Konstantine (Algerije)
Konstantine عنابة (Arabysk) ⵇⵙⵏⵟⵉⵏⴰ (Berbersk) Constantine (Frânsk) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Algerije |
Provinsje | Konstantine (provinsje) |
Distrikt | Konstantine (distrikt) |
Sifers | |
Ynwennertal | 464.219 (2018) |
Oerflak | 2.288 km² |
Befolkingstichtens | 200/km² |
Stêdekloft | 943.112 |
Hichte | 694 m |
Oar | |
Stifting | 203 f.Kr. as Sirta |
Tiidsône | UTC+1 |
Koördinaten | 36° 21' NB, 6° 36' EL |
Konstantine (Arabysk: قسنطينة Qusanṭīnah, ek wol stavere as Qacentina of Kasantina, Berbersk: ⵇⵙⵏⵟⵉⵏⴰ, Frânsk: Constantine), is de haadstêd fan de provinsje Konstantine yn it noardeasten fan Algerije. Yn de âldheid waard it plak Sirta neamd en waard it ta eare fan keizer Konstantyn de Grutte Constantina neamd. It plak wie oant 1962 de haadstêd fan it Frânske departemint Konstantine. De stêd leit yn it binnenlân likernôch 80 km besuden de Middellânske See oan de ouwers fan de rivier de Rhumel.
Konstantine wurdt ek wol sjoen as de haadstêd fan eastlik Algerije en it plak is it kommersjele sintrum fan de regio. De stêd hat likernôch 450.000 ynwenners en is dêrmei de tredde stêd fan Algerije, nei Algiers en Oran. Der binne ferskate museums en histoaryske gebouwen yn de stêd. Konstantine is ferneamd as de "stêd fan de brêgen", dy't de ferskate heuvels, dellings en kleauwen, dêr't de stêd op en omhinne boud waard, ferbine.
Konstantine wie yn 2015 de Kulturele Haadstêd fan de Arabyske Wrâld
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlde namme Sirta komt nei alle gedachten fan de Semityske woartel QRTN, dat mooglik as Qirta (قرة) útsprutsen waard en dat yn it Fenisysk "doarp" of "stêd" betsjutte. De Romeinen sprutsen it út as Sirta.
Dy hypoteze bringt de namme Sirta tichterby de namme Kartago (Qirta Hadcha قرة حدشة) dat "nije stêd" yn it Fenisysk betsjutte. In oare mooglikheid is dat de namme fan it Berberske tissirt komt, dat nôtberch betsjut, ferwizende nei de grutte hoemannichte nôt yn de omkriten.
De stêd waard werneamd as Constantina ta eare fan keizer Konstantyn de Grutte. De hjoeddeistige offisjele namme is Qacentina en yn it Algerynsk-Arabysk is it Ksentina.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sirta.
De stêd waard ynearsten troch Fenysjers stifte, mar waard letter troch de Numydjers, dy't in Berbersk folk wiene, oermastere. Harren kening Syffaks makke Sirta ta syn haadstêd. Dêrnei kaam de stêd ûnder Kartaachsk bestjoer, mar nei harren belies yn de Tredde Punyske Oarloch kaam Sirta wer oan Numydje. Yn 112 f.Kr. waard de stêd troch de Numidyske kening Jugurta beset, nei't er syn healbroer Adherbal ferslein hie. Letter tsjinne de stêd as útfalsbasis fan de romeinske generaals Kwintus Sesilius Metellus Numidikus en Gaius Marius yn harren kriich tsjin Jugurta. Nei't kening Juba I en de oerbleaune troepen fan Pompejus ferslein waarden yn 46 f.Kr. joech Julius Caesar de boargers fan Sirta, dat doe Colonia Sittlanorum hiet, spesjale rjochten.
