Springe nei ynhâld

Carrick

Ut Wikipedy
De lokaasje fan it eardere greefskip Carrick yn Skotlân.
Dizze side giet oer it eardere Skotske greefskip Carrick. Foar oare betsjuttings, sjoch: Carrick (betsjuttingsside).

Carrick (Ingelsk: Carrick, útspr.: ['kæɹɪk], likernôch: "kerrik"; Skotsk-Gaelysk: A' Charraig, útspr.: [ə 'xarˠɛkʲ], likernôch "uh charrekj") is in earder greefskip yn it súdwesten fan Skotlân, dat tsjintwurdich ûnderdiel útmakket fan Súd-Ayrshire. De namme 'Carrick' is in ferbastering fan it Skotsk-Gaelyske wurd carraig, dat "rots" of "rotsich plak" betsjut. It doarp Maybole wie fan âlds it haadplak fan Carrick.

In lânkaart fan it part fan it greefskip Súd-Ayrshire dat hjoed de dei as it histoaryske Carrick (read) beskôge wurdt.

De krite Carrick hearde oarspronklik ta it keninkryk Galloway en wie oant 1186 in hearlikheid. Dat jiers waard it yn lien jûn oan Duncan, de soan fan Gilbert fan Galloway, dy't de earste greve fan Carrick waard. Duncan syn soan Neil liet it greefskip nei oan syn erfdochter Marjorie. Fia har kaam de grevetitel yn 1292 yn 'e hannen fan har soan Robert fan Bruce, dy't yn 1306 as Robert I op 'e Skotske troan kaam.

Neitiid waard de titel 'greve fan Carrick' sadwaande droegen troch de keningen fan Skotlân en fan 1707 ôf troch de keningen fan Grut-Brittanje. Hjoed de dei is it ien fan de mindere titels fan 'e prins fan Wales (de Britske kroanprins), waans wichtichste Skotske titel 'hartoch fan Rothesay' is. As thúsbasis fan Robert fan Bruce en syn famylje hie Carrick yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1296-1328) gâns te lijen fan Ingelske ynfallen en plonderings.

Letter wie Carrick yn 'e sechstjinde en santjinde iuw it toaniel fan in oanhâldende yntra-familiale fete tusken de ûnderskate tûken fan it machtige Kennedy-laach. Yn 'e santjinde iuw wie Carrick, mei syn rûge terrein, boppedat in gaadlik taflechsoard foar de ferfolge presbyteriaanske Kovenanters. Dêrnjonken makke de fan grotten optillende kust it oant yn 'e njoggentjinde iuw in frijhaven foar smokkelders. De ferneamde Skotsktalige dichter Robert Burns fertsjinne yn Carrick yn it lêst fan 'e achttjinde iuw syn brea as kommys.

Uteinlik gie Carrick yn 1889 bestjoerlik op yn it greefskip Ayrshire. Fan 1975 oant 1996 bestie binnen de Skotske regio Strathclyde in leger bestjoersdistrikt dat de namme Kyle en Carrick droech. Yn 1996 waard dat omfoarme ta in unitêre autoriteit, en krige it de namme Súd-Ayrshire. Fan dat gebiet makket tsjintwurdich likernôch it súdlike twatrêde part it histoaryske Carrick út.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.