Franz Stangl
Franz Paul Stangl (Altmünster, 26 maart 1908 - Düsseldorf, 28 juny 1971) wie in Eastenrykske kriichsmisdiediger út de Twadde Wrâldkriich. Hy hie de lieding fan it Eutanasysintrum Hartheim en wie kampkommandant fan de ferneatigingskampen Sobibór en Treblinka. Neffens eigen sizzen wurke er ek yn it Eutanasysintrum Bernburg, mar dêr is gjin bewiis fan. Stangl waard yn 1970 foar mandélichheid yn de moard fan teminsten 400.000 minsken feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf.
Karriêre
Stangl, fan oarsprong wever fan berop, moast yn 1931 fanwegen sûnens syn âlde berop opjaan en melde him doe foar in oplieding by de plysjekazerne fan Linz. Nei in jier waard Stangl by de ferkearsplysje ynset, letter by de misdiedbestriding. De oplieding einige yn 1933. Stangl troude yn oktober 1935 mei Theresa Eidenböck. Tegearre krigen hja trije dochters. Hy krige in ûnderskieding foar it finen fan in wapenplak fan de doe yn Eastenryk noch yllegale NSDAP, itjinge ta in promoasje liede by de resjerzje. Yn 'e hjerst fan 1935 waard Stangl oerpleatst nei de politike ôfdieling fan de Kriminal Polizei yn Wels.
NSDAP
Yn maart 1938 waard Stangl lid fan de NSDAP (lidnûmer 6.370.447) en de SS (lidnûmer 296.569). Doe't nei de Anschluss yn 1939 de politike ôfdieling fan de Kripo troch de Gestapo oernommen waard en nei Linz ferhûze, krige Stangl dêr in foaroansteande posysje en de lieding oer it Judenreferat, it Buro foar Joadske Saken. It fersyk fan syn meardere om him as lid fan de Roomsk-Katolike Tsjerke troch te skrassen makke er fuortendaliks yn oarder.
Aktion T4
Yn 1940 krige er as luitenant fan de uniformearre plysje de ferantwurdlikens oer it nazy-eutanasysintrum yn Hartheim. Yn it sintrum, dêr't yn it ramt fan de Aktion T4 minsken mei in psychyske en/of in fysike beheining waarden fergast, tekene Stangl ûnder de koadenamme "Staudt". Franz Reichleitner, in plysjekammeraat fan Stangl, wie dêr syn plakferfanger.
Wylst de fergassingsdokter Georg Renno sneins yn de binnenhôf fan it Slot Hartheim fluitkonserten joech, spile Stangl siter.
Yn oktober 1941 krige Stangl oerpleatsing nei it Eutanasysintrum Bernburg. Yn febrewaris 1942 kaam er werom nei Hartheim en moast er him by de T4 yn Berlyn melde. Dêr krige Stangl de opdracht him by Odilo Globocnik yn it Poalske Lublin te melden, dy't belest wie mei de organisaasje fan de Aktion Reinhardt, de koadenamme fan de systematyske moard op de joadske befolking yn Poalen.
Aktion Reinhardt
Fan Globocnik krige Stangl as kampkommandant yn maart 1942 de opdracht om it ferneatigingskamp Sobibór te bouwen. Oant syn oerpleatsing nei Treblinka waarden yn Sobibór likernôch 100.000 joaden fermoarde. De opfolger fan Stangl yn Sobibór wie Franz Reichleitner, dy't him earder yn Hartheim ferfong.
Yn Treblinka hie kampkommandant Irmfried Eberl in rommel makke fan de organisaasje fan it ferneatigingskamp. Op dat stuit wie Treblinka it grutste ferneatigingskamp fan de nazy's yn Poalen en oer it hiele kampterrein leine bulten liken; it kamppersoniel slagge der net mear yn de slachtoffers op tiid yn massagrêven te bedobjen. Odilo Globocnik en ynspekteur Christian Wirth stelden Erberl ferantwurdlik foar de disoarder en lieten him ferfange troch Stangl, dy't de ferneatiging fan de grutte transporten ta folle tefredenens fan syn superieure útfierde. Neffens Jankiel Wiernik (1889-1972), dy't by de opstân fan 2 augustus 1943 wist te flechtsjen en de kriich oerlibbe, sei Stangl doe't de nije gaskeamers yn Treblinka foltôge waarden: "Endlich ist der Judenstadt fertig".[1]
Al gau nei de opstân yn Treblinka waard Stangl mei in grut part fan personiel fan Aktion Reinhardt oerpleatst om yn it ramt fan Operationszone Adriatisches Küstenland yn it noardeasten fan Itaalje de partizanen oan te pakken en dêr de deportaasjes fan de joaden te regeljen. Under Christian Wirth liede er de Einheit R III yn Udine en wied er warber by de deportaasje fan de joaden út Feneesje. Nei de dea fan Wirth yn maaie 1944 liede Stangl Einheit R II yn Fiume. Ek wie Stangl belutsen by in bouprojekt fan de SS yn de Po-flakte, dêr't tûzenen Italjaanske twangarbeiders oan wurken. Mei it naderjen fan de oerwinning fan de Alliearden loeken de ienheden harren út Noard-Itaalje werom.
