Springe nei ynhâld

Nijebiltsyl

Ut Wikipedy

Nijebiltsyl (Biltsk: Nije-Syl) is in buorskip yn de gemeente It Bilt. Nijebiltsyl leit benoarden Aldebiltsyl en der wenje likernôch 150 minsken. De namme komt ek foar as Nieuwe Biltzijl, Nijesyl, Nije Siel en Nye Syl. Dy syl waard yn 1600 oanlein yn in nije seedyk. As ûnderskied mei Aldebiltsyl kaam er oan syn namme.

Fan de seedyk benoarden it buorskip ôf is by klear waar It Amelân goed te sjen. Efter de seedyk leit it kweldergebiet Noarderleech, dêr't hja kuierje kinne en wêr't boppedat in âlde bunker út de Twadde Wrâldkriich te besjen is.

In panorama-útsjoch fan 'e seedyk by Nijebiltsyl ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: