Springe nei ynhâld

Omslach

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kaft)
It foarplat fan 'e omslach fan in Frysktalige útjefte fan Utjouwerij Elikser út 2015.

In omslach of (om)kaft is it kartonnene of papierrene omklaaisel fan in boek of tydskrift. Spesifyk by boeken wurdt ek wol de term boekbân brûkt, wylst it Ingelske cover in wat bredere betsjutting hat en ek fan tapassing wêze kin op muzykalbums en oanbesibbe saken. By tydskriften is de omslach yn 'e regel fan papier makke; by paperbacks fan tin, bûchsum karton; en by hardcovers fan hurd, ûnbûchsum karton, mei faak noch in losse, papierrene stofomslach deromhinne dy't de eigentlike omslach beskermet en dêr mei sydflappen omhinne teard sit.

By boeken bestiet in omslach út trije dielen: it foarplat, de rêch, en it efterplat. Tusken it foar- en efterplat yn sit it boekblok, besteande út 'e gearbûne en/of ynlime katernen (siden). It karton fan 'e boekbân wurdt foarsjoen fan in papierrene of linnense beklaaiïng, dy't bedrukt of bestimpele wurde kin. Foarhinne, en noch wol by lúkse útjeften, waard ek wol gebrûk makke fan in learene of perkamintene beklaaiïng, en yn guon gefallen wurdt de omslach sels beklaaid mei batikte stof of finear (hout). Yn 'e Aldheid en de Midsiuwen wie meastal de hiele boekbân fan hout of tige tsjûk lear, soms fersierd mei ynlein blêdgoud en/of ealstiennen. Fierders sjocht men tsjintwurdich soms ek wol plestik as beklaaiïngsstof op it ûnderlizzend karton.

De omslach wurdt om it boekblok hinne oanbrocht troch in boekbiner (tsjintwurdich yn 'e regel in yndustriële boekbinerij), dy't dêrfoar withoefolle soms iuwenâlde techniken brûkt. Tsjintwurdich wurdt faak in bysûndere foarmjouwing fan 'e omslach makke troch in boekbânûntwerper of grafysk foarmjouwer, wat in soarte fan keunstner is. Op it foarplat wurde de titel fan it boek en ornaris ek de namme fan 'e skriuwer fermelden, soms mei dêropta in ûndertitel en/of de searje dêr't it boek diel fan útmakket. It efterplat is faak wijd oan 'e blurb, in koarte beskriuwing fan 'e ynhâld fan it boek, en mooglik wat ynformaasje oer de skriuwer.

Op 'e rêch stiet nochris de titel en de namme fan 'e skriuwer fermelden, en faak ek it logo fan 'e útjouwerij. Yn 'e regel is op 'e rêch de titel 90° draaid, mar der bestiet ynternasjonaal gjin oerienstimming yn hokker rjochting; as in Frysk-, Nederlânsk- of Ingelsktalich boek op in plat oerflak leit mei de foarside nei boppen ta leit, is de rêchtitel (by moderne útjeften) te lêzen, mar Dútsktalige boeken en útjeften yn 'e measte Súdjeropeeske talen moatte dêrfoar mei de efterkant nei boppen ta lizzen. Men kin sadwaande faak oan 'e rêchtitel sjen oft in boek yn it bûtenlân printe is, mei't bgl. in Dútske útjouwer de titel fan in Nederlânsktalich boek faak ferkeard om pleatse sil.

As de boekbân foarsjoen is fan in stofomslach, is de yndieling meastal justjes oars. Op 'e eigentlike boekbân stiet dan faak neat of inkeld de titel en mooglik de namme of inisjalen fan 'e skriuwer. De foarside en de rêch fan 'e stofomslach binne gelyk oan 'e fêste omslach fan oare boeken, mar op 'e efterkant fan in stofomslach wurde faak inkeld loovjende resinsjes oanhelle, wylst de blurb en ynformaasje oer de skriuwer op 'e beide omsleine binnenflappen fan 'e stofomslach steane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.