Yn 311 n.Kr. waard de stêd ferwoastge yn de boargerkriich tusken keizer Maksintius en de eardere gûverneur fan Afrika, Domitius Aleksander. De stêd waard yn 313 fannijs opboud en krige doe de namme Colonia Constantina of gewoanwei Constantina, nei keizer Konstantyn de Grutte dy't Maksitius fersloech. Yn 432 bemasteren de Fandalen Konstantine en fan 534 oant 697 wie it in part fan it Byzantynske Ryk. Dêrnei waard de stêd troch de Arabieren oermastere dy't it Qacentina neamden.
Yn de alfde iuw setten de Banu Hilal, in arabyske stamme, harren nei wenjen yn Tripolitaanje, Tuneezje en eastlik Algerije.
Lettere ûntjouwings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tolfde iuw bloeide de stêd wer op ûnder de hearskippij fan de Almohaden en de Hafsiden en hie de stêd hannelsrelaasjes mei Pisa, Genua en Feneesje. Nei 1529 wie de stêd part fan it Ottomaanske Ryk. Under it gûverneurskip fan Salah Bey ben-Mostafa, fan 1770 oant 1792, waard de stêd ferrike mei islamityske arsjitektuer dy't hjoed-de-dei noch te sjen is. Yn 1837 kaam de stêd ûnder Frânsk bestjoer, nei't dy Algerije oermasteren. Fan 1848 oant 1962 wie Konstantine in yntegraal part fan Frankryk en waard it de haadstêd fan it nij stifte departemint Konstantine. Yn 1880 waard der yn Konstantine troch de Frânske medikus Charles Louis Alphonse Laveran, doe't er dêr yn in militêr sikehûs wurke, ûntdutsen dat malaria feroarsake wurdt troch in protozoä. Hy naam de parasiten yn in bloedplak fan in soldaat, dy't krekt dêrfoar oan malaria ferstoarn wie, waar. Dêrfoar krige er yn 1907 de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde. Dat wie de earste kear dat bewiisd waard dat protozoä in oarsaak fan sykte wiene. Syn wurk helpte mei foar it oansetten fan fierder ûndersyk foar it sykjen fan in genêzing fan malaria yn bisten.
Yn 1934 fûn der in grutte anty-joadske pogrom, troch islamiten, plak yn Konstantine, dêr't 34 Joaden by omkamen.
Yn de Twadde Wrâldkriich brûkten Alliearde striidkrêften, foar harren kampanje yn Noard-Afrika, Konstantine en de oare tichteby lizzende plakken Sétif en Bône as útfalsbasissen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Konstantine leit op in plato mei in hichte fan 640 meter boppe seenivo. Nijsgjirrich is de grutte kleau fan de rivier de Rhumel dy't troch de stêd rint en dêr't sân brêgen oerhinne rinne. Konstantine leit yn in gebiet mei in ryk ferskaat oan lânbou en is it sintrum fan de nôthannel en hat fjouwer moalfabriken, in trekkerfabryk, en fabriken dy't tekstyl, wol, linnen en learen guod produsearje. De wichtichste merken dêrfoar binne Algerije en Tuneezje.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Musée National Cirta, earder it Gustave Mercier Museum (útstalling fan âlde en nije Algerynske keunst)
- Moskee Abd al Hamid Ben Badis
- De Kasba (Kasba)
- Emir Abd al-Qadir Universiteit en Moskee
- Soumma Mausoleum
- Mausoleum fan Massinissa
- Paleis fan Ahmed Bey
- Ruïnen fan de Antonianus romeinske akwadukt
- Ben Abdelmalek Stadion
- De romeinske stêd Tiddis flakby
- De megaliten en begraafplakken yn Djebel Mazala Salluste.
Brêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Brêge El-Kantara, earste foto, 1856 troch John Beasley Greene
-
Brêge oer de wetterfallen
-
Brêge Sidi-M'Cid
-
Brêge Sidi Rached
-
Brêge El-Kantara
-
De âlde stêd
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes et Références, op dizze side.
|