Springe nei ynhâld

De Kúnder

Ut Wikipedy
De Kúnder
Alde riedhûs
Alde riedhûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 925 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 13,10 km² wêrfan
12,88 km² lân
0,21 km² wetter
Befolkingsticht. 61 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 47' N 5° 50' E
Panorama De Kúnder
Panorama De Kúnder
Offisjele webside
Side fan De Kúnder
Kaart
De Kúnder (Oerisel)
De Kúnder

De Kúnder[2] (Nederlânsk en offisjeel: Kuinre; Stellingwerfsk: De Kuunder) is in plak yn de gemeente Stienwikerlân yn it uterste noardwesten fan de provinsje Oerisel. It plak lei eartiids oan de mûning fan de rivierkes De Tsjonger dat troch de Stellingwervers De Kuunder neamd wurdt en De Linde.

De namme komt troch de iuwen hinne yn ferskate staveringsfoarmen foar: 1118 (faaks ferfalske kopy fan de 13e iuw) Cunre, 1132 (ferfalske twadde helte 13e iuw) Kunre, 1197 de Cuynre, 1200 in monte Qcunre lês: Cunre, om 1300 hinne Kuijner, 1500 de Kuiner, 1523 Cuijnder, 1534 Kuner, 1579 Kuynder.

De namme wie oarspronklik ornearre as wetternamme, in ôflieding fan it efterheaksel -r, dêr't noch gjin folsleine ferklearring foar jûn is. Sjoen nei de Fryske foarm "Tsjonger" moat foar dat wetter útgien wurde fan Kiunira fan Keunirâ op grûn fan it Yndo-Jeropeeske kewem- en te ferlykjen mei it Latynske cuneus (kyl). Dat kin de stavering fan 1119 ferklearje, dêr't de ui fan it Nederlânske Kuinre fuortkomt fan it iu-lûd[3].

De Kúnder en omkriten yn 1534

Yn de 10e iuw waard al úteinset mei it oanmeitsjen fan it fean fan de ouwer fan de Alde Tsjonger ôf, dy't eastlik fan it hjoeddeistige doarp troch it lân slingere en dêrnei yn 'e rjochting fan de Stienwiker Aa by Bloksyl ôfbûgde. Letter briek de Sudersee dêr troch[4][5]. Argeolyske fynsten op de boaiem fan de Noardeastpolder, súdeastlik fan it doarp, ferwize nei de mooglikheid fan it oarspronklike doarp.

De âldste notysjes, dêr't sprake yn is fan Cuinder, binne fan ûngefear it jier 1100. Mooglik is it tusken 1100-1200 stifte troch Friezen. Yn 1118 krige biskop Godebald fan Utert de beskikking oar in hûs mei greide yn de omkrite fan de Kúnder, dat "Sweach" neamd waard. (Swechus dicitur, juxta Cunre). Nei alle gedachten gie it dêrby om lânguod fan de lettere Kúnderboarch. Dat lânguod wie al foar in skoftke tsjerkebesit.

De tsjerke of kapel fan Cunre foel yn 1132 ûnder it gesach fan de abt fan it Sint-Odulfuskleaster yn Starum[6]. Biskop Godfryd joech yn 1165 tastimming oan in groep Fryske kolonisten út 'e delling fan de Linde (Lammebruke) yn 'e omkriten fan De Kúnder en stiftsje in nij karspel. It nije doarp lei tusken de Alde Linde en de Tsjonger.

Yn 1196 waard it troch Willem I fan Hollân ferwoastge en yn 1204 oan de biskop weromjûn. De hearen fan De Kúnder waarden letter selsstannige greven, comes yn de frije stêd civitas De Kúnder. Hja lienden de hearlikheid Kúnder fan de biskoppen fan Utert. De Kûnder lei strategysk oan de Sudersee en koe de skipfeart by de mûningen fan de Isel en de Tsjonger en Linde kontrolearje. Nei alle gedachten heften de hearen tol. Yn 1531 waard it beliend mei de Hollânske besittings yn Eastersee en mei it gerjocht yn Monnikedaam. Yn ± 1400 stipe De Kúnder de Skieringers tsjin Albrecht fan Beieren; yn 1407 kocht biskop Freark fan Blankenheim de hearlikheid as útfalspunt foar optreden tsjin Fryslân

Nei alle gedachten waard yn de 12e iuw de Kúnder Feart groeven dy't it wetter fan de Tsjonger en de Linde streekrjocht nei de see ôffierde. Op de westlike kanaalouwer ûntstie in langhalich dykdoarp dy't de foarriner fan it hjoeddeistige doarp wie. Dêr waard yn dy snuorje ek in syl oanlein. It boerrjocht fan 1385 hie it oer in syl en sylroede. Wêr't dy syl wie is slim nei te gean.

Yn 1243 wurde dêr trije tsjerkdoarpen neamd, De Kûnder (Kunre), Feanhuzen (Fenehusum) en Kúndersyl (Kunresyl). De tsjerke fan De Kúnder wurdt fannijs neamd yn de jierren 1275-1280. De doarpshear neamde himsels yn 1304 Henricus, ridder fan Kunresile. Yn 1385 hie De Kúnder twa buorskippen, dy't yn 1448 olden Cuynre en de Nye stadt neamd waarden. De oarspronklike doarptsjerke fan De Kúnder wie faaks al earder yn see ferdwûn, dêr't de karspel mei dy fan Kúndersyl gearfoege waard. De Kunresyl wurdt yn 1398 noch neamd, mar dêrmei wurdt it hjoeddeistige doarp ornearre. Ek it Traktaat fan de Sân Fryske Seelannen út dy snuorje brûkt de nemme Kunersyl as oantsjuttig fan de gânse hearlikheid[7].

De Kúnder yn 1572

De Kúnder woeks út ta in warber havenplak. De boargers krigen yn 1385 in boerrjocht en it rjocht in jiermerk te hâlden, dy't om Alderheljen hinne wie. Yn 1448 kaam der in bûterwaach, dêr't de merk ek holden waard. Neffens in notysje út 1549 wie de parochy fan De Kúnder wijd oan de hillige Nikolaas. Rjochtspraak en bestjoer wie yn hanne nfan de skout en skepen. De doarpshear hie ek hiel wat te sizzen. De Kúnder tsjinne yn de 15e en 16e iuw as foarhaven fan Kampen. Meardere skippers beskikten yn dy snuorje oer hannelskippen en koggen, dy't wol coeynre kogghen neamd waarden. De ynwenners hiene goede kontakten mei it suden fan Fryslân, benammen Skoatterlân, Easterseeïngerlân en Stellingwerf, dy't harren fan it biskoplik gesach ûntloeken. Produkten fan it Fryske efterlân, lykas takskûne, turf en fetfuorre fee waarden útfierd dêre, wylst fisk en bier oanfierd waarden. Yn dy snuorje wie der yn it doarp in skippersgilde, bakkersgilde en skroarregilde.

De oarspronklike slûs spielde nei alle gedachten foar 1433 fuort, dêr't de rivier yn iepen ferbing mei de see troch krige. De ynwenners fan Skoatterlân besleaten yn 1474 in eigen slûs yn de Tsjonger te bouwen, de Skoattersyl. Yn 1580 waard fierder de stream del in nije slûs boud, de Slikenboargersyl.

De doarpen om De Kúnder hiene in soad te lijen fan kriichsgeweld en stoarmfloeden. Omreden it sakjen fan it meanfjild kaam it gebiet stadichoan ûnder seenivo te lizzen. It doarp Feanhuzen waard by dyktrochbraken yn de 16e iuw foar it grutste part troch de see fuortspield. De Kúnder waard yn 1522 troch Gelderske tropen yn 'e jiske lein, dêr't allinnich de boarch en tsjerke besparre bleaune. Net lang dêrnei waard de boarch sloopt. Oerbliuwsels fan it doarp Fanhuzen waarden yn 'e hjoeddeistige Suderleech fûn.

Skâns fan De Kúnder yn de 17e iuw
De Kúnderboarch

Yn de tiid fan de Tachtichjierrige Kriich waard de Kúnderskâns om de Nikolaastsjerke oanlein, ien fan de ferdigeningswurken oan de Sudersee. Mei de oanlis fan de wuk Overhavendijk waarden yn 2005 dielen en grêven werom fûn. Neffens in kaart fan Caspar de Robles fan 1572 gie it om in dûbelskippige halletsjerke mei frijsteande toer. Yn 1672 rekke de tsjerke ferwoastge dêr't de toer by bewarre bleau. Yn 1678 waard in nije tsjerke boud. It âlde tsjerkhôf wie oant 1721 noch yn gebrûk as begraafplak, mar de skâns ferdwûn dêrnei stadichoan yn see. By tige leech wetter yn 1842 wiene de sarken en oerbliuwsel fan de muorren noch te sjen.

Lykas oare Suderseehavenstêden rekke de hannel fan Kuinre nei 1650 yn it neigean. Troch jildbrekme koene de diken net ûnderholden wurde. Yn de twadde helte fan de 18e iuw wie De Kúnder noch mar in ienfâldich fiskers- en boereplak. It doapr profitearre lykwols fan d egrutskalige feanterijen yn Fryslân.

De tsjerke waard al rillegau boufallich en moast gauris fernijd wurde. Troch de stoarmfloed fan 1825 koe it gebou net mear brûkt wurde.

De ferlerne haven fan De Kúnder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kúnder wie in fiskers- en havenplakje, mar dat feroare mei de oanlis fan de Noardeastpolder. De Noardeastpolder waard foar in grut part, yn striid mei de Suderseewet, daliks oan it besteande lân (Oerisel) fêstlein, sûnder rânemar dertusken; in beslissing dêr't men letter in soad spyt fan krige. Sa koe it barre dat De Kúnder 'as in fisk op it drûge' finzen yn it lân te lizzen kaam. Der kamen fûle protesten yn 1939, dêr't der aksje fierd waard foar oansluting by de provinsje Fryslân, ek troch de al driigjende opheffen fan de selsstannigens fan de gemenete, dy't pas yn 1973 werklikheid waard. DeKúnder waard in fergetten doarp ynklamme tusken it âlde en nije lân. De âlde slûs die gjin tsjinst mear en de Linde feroare yn in stilsteand wetterke. De haven en oanlissteigers lizze sûnt dy tiid op it lân. De steiger leit yn Oerisel, de greide derfoar leit yn Flevolân.

Yn de twadde helte fan de 20e iuw soarge de opkomst fan de wettersport foar nije kânsen. De âlde slûs waard fannijs útgroeven en der waard oan de restauraasje fan de farrûte begûn. Dêrtroch ûntstie in ferbining tusken de Linde, Tsjonger, de Oeriselske marren de Fryske marren.

De Kúnderboarch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn de greiden en bosken flak foar De Kúnder yn Oerisel lizze no op it drûge de rekonstruearre oerbliuwsels fan in seerôversnêst, de earste Kúnderboarch. De hearen fan De Kúnder wienen de tûkste seerôvers fan Noard-Nederlân, te fergelykjen mei rôfridders is Sweder fan Bentheim, Herbrun fan Putten ('de gisel fan de Feluwe') en Sweder fan Voorst. Harren kastiel lei op it tige strategyske lokaasje oangeande de Hânzerûtes nei it Eastseegebiet. Keaplju út ûnder oare Danzig (Gdansk) en Hamburch waarden gauris opbrocht en foar losjild op it slot op De Kúnder fêstsetten.

De Kúnder wie fan 1811 oant 1973 in selsstannige gemeente en gie doe op yn Iselham. Sûnt 2001 is it in ûnderdiel fan Stienwikerlân. Op De Kúnder stiet de eardere waach út 1776, dy't as gemeentehûs tsjinne, en de eardere wettertoer út 1933 mei de status fan ryksmonumint. Oan de râne fan De Kúnder leit de Kúnderbosk.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerke
Henric de Cranestrjitte
Brêge by de Nijstêd
Roomsk-katolike begraafplak
  • Herfoarme tsjerke
  • Riedhûs
  • Henric de Cranestrjitte

Om 'e trije jier wurdt it Kuunderfeest yn septimber ferd. De tiisdeis foar de earste sneon yn septimber wurde alle strjitten fersierd. de freed dêrnei is in optocht, de sneons is it feestdei en de sneins wurdt it feest ôfsletten op it Waachplein.

It Kúndersk is in foarm fan it Stellingwerfsk dy't yn De Kúnder en Blankenham en it westlike puntsje fan Weststellingwerf sprutsen wurdt.

Kúndersk folksliet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stille tusn de Linde en de Tjonger doar legt oons dorpien klejn
Omringt deur bos en waater ‘k wil hier altoos zejn
Oonze Kuunder is ’t dorpien in dit Ieselant
Veur welk bestoan we vechtn, we geevm ’t niet as pant.

‘kWil hier altoos woonn, ‘k ken hier iedereene
Mit die van ergngs anders koemm, binn we saamm eene
We kenn hier gien rangng, gien hooge of laage stant
Mar hebm we belangng dan goan we hant in hant.

We wiln de Kuunder howm, frank, vrej en zonder dwang
Op dize vrejhejt bowm we al eewn lang
De gront an de zee ontworstelt was eens Cranes gront
Woarop al veule eeuwm oons Kuunders wiechien stont.

Ja, dit zo klejne dorpien is oons dierbaar oort
Woar es de burchtn stonn ’t lant wat oons bekoort.
‘kZag in vlage en vaandel de zwaane en klaaver stoan
Woar boovm steerns stonn die nimer ondergoan

It pleatslik belang fan De Kúnder en omkriten waard yn 1974 oprjochte en behertiget de belangen fan it doarp en omkriten. It doarpskrantsje 't Kuunders Kartiertje ferskynt alle moannen.

  • Fuotbalferiening VV Kuinre
  • Frouljusferiening Vrouwen van nu
  • Aldereinferiening Comité welzijn en ouderen Kuinre Blankenham
  • Muzykferiening Zomabe's

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  2. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 546.
  3. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard (2018).
  4. Mol, De midddeleeuwse veenontginningen in Noordwest-Overijssel en Zuid-Friesland. www.academia.edu.
  5. Piet van der Lende, , Geschiedenis van de Stellingwerven en Noord-West Overijssel: De eerste kolonisatie in de middeleeuwen.
  6. De oudste oorkonden van het Sint-Odulfusklooster van Staveren. yn: Jaarboek voor Middeleeuwse Geschiedenis 1 (1998). side 73-134..
  7. Bouwe Brouwer (oersetter), Cleen tractaet fan da saun zelanden. út: Freeske Landriucht, âlde printinge, siden 178-179 (1485).
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Kúnder fan Wikimedia Commons.
Stienwikerlân
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
· · Berjocht bewurkje