Finzenis en flecht
De Amerikanen pakten Stangl yn Attersee op en as lid fan de SS waard er yn kamp Glasenbach finzen holden. Op dat stuit hiene de Amerikanen noch hielendal net yn 'e rekken wat Stangl syn rol wie yn de ferneatigingskampen. Wat Stangl al sei wie dat er yn Itaalje tsjin de partizanen fochten hie. Nei twaëninheal jier finzenis waard Stangl yn 1947 oerdroegen oan Eastenryk, dy't him yn Linz fêstholden om syn rol yn de Aktion T4 te ûndersykjen, dat yn 1948 ta it Hartheim-proses yn Linz liede. Doe 't Stangl fan syn frou hearde dat de eardere sjauffeur fan it Hartheim-personiel feroardiele wie ta fjouwer jier finzenis, flechte er 30 maaie 1948 op oantrún fan syn frou mei Gustav Wagner, dy't al yn de tiid fan Hartheim en letter ek yn Sobibór in goede bân mei Stangl hie. By de flecht makken se gebrûk fan de saneamde Ratteliny oer Graz, Meran en Florâns nei Rome. De "brune" Eastenrykske biskop Alois Hudal regele foar him in pas fan it Reade Krús en in fisum. Sa wist Stangl te ûntkommen nei Syrje. Paus Pius XII sette Hudal foar syn krewearjen foar de nazy's as biskop ôf en twong him it diplomatike paspoart fan it Fatikaan yn te leverjen. Yn Damaskus wurke Stangl ynearsten as wever by in bedriuw en yn desimber 1949 fûn er wurk as technikus. Yn maaie 1949 liet er syn frou mei bern oerkomme.
Brazylje
Stangl emigrearre yn 1951 mei syn hûshâlding nei São Paulo. Hy fûn wurk as wever by de tekstylfabryk Sutema en krige dêr letter wurk as yngenieur. Al twa moanne nei syn oankomst bouden de Stangls in lyts hûs yn São Bernardo do Campo. Syn frou fûn wurk yn de boekhâlding by Mercedes-Benz. Troch in kollega fan har koe Stangl yn oktober 1959 wurk krije by Volkswagen do Brasil. De famylje Stangl ferhûzen yn 1965 nei in grutter hûs yn it stedsdiel Brooklin fan São Paulo en wennen dêr gewoan ûnder harren eigen namme.
Feroardieling
Alhoewol't bekend wie dat Stangl skuld hie oan de dea fan in miljoen minsken, stie syn namme pas yn 1961 foar it earst op de list fan sochte minsken fan de Eastenrykske justysje. Op oantrún fan Simon Wiesenthal pakten de Braziliaanske autoriteiten Stangl op 28 febrewaris 1967 op. Stangl waard op 23 juny 1967 útlevere oan Dútslân. Der folge in proses en op 22 desimber waard Stangl feroardiele ta libbenslang foar de mienskiplike skuld oan de moard op minstens 400.000 joaden. Stangl gyng yn heger berop, mar ferstoar op 28 juny yn it detinsjesintrum oan hartfalen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Franz Stangl
|
- Eastenryksk plysjeman
- Eastenryksk soldaat
- Kamppersoniel yn Sobibór
- Kamppersoniel yn Treblinka
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SS
- Lid fan de Gestapo
- Brazyljaansk fabryksarbeider
- Brazyljaansk persoan fan Eastenryksk komôf
- Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden
- Persoan feroardiele foar moard
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Persoan berne yn 1908
- Persoan stoarn yn 1971