Evangeelje fan de Ebioniten: ferskil tusken ferzjes
ynfoboks |
No edit summary |
||
Rigel 11: | Rigel 11: | ||
| skreaun = ûnbekend (ferlern gien) |
| skreaun = ûnbekend (ferlern gien) |
||
}} |
}} |
||
It '''''Evangeelje fan de Ebioniten''''' wie in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is ien fan 'e [[joadsk-kristlike evangeeljes]], en neffens de tradysje fan 'e iere Tsjerke wie it yn gebrûk by de sekte fan 'e [[Ebioniten]], al hawwe moderne ûndersikers dêr (noch) gjin bewiis foar ûntdekke kind, dat dy bewearing wurdt tsjintwurdich as twifelich beskôge. It [[evangeelje]] sels is net oerlevere, inkeld sân koarte sitaten derút yn it ''Panarion'', in [[heresiology]] dy't skreaun is troch [[Epifanius fan Salamis]]. Epifanius misidentifisearre it ''Evangeelje fan de Ebioniten'' as in [[ |
It '''''Evangeelje fan de Ebioniten''''' wie in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is ien fan 'e [[joadsk-kristlike evangeeljes]], en neffens de tradysje fan 'e iere Tsjerke wie it yn gebrûk by de sekte fan 'e [[Ebioniten]], al hawwe moderne ûndersikers dêr (noch) gjin bewiis foar ûntdekke kind, dat dy bewearing wurdt tsjintwurdich as twifelich beskôge. It [[evangeelje]] sels is net oerlevere, inkeld sân koarte sitaten derút yn it ''Panarion'', in [[heresiology]] dy't skreaun is troch [[Epifanius fan Salamis]]. Epifanius misidentifisearre it ''Evangeelje fan de Ebioniten'' as in [[Hebriuwsk]] evangeelje, en brûkte de passaazjes dy't er oanhelle om ferskillen oan te tsjutten tusken it [[leauwe]] en de praktisearring fan 'e Ebioniten en de kristlike otterdoksy sa't dy fêstlein wie yn 'e [[dogma|dogma's]] fan it [[Konsily fan Nicea|Konsylje fan Nikéa]]. |
||
Hoewol't de oarspronklike titel ûnbekend is, kin tsjintwurdich wol mei wissichheid steld wurde dat de tekst dy't no bekendstiet as it ''Evangeelje fan de Ebioniten'' in yn it [[Gryksk]] skreaune [[evangeeljeharmony]] wie, wêryn't de fjouwer [[kanonike evangeeljes]] mei-inoar en mei de sterk troch it [[joadendom]] beynfloede kristlike [[teology]] fan 'e skriuwer fermongen waarden. Dy [[skriuwer]] is anonym, en de tekst moat nei gedachten datearre wurde yn 'e midden fan 'e [[twadde |
Hoewol't de oarspronklike titel ûnbekend is, kin tsjintwurdich wol mei wissichheid steld wurde dat de tekst dy't no bekendstiet as it ''Evangeelje fan de Ebioniten'' in yn it [[Gryksk]] skreaune [[evangeeljeharmony]] wie, wêryn't de fjouwer [[kanonike evangeeljes]] mei-inoar en mei de sterk troch it [[joadendom]] beynfloede kristlike [[teology]] fan 'e skriuwer fermongen waarden. Dy [[skriuwer]] is anonym, en de tekst moat nei gedachten datearre wurde yn 'e midden fan 'e [[twadde iuw]]. Opmerklike skaaimerken fan it ''Evangeelje fan de Ebioniten'' binne it ûntbrekken fan 'e berte en [[geneälogy]] fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]]; in [[adopsjonisme (kristendom)|adopsjonistyske]] [[kristology]] (wêrby't Jezus net berne waard as de Soan fan God, mar by syn [[doop]] yn 'e rivier de [[Jordaan]] as sadanich ''oannommen'' waard); Jezus syn opleine taak om 'e joadske [[biste-offer]]s te beëinigjen; en it útdragen fan [[fegetarisme]]. |
||
== Keppelings om utens == |
== Keppelings om utens == |
De ferzje fan 21 mrt 2016 om 09.24
Evangeelje fan de Ebioniten | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend (ferlern gien) |
It Evangeelje fan de Ebioniten wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e joadsk-kristlike evangeeljes, en neffens de tradysje fan 'e iere Tsjerke wie it yn gebrûk by de sekte fan 'e Ebioniten, al hawwe moderne ûndersikers dêr (noch) gjin bewiis foar ûntdekke kind, dat dy bewearing wurdt tsjintwurdich as twifelich beskôge. It evangeelje sels is net oerlevere, inkeld sân koarte sitaten derút yn it Panarion, in heresiology dy't skreaun is troch Epifanius fan Salamis. Epifanius misidentifisearre it Evangeelje fan de Ebioniten as in Hebriuwsk evangeelje, en brûkte de passaazjes dy't er oanhelle om ferskillen oan te tsjutten tusken it leauwe en de praktisearring fan 'e Ebioniten en de kristlike otterdoksy sa't dy fêstlein wie yn 'e dogma's fan it Konsylje fan Nikéa.
Hoewol't de oarspronklike titel ûnbekend is, kin tsjintwurdich wol mei wissichheid steld wurde dat de tekst dy't no bekendstiet as it Evangeelje fan de Ebioniten in yn it Gryksk skreaune evangeeljeharmony wie, wêryn't de fjouwer kanonike evangeeljes mei-inoar en mei de sterk troch it joadendom beynfloede kristlike teology fan 'e skriuwer fermongen waarden. Dy skriuwer is anonym, en de tekst moat nei gedachten datearre wurde yn 'e midden fan 'e twadde iuw. Opmerklike skaaimerken fan it Evangeelje fan de Ebioniten binne it ûntbrekken fan 'e berte en geneälogy fan Jezus fan Nazaret; in adopsjonistyske kristology (wêrby't Jezus net berne waard as de Soan fan God, mar by syn doop yn 'e rivier de Jordaan as sadanich oannommen waard); Jezus syn opleine taak om 'e joadske biste-offers te beëinigjen; en it útdragen fan fegetarisme.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Citations, Sources en Further Reading, op dizze side. |