Springe nei ynhâld

Mandorla

Ut Wikipedy

In mandorla is in amandelfoarmige figuer, dêr't faak Kristus of in hillige yn ôfbylde wurdt. "Mandorla" is it Italiaanske wurd foar amandel. De mandorla is ûntstien troch twa sirkelsegminten dy't in amandelfoarmige figuer foarmje. It symbolisearret it gearkommen fan twa wrâlden. Yn de ierkristlike keunst betsjutte it mandorla bygelyks it gearkommen fan himel en ierde. Wannear't Kristus of Maria ôfbylde wurdt, is de mandorla fertikaal rjochte. Mei Maria wurdt de mandorla faak tapast yn de saneamde marianums.

In mandorla ûnderskiedt him fan in aureoal trochdat er it hiele lichem omsirkelet en net allinnich de holle. It wurdt faak brûkt om de figuer fan Kristus yn Majesteit te omlisten yn iermidsiuwske en Romaanske keunst, lykas ek yn Byzantynske keunst út deselde perioaden. It is de foarm dy't oer it algemien brûkt wurdt foar midsiuwske tsjerklike segels; wrâldlike segels binne oer it algemien rûn.