde moat, wylst it Rey ynbaarnt, trotsearret se yn in lyts boatsje de reuseftige weagen fan 'e see om by it wrakstik fan 'e Deadsstjer te kommen dat de weifiner befettet. Finn en Jannah weagje harren libben troch har yn in oar boatsje efternei te gean, mar it docht bliken dat Rey gjin ferlet hat fan harren help. Se wit it wrak op eigen krêft te berikken, om dêrnei de weifiner op te spoaren. Dy rekket se kwyt as de Sith-ridder Kylo Ren syn TIE-jager op it wrak lânet, mar Rey ferslacht him yn in duël en stelt syn TIE-jager, dy't in oare weifiner befettet. Neitiid liedt Rey de float fan it Ferset nei Exegol ta om yn in klimaktysk treffen ôf te weven mei Palpatine en syn float, dy't er de Lêste Oarder neamt.
Tanksij de ynformaasje dy't it Ferset fan 'e befrijde robot D-O krigen hat, is bekend dat de stjerreslachskippen fan 'e Lêste Oarder foar it grutste part noch fan it planeetoerflak opstiigje moatte. Om dat yn ien kear te dwaan sûnder dat de mânske romteskippen mei-inoar yn botsing komme, is in sinjaal fan in navigaasjetoer nedich. It Ferset skeakelet dêrom fuortendaliks de navigaasjetoer út, mar generaal Enric Pryde, de befelhawwer fan 'e Lêste Oarder, lit itselde sinjaal dan útstjoere troch syn eigen stjerreslachskip. Dêrop litte Finn, Jannah en de oare leden fan Kompanjy 77 har op it dek fan it stjerreslachskip fan Pryde ôfsette. De generaal jout befel ta it útskeakeljen fan harren lângliders, mar it docht bliken dat se dy net brûke, om't se orbaks beride.
Nei gâns striid witte Finn en Jannah-en-dy it sein te sabotearjen. Pryde lit syn systeem lykwols reboote. Wylst de oaren fan harren groep fan it stjerreslachskip evakuëarre wurde, wegeret Finn fan board te gean, en Jannah beslút by him te bliuwen. Tegearre nimme se de kontrôle oer ien fan 'e boardkanonnen oer en rjochtsje dat op 'e brêge. As se it wapen ôffjurje, giet de hiele brêge nei gychem en Pryde en syn stêf komme om. It stjerreslachskip begjint del te stoarten, en Finn en Jannah wurde op it lêste momint rêden troch Lando Calrissian en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon. De Slach by Exegol rint út op 'e ferneatiging fan 'e Lêste Oarder.
Jannah keart neitiid mei Finn werom nei de fersetsbasis op Ajan Kloss om 'e oerwinning te fieren. Dêr rekket se oan 'e praat mei Lando, in held fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch. As dyselde har freget wêr't se weikomt, antwurdet Jannah dat se dat net wit, mei't se op tige jonge leeftyd by har âlden weihelle is om ta stoarmtroeper oplaat te wurden. Dêrop biedt Lando oan om har te helpen út te sykjen wêr't se wei komt.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |