Coolio
Coolio | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Coolio | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Artis Leon Ivey Jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 augustus 1963 | |
berteplak | Monessen | |
stoarn | 28 septimber 2022 | |
stjerplak | Los Angeles | |
wurkpaad | ||
sjenre | Hiphop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | Gangsta's Paradise | |
jierren aktyf | 1987-2022 |
Artis Leon Ivey Jr. (Monessen, Pennsylvania, 1 augustus 1963 – Los Angeles, 28 septimber 2022), better bekend ûnder syn artistenamme Coolio, wie in Amerikaansk rapper, akteur en muzykprodusint. Hy waard by it grutte publyk bekend mei de hit Gangsta's Paradise, ôfkomstig fan de soundtrack fan de film Dangerous Minds. Coolio hat acht studio-albums útbrocht.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn middelbere skoalle begûn Coolio mei syn karriêre yn de muzyk, mar hy moast hast direkt tydlik ophâlde fanwegen in ferslaving oan kokaïne. Nei 't er fan syn ferslaving ôf wie, wurke Coolio in skoft as brânwachtman, om yn 1994 werom te kommen yn de muzykbrânsj mei syn debútalbum It Takes a Thief.
Syn grutste sukses helle er yn 1995 mei Gangsta's Paradise, in rap skreaun op de melody fan Pastime Paradise fan Stevie Wonder. Troch de film Dangerous Minds kaam it nûmer wrâldwiid op nûmer 1 yn de hitlisten. Fan it nûmer waard troch Weird Al Yankovic in parody makke ûnder de titel Amish Paradise.
It album Gangsta's Paradise, kaam út yn 1996. It tredde album fan Coolio, My Soul út 1998 ferkocht minder goed as ferwachte. Coolio rjochte in eigen platelabel op en brocht yn 2002 in nij album út El Cool Magnifico.
Begjin 2004 die Coolio yn Dútslân mei oan de Comeback Show, wêrmei't er in nij platekontrakt probearre te krijen.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Coolio waard berne yn Monessen, Pennsylvania, de Feriene Steaten, mar groeide op yn Compton, Kalifornje. Hy kaam geregeld mei justysje yn oanrekking, ûnder oare yn Dútslân en de Feriene Steaten, en hat jierren problemen hân mei drugs. Coolio had seis bern en wie fan 1996 oan't en mei 2000 boaske mei Josefa Salinas. Coolio ferstoar op 28 septimber 2022 yn 'e âldens fan 59 jier.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
It Takes a Thief | 19 july 1994 | Warner Bros. | County Line, I Remember, Fantastic Voyage, Mama I'm in Love Wit' a Gangsta |
Gangsta's Paradise | 7 novimber 1995 | Gangsta's Paradise, Too Hot, 1, 2, 3, 4 (Sumpin' New) | |
My Soul | 26 augustus 1997 | C U When U Get There, Ooh La La | |
Coolio.com | 18 april 2001 | JVC Victor | |
El Cool Magnifico | 15 oktober 2002 | Riviera | |
The Return of the Gangsta | 16 oktober 2006 | Hardwax | |
Steal Hear | 28 oktober 2008 | Super Cool | Gangsta Walk |
From the Bottom 2 the Top | 2 july 2009 | Subside |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
Very Best | 18 april 2001 |
Fantastic Voyage: The Greatest Hits | 14 septimber 2001 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|