Albany (New York)
Albany | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | New York | |
County | Albany | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 97.856↑ (2010) | |
Oerflak | 56 km² | |
Befolkingsticht. | 2.119 / km² | |
Stêdekloft | 857.592 | |
Hichte | 0-99 m | |
Oar | ||
Stifting | 1614 | |
Tiidsône | East (EST) (UTC-5) | |
Simmertiid | (UTC-4) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside Albany NY |
Albany is de haadstêd fan de Amerikaanske steat New York. De stêd leit yn it easten fan de steat yn Albany County, dêr't it ek it haadplak fan is. Albany leit benoarden fan de stêd New York, op it plak dêr't de rivieren de Mohawk en de Hudson by elkoar komme.
Albany hie yn 2006 93.963 ynwenners. In part fan de State University of New York is der festige.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albany ûntstie yn 1647 by it troch de Nederlanners yn 1624 stichte Fort Oranje, dat Fort Nassau ferfange moast. It fort wie in hannelspost dêr't fral beverpelzen fan de ynlânske befolking ynkocht waarden. De stêd hiet yn 't earstoan Beverwijck en wie de twadde stêd fan Nij-Nederlân nei Nij-Amsterdam. De stichter wie Brant fan Slichtenhorst. Yn 1660 hie de stêd 1050 ynwenners. De twa wichtichste strjitten hieten de Handelaersstraet (no Broadway) en de Jonckheerstraet (no State Street). De stêd hie ringsom in houten palissade.
Yn 1664 ferôveren de Ingelsken it gebiet. Se doopten it fort om yn Albany, ta eare fan de Hartoch fan Albany, de lettere kening Jakobus II fan Ingelân. Yn 1797 waard Albany de haadstêd fan de steat New York.
Stedebân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Albany
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Peter Gansevoort (17 july 1749), militêr
- Joseph Henry (17 desimber 1797), natuerkundige
- Philip Sheridan (6 maart 1831), generaal
- George Yates (26 febrewaris 1843), militêr
- Harold Chestnut (25 novimber 1917), elektrotechnikus
- Marion Zimmer Bradley (3 juny 1930), auteur
- William Devane (5 septimber 1937), akteur
- John McTiernan (18 jannewaris 1951), regisseur
- Jan Kerouac (16 febrewaris 1952), skriuwster
- Kirsten Gillibrand (9 desimber 1966), senator
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Albany, New York fan Wikimedia Commons. |