Springe nei ynhâld

Casus belli

Ut Wikipedy

Casus belli is in Latynske útdrukking dy't letterlik betsjut: "in saak fan oarloch". Yn it oarlochsrjocht wurdt hjirmei in die of foarfal oantsjut dêr't in oarloch mei útlokke wurdt of dêr't it begjinnen fan in oarloch troch de agressor mei rjochtfeardige wurdt. By in casus belli giet it om in direkte bedriging of oantaasting (fan 'e ear of weardichheid) fan in lân troch in oar lân, wylst it by it besibbe begryp casus foederis giet om 'e bedriging of oantaasting fan in bûnsgenoat, yn 'e regel ien dêr't men in formeel pakt foar mienskiplike ferdigening mei ûnderhâldt.

De term casus belli waard yn 'e santjinde en achttjinde iuw yn it ynternasjonaal rjocht yntrodusearre troch de wittenskippers Hugo de Groot (1653), Cornelis van Bijnkershoek (1707) en Jean-Jacques Bulamaqui (1732) as ûnderdiel fan 'e teory oer de rjochtfeardige oarloch. Mei weromwurkjende krêft wurde dizze term ek tapast op oanliedings ta oarloch út 'e tiid foar't de term casus belli yn gebrûk kaam.

By it utering jaan oan in casus belli leit in regear yn in formele ferklearring ornaris wiidweidich út wat de redens binne om in oarloch te begjinnen, hoe't men fan doel is om 'e oarloch út te fieren, en hokker stappen oft oaren nimme kinne om jin op oare gedachten te bringen en fan in oarloch ôf te hâlden. Dêrby wurdt yn 'e regel war dien om sjen te litten dat it oangean fan in oarloch inkeld in lêste ûntwyk (ultima ratio) is, en dat it oanbelangjende regear ien of mear jildige redens hat foar it begjinnen fan in oarloch dy't troch oaren ek as sadanich erkend wurde. Yn it moderne ynternasjonaal rjocht besteane der mar trije wettige redens om in oarloch te begjinnen: selsferdigening, ferdigening fan in bûnsgenoat neffens de betingsten fan in ynternasjonaal ferdrach, en as men de goedkarring fan 'e Feriene Naasjes hat.

Ferneamde casus belli út it ferline binne de moard op aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk, dêr't de Earste Wrâldoarloch yn 1914 mei begûn, de Dútske ynfal yn Poalen, dêr't de Twadde Wrâldoarloch yn 1939 mei begûn, de oanfal op Pearl Harbor, dy't yn 1941 foar de Feriene Steaten oanlieding wie om oan 'e Twadde Wrâldoarloch diel te nimmen, en de fermiende massaferneatigingswapens fan Saddam Hoessein, dy't yn 2003 foar de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten oanlieding foarmen om 'e Twadde Golfoarloch tsjin Irak te begjinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.