Evangeelje fan Lukas
Evangeelje fan Lukas | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Εὐαγγέλιον κατὰ Λουκᾶν ("Euangelion kata Loukan") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 80 – 90 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Evangeelje fan Markus | |
● folgjend diel | Evangeelje fan Jehannes | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Ewangeelje fen Lucas | |
publikaasje | 1879, Ljouwert | |
oersetter | Gerben Colmjon |
It Evangeelje fan Lukas, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Λουκᾶν, to Euangelion kata Loukan (mar meastentiids koartwei Lukas neamd), is in evangeelje dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it trêde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en foarmet yn 'e mande mei de evangeeljes fan Mattéus en Markus ien fan 'e trije synoptyske evangeeljes. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste Fryske oersetting fan it Evangeelje fan Lukas ferskynde yn 1879 fan 'e hân fan Gerben Colmjon.
Untstean en skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de kristlike tradysje soe it Evangeelje fan Lukas skreaun wêze yn 'e jierren 60-65, op oanwizing fan 'e apostel Paulus. De measte hjoeddeiske bibelwittenskippers geane lykwols út fan in letter ûntstean, tusken 80 en 90 n.Kr. De tekst sels jout net oan wa't Lukas, it langste fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes, skreaun hat, mar neffens de tradysje, dy't û.m. weromgiet op tsjerkfaars as de twadde-iuwske teolooch Irenaeus en Klemins fan Aleksandrje, moat it de apostel Apostel west hawwe, dy't û.m. yn Kolossers 4:14 neamd wurdt. Dy Lukas, dy't neffens guons dokter wie, beselskippe Paulus op ferskate fan syn reizen. De hjoeddeiske bibelwittenskippers dy't it auteurskip fan it Evangeelje fan Lukas troch de apostel Lukas bekreauwe, binne mar tige minmachtich.
Yn elts gefal is wol dúdlik dat de skriuwer in heechoplaat, bereizge en belêzen persoan wie, en sûnder mis deselde dy't ek de Hannelingen fan de Apostels skreaun hat, mei't beide boeken in foarwurd hawwe dat rjochte is oan in Teófilus, en om't er yn it foarwurd fan Hannelingen eksplisyt oanhellet dat er "yn myn earste boek [...] beskreaun [hat] wat Jezus fan it begjin ôf allegearre dien en de minsken leard hat" (Hannelingen 1:1). Ut 'e tekst fan Lukas kin fierders ôflaat wurde dat de skriuwer nei gedachten in net-joadske kristen wie, dy't foar oare net-joadske kristenen skreau. Dat Lukas dokter west hawwe soe, docht bliken út hoefolle omtinken oft er jout oan alle ferhalen oer siken en harren wûnderbaarlike genêzings.
Gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skriuwer fan it Evangeelje fan Lukas, wa't dat dan ek mar west hawwe mei, makke by syn gearstalling nei alle gedachten gebrûk fan in stikmannich ûnderskate boarnen. Men is fan tinken dat de grutte oerienkomsten mei de evangeeljes fan Mattéus en Markus wize op it gebrûk fan deselde boarnen; dat is dan ek de reden dat dizze trije evangeeljes bekend kommen binne te stean as de synoptyske evangeeljes (yn tsjinstelling ta it Evangeelje fan Jehannes, dat gâns ôfwykt).
