Bulgarije
| |||||
Offisjele taal | Bulgaarsk | ||||
Haadstêd | Sofia | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
110.994 km² 2,16% | ||||
Ynwenners (2021) | 6.875.040 | ||||
Munt | Lev (BGN) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 3 maart | ||||
Lânkoade | BGR | ||||
Ynternet | .bg | ||||
Tillefoan | 359 |
Bulgarije is in lân yn Súdeast-Jeropa. De haadstêd is Sofia.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bulgarije wurdt begrinzge troch:
- Roemeenje yn it noarden;
- de Swarte See yn it easten;
- Turkije en Grikelân yn it suden;
- Noard-Masedoanje yn it súdwesten.
- Servje yn it noardwesten;
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bulgarije leit yn it easten fan de Balkan. It regear hat syn sit yn de haadstêd Sofia. De wichtichste rivieren binne de Mariza en de Donau. Beide rivieren ha in grut ferskaat oan lytsere sydrivierkes. Berchgebieten binne it Balkanberchte, de Rodopen yn it westen, de Sakar en Strandscha yn it suden en it Rila- en Pirynberchte yn it súdwesten. De berch Musala (2,925 m) yn it Rilaberchte is de heechste berch op de Balkan.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bulgarije hat in midden-Jeropeesk lânklimaat mei waarme simmers en kâlde winters. Yn it suden fan it Balkangeberchte hearsket in sêfter klimaat mei mediterrane trekjes. De deitemperatuer leit trochstrings yn it binnenlân om de 24 graden. Yn july en augustus is de waarmste perioade fan it jier. It is dan trochstrings 27 graden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Donau-Bolgaren, in Turkske stam út Sintraal-Aazje en de lokale Slavyske befolking foarmen yn de 7e iuw de earste Bulgaarse steat. Yn de 14e iuw waard it oermastere troch it Ottomaanske Ryk.
Op 3 maart 1878 krige Bulgarije har selsstannigens werom as selsstannich prinsdom fan it Ottomaanske ryk en op 22 septimber 1908 folge folsleine ûnôfhinklikens mei de stifting fan in eigen keninkryk. Tidens de Balkanoarloggen en de Earste Wrâldkriich wûn en ferlear it grûngebiet.
Nei de Twadde Wrâldkriich kaam Bulgarije yn de ynfloedssfear te lizzen fan de Sovjetuny en soe it in kommunistyske folksrepublyk wurde. Doe't dêr yn 1990 in ein kaam oan it kommunistysk tiidrek waard Bulgarije in demokrasy.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte ynwenners fan Bulgarije binne etnyske Bulgaren (83,9%. Der is yn it lân in Turkske minderheid fan (9,4%) en lytsere groepen binne de Roma (4.7%), Russen (0,2%), Armeenjers (0,1%) en Masedoanjers. Bulgarije, hat noch altyd historyske oanspraken yn Masedoanje. Se beskôgje Masedoanje net as in aparte befolkingsgroep en de taal is neffens harren in Bulgaarsk dialekt.
De offisjele taal fan it lân is it Bulgaarsk dat mei it Syrillysk alfabet skreaun wurdt.
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste diel fan de befolking heart ta de Bulgaarsk-Ortodokse Tsjerke. Yn 1953 waard de Bulgaarske Tsjerke, dy 't yn 1946 ûntbûn wie opnij ynsteld. Der is ek in moslim minderheid.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bulgaarske muzyk wurdt ûnder leafhawwers fan wrâldmuzyk of folksmuzyk tige wurdearre fanwege it foarkommen fan tige ûnregelmjittige maatsoarten.
Bulgarije 's meast ferneamde komponist wie Pancho Vladigerov, syn wurk wie en is tige populêr. It konservatoarium yn Sofia is nei him neamd. In ferneamde komponiste en harpiste is Anna-Maria Ravnopolska-Dean.
De Bulgaren brûke it Syrilyske alfabet. Metodius en Syrillus fan Saloniki hawwe dit alfabet betocht. Sy binne wichtige persoanen yn de skiednis fan Bulgarije.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BYP per persoan is $11.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 6,2% lânbou, 32,3% yndustry en 61,5% tsjinsten.
Militêr
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bulgaarske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine. Yn 2008 wienen der 1.701.979 Bulgaarske mannen fan tusken 16-49 jier wêrfan 1.364.029 fit binne foar ynset. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 39.477. 2,6 % fan it BYP (2005) is ornearre foar militêre doelen.
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bulgarije leit op in strategysk geografysk plak. Al iuwen lang foarmet it lân in wichtich trochfierlân tusken Europa, Aazje en Afrika. It lân leit oan fiif fan de tsien pan-Europeeske transportrûtes. Ta rûte IX heard de ienichste brêge oer de Donau nei Roemeenje, de Freonskipbrêge fan 1954.
It dyknetwurk hat in totale langte fan 102.016 kilometer, wêrfan 93.855 ferhurde is. De totale langte oan autodyk is 441 kilometer.
Bulgarije hat likernôch 6.500 kilometer spoarwei, de earste spoarline waard lein yn 1866. Mear as 60% fan de spoarlinen binne elektrifisearre. It tal treinen dat fan it netwurk gebrûk makket is lyts, foar it ynterlokale ferkear foarmet de bus in better ferfiermiddel. It pleatslike busferfier is yn ûnôfhinklike stêdsmaatskippijen yndield, dat in kaartsje fan de iene stêd is net jildich yn in oare stêd.
Der binne fjouwer ynternasjonale fleanfjilden, de fleanfjilden lizze by Sofia en Plovdiv yn it eastlik part fan it lân en by Vargas en Boergas yn it westen fan it lân, oan de Swarte See. Der binne plannen foar in nij ynternasjonaal fleanfjild deunby de âlde haadstêd Veliko Tarnovo.
Njonken de fleanfjilden hawwe Varas en Boergas ek de beskikking oer twa seehavens oan de Swarte See. De grutste binnenhaven leit deunby Roese oan de Donau.
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boyanakerk
- Veliko Tarnovo de âlde haadstêd
- Ridder fan Madara
- Rotstsjerken fan Ivanovo
- Thrasysk grêf fan Kazanlak
- Âlde sintrum fan Nesebar
- Natuerreservaat Srebarna
- Nasjonaal park Pirin
- Rilakleaster
- Thrasysk grêf fan Sveshtary
- De sân formaasjes rûn Melnik
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Réunion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |