Springe nei ynhâld

Fidel

Ut Wikipedy
Neimakke Memling fidel

De fidel wie in foarrinner fan de fioele.

De fidel wie yn de Midsiuwen de sammelnamme foar alle snaarynstruminten. De fidel is út China wei, fia Perzje en Araabje nei Jeropa kommen. De Arabyske namme foar de fidel, rebab, wurdt dêr noch altyd brûkt.

It wie ien fan de meast populêre ynstruminten fan de midsiuwen, en waard brûkt troch trûbadoers en jongleurs fan de 13e oant de 15e iuw. De vielle (Frânske term wurdt ek faak brûkt) is fermoedlik ôflaat fan de lira, in Byzantynsk bûgd ynstrumint dat liket op de Rebab, in Arabysk ynstrumint mei snaren spand tusken in bôge.[1]

De fidel koe ferkate foarmen. Dat kaam om't elkenien faak syn eigen fidel, mei in eigen karakter, makke. Der waard fansels wol kopiearre en stadichoan waarden ferbetterings yn it ûntwerp oanbrocht.

Muzikanten dy't harren talizze op âlde muzyk brûke tsjintwurdich somtiden wer orzjinele of nijmakke fidels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. “fiddle,” Encyclopædia Britannica, from Encyclopædia Britannica Online: https://www.britannica.com/EBchecked/topic/206069/fiddle