Fan 'e 1151 fersen hat Lukas der 389 mienskiplik mei sawol Mattéus en as Markus; 176 allinnich mei Mattéus; en 41 allinnich mei Markus. Gauris komt dêrby sels de wurdkar oerien. Net mear as 544 fersen binne unyk en komme inkeld yn Lukas foar. De tsjintwurdich frij algemien akseptearre trijeboarneteory wol hawwe dat Lukas op trije boarnen basearre is. Yn it foarste plak waard nei alle gedachten, krekt as by de gearstalling fan Mattéus út it âldere Evangeelje fan Markus putten, wêrmei't de saneamde Trijefâldige Tradysje ferklearre wurdt, it materiaal dat yn alletrije synoptyske evangeeljes foarkomt. Oard geane sawol Lukas as Mattéus werom op in ûnbekende, ferlern giene boarne dy't nei it Dútske wurd Quelle ("boarne") Q neamd wurdt; dat is dan de ferklearring foar de saneamde Twafâldige Tradysje, it materiaal dat Lukas en Mattéus gemien hawwe. En trêd moat der dan noch in oare, ferlern giene boarne west hawwe, dy't yn 'e teology L neamd wurdt en dêr't it materiaal op berêst dat unyk is foar Lukas.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skriuwer fan Lukas beweart net dat er sels tsjûge west hat fan it libben fan Jezus, mar wol dat er alles tige goed ûndersocht hat en it ferhaal oarderlik opskreaun hat (Lukas 1:1-4). It evangeelje begjint mei in wiidweidige beskriuwing fan de berte fan Jezus, it krystferhaal. Dêrnei beskriuwt er earst it optreden fan Jehannes de Doper as foarrinder fan Jezus, ear't er mei it eigentlike libben en ûnderrjocht fan Jezus sels úteinset. Krekt as yn Mattéus komme dêrby û.m. de Berchrede en it gebed Us Heit op 't aljemint. In stikmannich fan 'e bekendste fan Jezus syn likenissen komme inkeld foar yn Lukas, lykas de Likenis fan de Ferlerne Soan en de Likenis fan de Barmhertige Samaritaan. In wichtich plak wurdt yn Lukas fierders ynnommen troch de lijensskiednis, it lijen en stjerren fan Jezus. It evangeelje einiget mei it ferhaal fan de Emmaüsgongers, dat him ôfspilet krekt nei Jezus syn weropstanning út 'e dea.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lukas jout in protte omtinken oan 'e earmen, froulju en de Hillige Geast.
- Lukas befettet 28 ûnderskate referinsjes nei it Alde Testamint.
- In protte wurden en sinsdielen komme ek foar yn 'e brieven fan Paulus (ferlykje: Lukas 4:22 mei it Efeziërs 4:6; Lukas 4:32 mei it 1 Korintiërs 2:4; Lukas 6:36 mei it 2 Korintiërs 1:3; Lukas 6:39 mei it Romeinen 2:19; Lukas 9:56 mei 2 Korintiërs 10:8; Lukas 10:8 mei 1 Korintiërs 10:27; Lukas 11:41 mei it Titus 1:15; Lukas 18:1 mei it 2 Tessalonikers 1:11; Lukas 21:36 mei Efeziërs 6:18; Lukas 22:19-20 mei 1 Korintiërs 11:23-29; en Lukas 24:34 mei 1 Korintiërs 15:5.
- De wurdkar en it taalgebrûk fan Lukas komme hiel bot oerien mei dy fan Hannelingen.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Fryske oersetting út it Evangeelje fan Lukas wie nei gedachten de fertaling fan 'e Likenis fan 'e Ferlerne Soan (Lukas 15:11-32), dy't tusken 1811 en 1815 makke waard troch Everwinus Wassenbergh. Om 1825 hinne sette P. Boeles de earste tolve haadstikken fan Lukas oer, mar dy fertaling is neitiid by syn famylje wei rekke, en der restearje inkeld fragminten fan dy't yn 1927 troch dû. G.A. Wumkes publisearre waarden yn it tydskrift Yn ús eigen tael. It hiele evangeelje ferskynde yn 1879 ûnder de titel It Ewangeelje fen Lucas, yn 'e fryske tael oerset, fan 'e hân fan 'e ryksargivaris yn Fryslân en provinsjaal bibliotekaris Gerben Colmjon (1828-1884). Yn 1913 en 1914 waard der as in soarte fan fúljeton in nije oersetting fan Lukas fan 'e hân fan Gerben Postma en Pieter de Clercq útjûn yn Yn ús eigen tael.
It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn 1933, yn in fertaling fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, deselden dy't yn 1943 ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting (in útjefte fan it Nederlands Bijbelgenootschap yn opdracht fan it Kristlik Frysk Selskip). Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan it Evangeelje fan Lukas waard dêrby dien troch pater dr. S. Galama ofm, ûnderstipe troch frisikus M.J. de Haan (en waard al apart útbrocht yn 1971, by wize fan proefoersetting). Lykwols kaam der yn 1994 in nije evangeeljefertaling út fan Wybren Jan Buma e.o., ûnder de titel De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side. |