Springe nei ynhâld

Gansu

Ut Wikipedy
De Provinsje Gansu yn Sina.

Gansu is in provinsje fan de Folksrepublyk Sina yn it noardwesten fan it lân. Gansu waard oprjochte yn 1666 en leit tusken Tsjinghai, Binnen-Mongoalje en de Huangtu Plato's en grinzet oan Mongoalje yn it noarden. De Giele Rivier rint troch it súdlike part fan de provinsje. Yn Gansu wenje om-ende-by 25 miljoen minsken (1997) en hat in grutte minderheid fan Hui Sinezen. De haadstêd fan Gansu is Lanzhou yn it súdwesten fan de provinsje. In oare wichtige stêd is Baiyin.

De Gansu provinsje beslacht in gebiet fan 454,000 km², en grutste part fan it lân leit boppe de 1000 meter. It leit tusken it Tibetaansk Heechlân, Binnen-Mongoalje en it Löss Plato. Yn it uterste noardwesten grinzget oan Mongoalje. De Giele Rivier (Huang He) streamt troch it súdlike part fan de provinsje.

De Goby woastyn beslacht in grut part fan it noarden fan Gansu. It grutste diel fan it wetter fan de Giele Rivier komt ek út de provinsje en streamt allyksa troch Lanzhou, de provinsjehaadstêd. It lânskip yn Gansu is tige bercheftich yn it suden en flak yn it noarden. De bergen yn it suden fan de provinsje meitsje diel út fan it berchtme Kwiniangshan. It heechste punt yn de provinsje leit op 5.547 meter en is de pyk fan Kwilian San (Kwilianberch).

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gansu bestiet út tolve stêdsprefektueren en twa autonome prefektueren.

De autonome prefektueren binne:

Gansu wie ynearsten de meast westlike Sineeske provinsje fan Sina. Troch har lizzing oan de grinzen fan it ryk wennen der ek in soad oare folken en minderheden. Dat is werom te sjen yn de autonome gebieten dy't yn de provinsje lizze. Yn it uterste súdwesten leit de Tibetaanske Autonome Prefektuer Gannan en noardlik dêrfan is de Hui Autonome Prefektuer Linksia. Nei de Han mei 91% foarmje de Hui (5%), Tibetanen (2%) en Dongksiang (2%) de grutste befolkingskloften.

Stêden yn de provinsje Gansu

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]