Springe nei ynhâld

Near Earth Asteroid Tracking

Ut Wikipedy
It tal objekten dat by ferskillende projekten fûn is (NEAT - grien, LINEAR - blau)

Near-Earth Asteroid Tracking (NEAT) wie in gearwurkingsprojekt fan NASA en Jet Propulsion Laboratory mei de opset om Ierdskearders te ûntdekken. It NEAT-project waard mei út ein set yn desimber 1995 en duorre oant april 2007.[1]

De wichtichste ûndersiker wie Eleanor F. Helin, mei-ûndersikers wiene Steven H. Pravdo en David L. Rabinowitz.

NEAT hie in oerienkomst mei de United States Air Force om in GEODSS teleskoop brûke te meien, op Haleakala, Maui, Hawaii. GEODSS is de ôfkoarting fan Ground-based Electro-Optical Deep Space Surveillance. Dy teleskopen waarden ûntwikkele om romteskippen yn harren baan om de ierde optysk te folgjen. It NEAT-team ûntwikkele in CCD-kamera en kompjûtersysteem foar de GEODSS teleskopen. It formaat fan de CCD-kamera is likernôch 4096 × 4096 piksels en yt gesichtsfjild is ûngefear 1.2° × 1.6°.

April 2001 waard teffens de Samuel Oschin teleskoop (1.2 meter Schmidt teleskoop op it Palomar Observatory) yn gebrûk naam. Dy teleskoop hie in kamera mei 112 CCDs fan elts 2400 × 600 en makke de bylden dy't laat hawwe ta de ûntdekking fan (50000) Quaoar yn 2002, (90377) Sedna yn 2003 (publisearre yn 2004) en de dwerchplaneet Eris.

Neist it ûntdekken fan tûzenen planetoïden hat NEAT sines ek dien ta de ûntdekking fan de komeet 54P/de Vico–Swift–NEAT en de Stjer fan Teegarden. Op 24 augustus 2001 ûntduts NEAT de komeet C/2001 Q4 (NEAT).

Ta eare fan NEAT is der yn 2005 in planetoïde nei ferneamd, (64070) NEAT.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.lpi.usra.edu/meetings/acm2008/pdf/8086.pdf

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]