Geheime Boek fan Jehannes
Geheime Boek fan Jehannes | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±180 n.Kr. |
It Geheime Boek fan Jehannes is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift fan gnostyske synjatuer ûnder de namme fan 'e apostel Jehannes, dat om it jier 180 hinne skreaun wêze moat. Yn it Geheime Boek fan Jehannes wurdt beskreaun hoe't Jezus Kristus beskate geheime kennis (gnosis) joech oan 'e apostel Jehannes, in foarfal dat plakfûn hawwe soe nei't Jezus weromgien wie "nei it plak dêr't er wei kaam."
Oerlevering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iuwenlang wie it Geheime Boek fan Jehannes inkeld bekend út in passaazje yn Adverses Haereses ("Tsjin Ketterijen"), in geskrift út omtrint 185 fan 'e tsjerkfaar Irenaeus, dy't it dêr yn 'e mande mei it Evangeelje fan de Wierheid en it Evangeelje fan Judas oanhellet as foarbylden fan ketterske teksten. Yn desimber 1945 waarden der lykwols trije út it Gryksk oersette Koptyske manuskripten fan it Geheime Boek fan Jehannes weromfûn troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dy't dêr mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe leine. Op grûn fan 'e tekst fan dy trije eksimplaren waard neitiid nòch in ferzje fan it Geheime Boek fan Jehannes ûntdutsen yn in Koptyske kodeks dy't yn 1896 troch de Dútske wittenskipper Carl Reinhardt yn Kaïro oankocht wie. Sadwaande binne der no fjouwer eksimplaren fan it Geheime Boek fan Jehannes bekend, dy't nettsjinsteande harren skansearre steat mei-inoar de tekst yn syn folsleinens oerleverje.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de geheime kennis dy't Jezus yn it Geheime Boek fan Jehannes oan 'e apostel Jehannes skinkt, is de skepping fan 'e wrâld en de minske it wurk fan in wêzen dat Yaltabaoth neamd wurdt, en dat deselde is as de God fan it kristendom en it joadendom. Neffens de gnosis fan Jehannes is Yaltabaoth lykwols gjin goede, almachtige godheid, mar de mislearre en boasaardige kreaasje fan in eigenwize ingel fan 'e wiere, hegere god, de Monad (eins mear in ûnpersonifiëarre godlik begjinsel). Yaltabaoth kriget daliks spyt as er de minske skepen hat, mei't er sjocht dat dy better en yntelliginter is as hysels, dat hy besiket him fêst te setten yn in finzenis: it Hôf fan Eden. Jezus Kristus, in fertsjintwurdiger fan 'e hegere godlike oarder, fertelt dan dat it net de duvel, mar hysels wie, dy't de earste minske, Adam, derta oerhelle om 'e ferbeane frucht te iten en him sa út it Hôf fan Eden te befrijen. De earste frou, Eva, komt krektlyk út 'e hegere godlike oarder fuort, en is it resultaat fan Yaltabaoth syn mislearre besykjen om Adam syn godlike essinsje te ûntnaderjen. Nei't er dit ferteld hat, giet Kristus fierder yn op 'e snoade plannen fan Yaltabaoth om 'e minske wer ûnder syn tomme te krijen, nammentlik troch him te ferlieden ta fuortplanting. Ta einbeslút hâldt Kristus út dat hy stjoerd is om ljocht te bringen yn it tsjuster fan it tichthûs dat de wrâld is, en om 'e sielen fan harren dy't syn boadskip oannimme wolle, te befrijen fan 'e wrâldske finzenskip en de bestraffing dy't it libben is.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Ferskate oersetting fan it Geheime Boek fan Jehannes yn it Ingelsk en in ferskaat oan oar materiaal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side. |