Beijing Schmidt CCD Asteroid Program
Appearance
It BAO Schmidt CCD Asteroid Program of Beijing Schmidt CCD Asteroid Program (SCAP) wie in projekt organisearre troch it Beijing Astronomysk Observatoarium en finansiere troch de Sineeske Akadeemje fan Wittenskippen yn de jierren 1990. It sykprogramma hie as doel om planetoïden en oare objekten yn de romte te finen, bygelyks ek ierdsjitters.
Fan 1995 oant 1999 ûntduts SCAP ien komeet, 2.460 nije asteroïden en waarden 43.860 oare asteroïden observearre, sadwaande wie it de op fjouwer nei grutste asteroïde-ûntdekker fan dy tiid. Fiif fan dy objekten binne asteroïden yn de buert fan de Ierde, dêr't twa fan as potinsjeel gefaarlik beskôge wurde. Yn 2002 waard ein asteroïde tichtby de Ierde, by de Moanne, ûntdutsen.
List fan ûntdutsen opmerklike objekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Foarearst oantsjut mei | Datum fan de ûntdekking | Opmerkingen |
---|---|---|---|
7072 Beijingdaxue | 1996 CB8 | 3 febrewaris 1996 | asteroïde ferneamd nei de Universiteit fan Peking |
7800 Zhongkeyuan | 1996 EW2 | 11 maart 1996 | asteroïde ferneamd nei de Sineeske Akadeemje fan Wittenskippen |
13651 | 1997 BR | 20 jannewaris 1997 | earste potinsjeel gefaarlike planetoïde (PHA) dy't SCAP ûntduts |
29552 Chern | 1998 CS2 | 15 febrewaris 1998 | asteroïde ferneamd nei de Sineeske wiskundige Chern Shiing-shen |
31065 Beishizhang | 1996 TZ13 | 10 oktober 1996 | asteroïde |
1998 CS1 | 9 febrewaris 1998 | potinsjeel gefaarlike planetoïde (PHA) | |
Zhu-Balam | C/1997 L1 | 3 juny 1997 | komeet ferneamd nei SCAP-haad Jin Zhu en mei-ûntdekker Dave Balam (Universiteit fan Victoria) |