Ivichduorjende kalinder
In Ivichduorjende kalinder is in kalinder dy't foar in grut tal jierren brûkt wurde kin.
Net alle ivichduorjende kalinders duorje wier ivich; it begrip wurdt ek brûkt foar kalinders dy't in beheind tal jierren brûkber is. In kalinder foar tritich jier hjit ek al ivichduorjend.
In iviichduorjende kalinder hat net, as in gewoane kalinder blêden foar alle dagen of moannen fan dêr't er foar jildt. Yn stee dêrfan moat oan de hân fan it jiertal en soms de moanne in rige fan dagen keazen wurde dy't yn meardere jierren jildt. Dat kinne blêden fan papier wêze, mar der binne ek oare útfierings. De lytste ivichduorjende kalinders binne kombinaasjes fan skiifkes, almeast fan metaal, dy't sa draaid wurde kinne dat dêrmei de wikedei by de dei fan de moanne fûn wurde kin.
De Wikipedy hat in Ivichduorjende Gregoriaanske kalinder en in Ivichduorjende Juliaanske kalinder.