Springe nei ynhâld

Seksisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seksist)
Yngong fan de National Association Opposed To Woman Suffrage

Seksisme of geslachtsdiskriminaasje is it fellen fan in weardeoardiel op grûn fan immens sekse. Dit kin liede ta diskriminaasje wêrby't minsken fûngelyk behannele wurde, bygelyks yn taalgebrûk, op grûn fan harren geslacht/sekse. Seksisme kin liede ta foarmen fan ûnderdrukking. It omkearde is sekseneutraliteit.

It wurd seksisme wurdt ten ûnrjochte faak brûkt yn assosjaasje mei seks of erotyk.

Seksisme algemien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek geslachtsrol-stereotypen oer manlikheid en froulikheid falle ûnder it begryp seksisme. Dizze stereotypen hawwe soms ûnderbewust ynfloed op ús gedrach. Foar dizze foarm is de term genderisme betocht.

Ekstreme foarmen fan seksisme binne manljushaat (misandry) of frouljushaat (misogyny).

Frouljusdiskriminaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast foarkommende foarm fan seksisme utert him yn diskriminaasje fan froulju.

De frouljusbeweging bestrydt al sûnt hat ûntstean de beneidieling en diskriminaasje fan froulju. Dit hat effekten hân op nasjonale en ynternasjonale wetjouwing: der bestiet in Ynternasjonaal Ferdrach ta Utbanning fan Frouljusdiskriminaasje, koartwei it FN-Frouljusferdrach. Der is in soad ûndersyk dien nei foarmen fan frouljusdiskriminaasje.

Manljusdiskriminaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn westerske lannen is sûnt ûngefear 1980 in trend te bespeuren om ek omtinken te jaan oan de efterstelling fan manlju op bepaalde gebieten, lykas âlderskip. Soms kin sprutsen wurde fan heitediskriminaasje. Der is in dúdlik ferskil yn de posysje fan de seksen yn westerske en net-westerske lannen.

De stúdzje nei geslachtsrollen en de feroaring fan stereotypen wurdt faak oantsjutten mei de term genderstúdzjes. It Ingelske begryp gender wurdt brûkt om de sosjaal-maatskilike rol en ek de selsbelibbing fan in yndividu te ûnderskieden fan syn biologyske seksualiteit.