Springe nei ynhâld

Widze

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 feb 2017 om 20.08 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In widze.

In widze is in lyts bêd dat spesjaal bedoeld is foar in poppe of in hiel jonge pjut. Sa'n bedsje is minimaal 30 sm djip, 45 sm breed en 80 sm lang. As de sydwanden hielendal of foar in part besteane út spilen, moatte dy't tusken de 4½ en 6½ sm breed wêze. Typysk foar in widze is in oerkaping mei in bêdhimel, dy't almeast wyt is en makke is fan tige fine stof. Foarhinne waard de beklaaiïng fan in widze faak makke út 'e stof fan 'e breidsjurk fan 'e mem fan 'e poppe dêr't de widze foar bedoeld wie; dêrfandinne de wite kleur. Tsjintwurdich wurde in protte poppen daliks nei de berte yn in bernebêd lein, al hawwe guon âlden noch wol in ekstra widze yn harren eigen sliepkeamer, foar as de poppe nachts wekker wurdt.

Der binne ferskillende soarten widzen, lykas 'gewoane' steande widzen, widzen mei in skommelmeganisme en hingwidzen dy't gjin poaten hawwe, mar mei touwen of keatlings oan it plafon befêstige wurde. In protte jonge âlden hawwe der niget oan om út in gefoel fan nostalgy de widze dêr't se sels yn lein hawwe, fan harren eigen âlden oer te nimmen. As men soks útfynt, is it lykwols in goed idee om ris nei de feilichheid fan sa'n âld meubel te sjen.

Yn earder tiid waarden poppen nammentlik yn 'e widze lein sûnder dat der al te kritysk kontrolearre waard oft dy wol feilich wie. Oant in poppe likernôch in fearnsjier âld is en de krêft en de spierbehearsking kriget om himsels om te draaien, kin der net folle mis gean. Dêrnei ûntstiet lykwols de kâns dat de poppe komt te stikken as er himsels mei it gesicht tsjin 'e sydwanden oan draait. In feilige widze hat dêrom sydkanten dy't besteane út spilen of in oare iepen struktuer, sadat de poppe yn sa'n gefal dochs noch sykhelje kin. In widze mei grutte iepenings tusken de spilen moat lykwols wer mei luchttrochlittige stof beklaaid wurde om beknipingsgefaar foar te kommen. Fierders moat it ûnderstel fan in widze goed stevich wêze, sadat it gehiel net kantelje kin as de poppe him bgl. oan ien fan 'e sydkanten omheech lûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.